It Frysk yn ’e fleur
Ik begryp dy lju net dy’t erflik en ivich mar steane
te tsjouwen dat it op ’e non rint mei ús einlânske sprake; it spul soe slim
ferkâlden wêze en omtinken nei de lodde rûke. En dan bedoele se net, om’t de
seespegel de takomme jierren in metermannich omheechgean sil. Nee, de rot komt
fan binnen út, sizze se.
Begripe jo sokke biddelsekken no?
No, ikke net!
It giet ommers dat it slydjaget, man! Men hoecht allinnich mar op ’e Frysktalige FB-siden en heitelânske nijsmedia om te sneupen en sjuch hoe’t it hjoeddeis liket mei ús memmetaal — de stylfigueren lizze dêr foar de krij. Ik-sei-de-gek lear dêr teminsten in protte fan. Ik bin al sechstich jier om utens, sjuch, dat myn Frysk stekt der sa allinkelytsen in strikende minne skôging út. Ik moat alle writen dwaan om it troch de wei fan dy FB-siden en de Ljouwerter wer in bytsje by te klossen. Dat ik lês my de brul tebarsten, mei’t ik skielk wer mei myn behearsking fan it Frysk foar de kreammen lâns kin. Ik moat tajaan, it giet stadich, mei biten en broazels, en ik bin der beslist noch net, mar… de stadige drip kloarket in stien út, no. Is ’t net sa!
De alderbalderbêste manear foar lytse bern om it Frysk yn ’e slach te krijen — teffens de taktyk op it heden — is Hollânske les op skoalle. Wol fan lju dy’t dêrfoar trochleard hawwe fansels! Fierders hoege de bern allinnich noch mar te learen en jeuzelje dat wat se leard ha in bytsje ûnfersteanber, en mei it sangerich lûd fansels dat se fan hûs út wol meikrije.
En, Hammes is yn it wammes!
Dat ik begryp dat skoaien om ‘Frysk op skoalle’ net rjucht – fan dy frisisten, frisiasten, frisisy of hoe oft se ek mar hjitte. Dêr soe ommers inkeld mar út fuortkomme dat de bern letter sustertaal it Ingelsk mei in snjit yn ’t ferstân krije. En soks kin fansels net mear de bedoeling wêze. Wat ha se dêre yn ’e goedichheid noch oan? It Ingelsk is ommers net folle brets mear — nei de Brútstap, bedoel ik.
Nee, dan Hollânsk — dat hat de takomst! Wy Friezen moatte no op ús iepenst wêze. Ommers, slûge soe ek, mar hy stoar earder. Wy moatte yn it grut tinke, is ’t net sa, foar ús bern en foar ús bernsbern, mei’t se skielk de sosjale feardigens ynhawwe om foarút te kommen yn ’e wrâld.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]