It barde yn it westen (fansels)

Fuortby De Haach wurdt in frommiske fan ‘e plysje oanholden. Hja docht it sydrút omleech en de plysjeman freget:
– Mei ik jo rydbewiis efkes sjen?
It frommiske, dy’t it stopjern net útfûn hat (of — sa’t it yn it Ingelsk sa moai útdrukt wurdt — not the brightest candle on the cake is), sjucht alhiel oerstjoer om har hinne:
– Rydbewiis, rydbewiis? Wêr moat ik dat weihelje?
De plysjeman, ek wat in twiljocht, seit kalm en bedaard:
– Dat moatte jo sykje yn jo hântas; it is dat ding mei jo antlit derop.
It frommiske hellet har optsjepspegeltsje foar it ljocht en jout it him. Hy nimt it fan har oan, klapt it iepen en stiet der in skoftke mei stúdzje nei te sjen. Dan jout hy it har werom, tipt oan ‘e pet en seit ferguodlikjend:
– As jo daliks sein hiene dat jo ek by de plysje binne, hiene jo fuort trochride kinnen.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    ‘N TITEL FON BOOK OF ARTIKEL
    ’n -stiét iin wördbook ûnder N èn by in.
    ’n Minske har sin id de mânliu har libben.
    ’t Barde iin ‘e Hage
    Der wier r’s ’n tiid iin ’t Westen, fonsells.
    Nèt ’t greotste lioght fon ‘e wrôld.”
    ’n Opknap- en/of up-clap-spegeltsje.
    ’t Opdof-, mäke-up-, — om op te maitsjen.