It âldste berop

‘Us Jaap is sa’t er komt’, plichte ús mem te sizzen.
Ik wist doe eins net goed wat se dêr krekt mei bedoelde. Ik wit wol dat se altyd in grutske loaits op my smiet, as se soks tsjin ien sei. Ik wit ek – of better, ik fielde – dat ús heit wat minder yn ‘e bladeren wie mei myn ûnbekommere wize fan dwaan. Him tocht neffens my, dat ik se alle fiif net hie – dat my ien of oar ensym miskearre of sawathinne.

As er my wer ris geweken naam en te hâlden joech, dat de wrâld der ‘in krûmke’ oars hinne lei as dat ik miende, en dat men net altyd ûngewosken jins miening sizze kin … hawar, om koart te kriemen, beharkje Doede Veemans ‘It is de baas dat de baas de baas is, want sa hat it altyd west’ en jim hawwe beneistenby wol op it netflues wat it boadskip fan ús heit oan my wie.
It stiet my noch foar dat ik op sokke stuiten in bytsje meilydsum glimke, sa fan: Dat mei sa west hawwe yn jimme tiid (krekt oft ús heit noch mei Fred Flintstone yn ’e klasse sitten hie), mar dy tiden ha wy lokkigernôch hân, hear – it’s the Age of Aquarius, man!

Neitiid haw ik wol foar it ferstân krige, dat ús heit en ik suver ginneraasjegenoaten wiene – dat tiid in relatyf begryp is, en dat al in moai skoftke foar’t Albert E. soks ekere. Ik bedoel, as jonkje wie de oarloch in wanskik út ’e skiere foartiid. En no? No is it juster, dat ik jit in jonkje wie …

Mar ik dwaal wer ris ôf. Wat ik my ôffreegje, is hoe’t it eins mooglik is dat wy der yn ús jonge jierren blyn op te seil gean, dat de werklikheid him oan ús siel spegelet en al syn dagen net mear wêze kin as ien grutte ekstrapolaasje fan ús hoopfolle wrâldbyld?
Mem Natoer hat ús dat drôchbyld ynstutsen, tink, mei it opset dat wy allegearre as in idioat streamôf, as binne wy in swarm sperma, al earmtakjendewei in foech Hillige Graal neijeie en kom der neitiid efter dat inkeld Bill ‘bloody motherfucker’ Gates priis en preemje yn ’t laadsje strutsen hat.
Efternei tebeksjend moat ik tajaan, siet ús heit, dy âld ferjettere froask, der noch it tichtste by: ik wie wat in blomkesiker. Of wie? Feitlik bin ik dat noch. In dôfhûdige, stiifkoppige blomkesiker dus.

Sokke dingen falle my bytiden by, as ik bygelyks in wurdfierder fan in bedriuw dat in brike set útheefd hat, op it tillefyzje sjuch en sa’nien docht alle war en ferpraat de boel, wylst men har oan ’e eagen ôfsjen kin dat se sels net in wurd leauwe fan wat se opdreune. Nim bygelyks de wurdfierster fan it Wite Hûs … Men moat it mar kinne!
Dêr nimt dizze jonge de pet foar ôf. Hja hat nei alle tinken al it ensym dêr’t ús heit it oer hie.

Sjuch, ik neam no tafallich as foarbyld de ‘top of the heap’, mei de grutste sûteneur fan ’e frije wrâld as ‘top dog’ – ien mis wurd en dêrsanne is it gat fan ’e doar. Mar, jo en ik hawwe fansels mei fallen en opstean wol foar de fernullen krige, dat dyselde frije(!) wrâld in skitende krekte wjerspegeling is fan de deistige gong fan saken yn dat huorrehûs – Befehl ist Befehl. Wy moatte no ienkear allegearre in part fan ús siel ferkeapje om de holle boppe wetter te hâlden – wat grutter de ferantwurdlikheden (of de need), wat grutter part fan ús siel. En spitigernôch skynt it sa te wêzen, dat men alle ferlies wer te boppe komme kin, behalven … it ferlies fan jins siel.

It âldste berop? Dat fan akteur fansels. Wat tochten jim dan?

Dit vind je misschien ook leuk...

6 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    ’t! Ôldste beróp. Boer en hoer en bAas, Anax, Hanze.
    Apostrof oan begjin fon sin, kop of titel – stick, boek.
    JonGerben fiint it èk, mar dat ig gjin oanbefelling no.
    Nuodlike leafhavverij fon fa-brike (breck) wörden en
    uutdruckingen, ferslaavjend en (sells-)ferrifeljend of
    inkeld r’s mis. Wii binne fiere freonen, en dât may sa
    bliowe. Portugal ha wi mien. Skriow oer dit baarnen.
    Uus hait is iin ‘e bladeren? Blêden fon ‘e Folia – think.
    Uus hait koe de term enzym nèt, en Ik nèt eärder as
    iin ’t earste yier stúdzje biology VU A’daam. En sayst
    boppe dâtst thinkst dât yém hait dât thoaght, ûnder
    sayst dât hi it d’r oer hie. ‘Geweken en ûngewosken’
    Hollânderigh. Meyliidsem, âs by mi, iinspirearre fon
    Frjemd oer Fries, blomlêzing fon trio Wijdemeer ’18.
    Âlbert Ekere = mCquadraat. Soest Soul & SielE sizze
    kinne. De wörklik-hied spegelet him oan uus siele.
    De wrôld is ’n krekte wjerspegeling fon huorrehuzen .
    Drôgh-, wrôld- en wördbield. Mei sin, mar DE upset.
    Where weordt er ’n Smoàrge Mottefokker? MSDOS.
    What if ‘ferjettere’ froàsk? ’n Ferettere podde, pôge.
    Era fon Wettermân, blommejitter, En -juffer, prikke.
    DE tilleviizje. Sa’nen(ien), net sa’nien. En dêr sa’ne?
    Book ’18: Ivanka Trump, first daughter of first lady?
    Benull en nèt fernull(en). Befehl is TEfolle A. Hitler.
    SielEferkeaper, doopceel, zielverkoper iin EWvDale.
    Behâlven ig gjin Friesk om lv-ll-wet. Dât is uutsain,
    Behâldens j’ns sater, cedel, Upsaterland. Dr. Faust.

  2. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Upjage, ôffmêde kickert, jitterbug jäzz, juggernaut?
    Grenòel iin Beewulf, siin moer of mem skieldpodde.
    Jean Grenouille iin Perfume, moàrdzjend. Ro’skilde.
    Podde iin beverboàrgh iin poel? – Hait ’n meunster?
    Boerdielen, hoerehoezepoezen, lp- en djoei-poezen.

  3. Jaap Slager schreef:

    Ik haw my wat fertild, tink. My tocht dat de oergong fan in swarm groukopkes/dikkopkes (=spermatozoa) nei in âlde, wurge kikkert in logyske wie. Do moatst my mar ris leare hoe’t men assosjaasjes makket dy’t foar alleman nei te kommen binne. 😉
    En datsto sa yn ‘e bocht springst foar Bill Gates (ik hie ek Zuckerberg nimme kind), stiet dy te priizgjen – sa’n man lûkt op it lêst al sa’n swiere sile, no. Myn kettermintsjen is poere oergeunst, hear. Eins binne wy allegearre in kampioen: de iennichste fan miljarden groukopkes dy’t it helle hat. Eat your heart out, Mark ‘bloody’ Spitz (of giet dat wer te fier, Dauwe?).

  4. Jaap Slager schreef:

    Mar no oars wat …
    Ik haw dy, leau ik, okkerdeis ferteld dat ik alle dagen in lytse hûndert clicks haw op myn stikjes (it tal hits is troch de bân fiifris sa heech, mar dy mei ik neffens my net telle). Doe’t ferline wike myn kompjûter der mei ophold, ferwachte ik dat it oantal clicks wol tebekrinne soe. Wat tochtste? Net dus! It bleau gelyk. Sterker noch, it sakke ynienen nei ûnder de fyftich op de dei dat ik mei boppesteand stikje myn lang ferbide come-back makke.
    Wurd ik bemitere fan WordPress of is der wat oars te rêden? Wat tinkt dij?

  5. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Kein Tierchen so froh wie ein Spermato-Zoon.
    Ja, Japik Slachter, dêrom beast gjin miljardair
    Of swim-campioen. Sa-beare associatiës oan
    ‘e mân bringe slagget nèt, kinst nèt ferkeapje!
    Lit it oer oan Gatse, Sûckerbôle resp. Spitz en
    Piter fon ‘e Heegeplanke, ’n blanke lotte, barte.
    Oergeunst ig gjin betrouber riedsmân, dierber
    scâlke. Ik hie iin ‘e yachtige kickert, fon ’n hait,
    èk nèt ’n kickert-fiskje sjoen iin ’t cowedrinken.
    Garre en bewarre iin jampot fon juggernauten
    en jazzy jitterbugs. De drill fon dikkopkes liket
    Griff up, jiddisk, jizzem mey sied-cell âs what!
    Hast hûndert clicks en sawhat 500 hits, mân!
    It sayt mi eins nicks. Troch de bank of de bân.
    Abide with me His come-bäck. What wit ik no
    fon WördPress, ComicPress & RSS ôff? – Mar:
    Réageärrest nèt up freegjen ney de bladeren.
    Skriowst nèt oer de baarnende bosken dêre?
    Apostrof oan begjin fon sin, kop of titel mis?
    Âlbert Ienstien & Dauwenist to Dautzenberg

  1. maart 28, 2018

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]