Is it de baas dat de baas de baas is?

Ik haw ris mei in heal each nei in film sjoen dêr’t in bûtenierdske macht yn de minsken by it earste kontakt of sawathinne – ik sei al, de film koe my net echt boeie – folslein willeas makke. It liken wol Friezen, dy’t har ommers ek sûnder neitinken ferbrekke en dogge wat in frjemd wol. Ik bedoel … as wy yn it Ingelsk oansprutsen wurde, prate wy Ingelsk werom. En Hollânsk, Frânsk of Dútsk is it net oars mei: ‘Do ist die Bahnhof!’
In kloftke helden yn ’e film sette it noch tsjin ’e fijân yn ’e kamp, mar it waard in bloedich ûngelikense striid. It liken wol frisiasten.
De film kaam it noch goed yn, leau ik, al gong it bytiden op ’e krage omt ôf. Mar ik hâld my de lea stikken foar de frisiasten. Hawwe wy it mei ús allen net te fier komme litten?

Hoe oft ik hjir op kom?
Dat komt troch in fan Sytze ynstjoerd stikje yn It Nijs oer in ‘tolk Frysk’ (wat dy syn boarne- of doeltalen binne stiet der net by, mar dat docht der ek net ta) dy’t de kop op … eh, oranje fleach doe’t in Frysk frommiske by de ING him oan it tillefoan yn it Hollânsk te reden stie, om’t dat fan de baas moast.
It útskreaune petear waard my net út dúdlik dat er sels gjin Frysk prate mocht. Dat ik tocht: Klear, net? Jin net ferbrekke, mar antwurd krije yn it Hollânsk.
Mar, faaks bin ik oanhelle mei de Fryske guodlikens dy’t ús brocht hat dêr’t wy no binne – yn ’e lytse loege.

In goefreon wurke yn it skiere ferline by de fêstiging yn Ljouwert, dat … him mar ris nei it hoe en it het freegje, no?
Syn antwurd:
‘Tja …… eeuwige discussie. Doet me denken aan toen ik net in Leeuwarden te werk gesteld was. Liep een uitzendkracht rond die intern collega’s uitsluitend in het Fries aansprak of antwoord gaf. Aangezien niet iedereen Fries spreekt in Friesland en zeker niet in Leeuwarden heb ik hem uitgelegd dat dit ongewenst was. Toen hij niets deed met mijn “verzoek” en er gewoon mee door ging, heb ik hem bedankt voor zijn diensten en meegedeeld dat hij niet meer hoefde te komen. Drie dagen later lag er een klacht tegen mij van de stichting Friese taal of zo iets.
En wat denk je van een Amsterdammer die in Friesland zegt “ ‘t ken net”? 😂
Meertaligheid blijft probleem. In Amsterdam speelde dat toentertijd met Surinaamse collega’s onderling op de werkvloer.’

Frou Beetstra fan de Ried fan de Fryske Beweging skriuwde juster yn ’e Ljouwerter (dy ‘kultuerdrager’ fan ‘Wij doen niets met de Friese taal, meneer Slager’): ‘De Fryske taal makket in wêzentlik ûnderdiel út fan de Fryske kultuer.’
Dat is it him krekt: dy Fryske kultuer leit it mearpart fan ’e Nederlanners neat oan gelegen. Dêrom soe ik sizze: De Fryske taal makket in wêzentlik ûnderdiel út fan de Nederlânske kultuer (of as it dochs mâl moat: fan de Noard-Jeropeeske).
No sa!

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. februari 9, 2024

    […] Jaap Slager wennet yn Portugal. Dizze blog, dy’t er 7 febrewaris publisearre, is mei syn tastimming oernommen (sjoch https://www.janblogger.eu/is-it-de-baas-dat-de-baas-de-baas-is/). […]