Incident driven media in a thrill seeking world

As sjef fan in grutte administraasje fûn ik it altyd al wat in nuvere beweging, dat ik mear omtinken hie mei de sike wurknimmers as mei de sûne. Lju dy’t nea of komselden siik wiene en – de bek ta – harren plicht diene, seach ik suver net nei om. Wylst dy goed besjoen it measte rjucht jilde litte koene op myn tiid en omtinken. Is ’t net sa!?

Noch in foarbyld, mar dan oars…
Myn meiwurkers fan ‘e ûnderôfdieling Ynkassaasje hiene wat mear as trochinoar te krijen mei saneamde Nieuwe Nederlanders. Dat kaam sa bot, guon hiene bytiden oanstriid en bestimpelje beskate klanten al mei “minne beteller”, noch foar’t dy de kâns krige hiene en sis wêr’t hja foar kamen.
Koartsein, de ûnderfining fan dy meiwurkers yn har deistige wurk wie fan ynfloed op harren maatskippijfisy. Beropsdeformaasje wurdt soks neamd, wol my oan.
It is de hjitting, dat guon wurknimmers yn it finzeniswêzen dêr ek mei te krijen hawwe.

Ik woe mar sizze, dat jins minskbyld gauris ynkleurd wurdt fan jins ûnderfining. En, as dy ûnderfining slim iensidich is, dan kin der in bare bryk byld ûntstean.
Sjuch, no hawwe wy de hichte! Want wêr’t ik hinne wol mei dut petear, is it folgjende…

Dy lju dy’t harren fisy op harren ûnderfining basearje (en wa is dêr folslein frij fan?), wurde dêrtaboppe fan de media oerladen mei ynsidinten. Ommers, goed nijs is gjin nijs! Dus wurdt men fia de berichten op radio, tillevyzje of ynternet bedobbe ûnder korrupsje en geweld. En dan is foar populisten de grutste put der al út; dy iene boargemaster dy’t skurf oer de hûd is en ien lang twa breed yn it nijs komt, wurdt fan harren ekstrapolearre ta: “Sjuchst wol, hja binne allegear korrupt! It stiet ommers yn ‘e krante, ju! Dy’t eagen hat kin it mar lêze! Witst hoe’t it moat? It moat oars! Stim op mij!”

Om koart te kriemen…
Dreaun fan sjuchtichtens en ferkeapsifers meitsje sjoernalisten jacht op ynsidinten dy’t de erflike toarst nei sensaasje fan it grutte publyk befredigje moat, en leverje sadwaande munysje oan populisten dy’t it wol tabetroud is en meitsje fan alle sketen in tongerslach.
Mei oare wurden, populisten rispje wat media siedzje.

En op it heden makket de snoadste populist fan allegearre hânsum brûk fan dy dinamyk, troch oandacht te lûken mei fake news, mei’t net ien noch omsjucht nei wêr’t it wierliken om giet.

Dit vind je misschien ook leuk...