In presidint mei hantsjes grut foar syn ferstân

Freedtemiddei trije oere wie Michael Wolff syn boek Fire and Fury, inside the Trump White House, te downloaden. Men koe fan tinken wol ha dat de nijsgjirrichste passaazjes al oer de baan binne, mar ik helle it dochs fuort yn ’e hûs en sette út ein mei lêzen. Nijs is allyk in gastmiel: fan hearren en sizzen is moai, sels priuwe is better. Dêrtaboppe gong it hieltyd fral oer Trump syn Raspoetin Steve Bannon, dy’t my it measte net skele kin. Ik wol alles witte oer Trump sels, want dy jout my de huvers.

Dat wy fan dwaan hawwe mei in ûnferstân yn it Wite Hûs is dúdlik en klear. Dat is op himsels al om sljucht fan te wurden; men kin jin dêr inkeld foar hoedzje troch jinsels goed te wêzen en wen der in bytsje oan. It deistige poarsje healwiis nijs út Washington wei kin dêrby helpe – it allegeduerigen ferbjustere wêzen giet jin in kear oer de meuch.
En sjesa kriget waansin allinkendewei eat gewoans.

Trump hat der lykwols in wûnderbaarliken slach fan en helje jin alle klapsketen út jins drôch. Dizze wike slagge him dat mei syn twiit oer it nukleêre knop fan de Noard-Koreaanske diktator Kim Jong-un en dat fan himsels: ‘Wol immen (…) him asjebleaft út ’e doeken dwaan dat ik ek sa’n Nukleêre Knop haw, mar dat dy fan my folle grutter is as sinent? En myn Knop docht it!’

Dúdlik, wy hawwe te krijen mei in idioat – ien mei hantsjes grut foar syn ferstân. En net samar in gek, mar in gefaarlikenien.

It online-nijsplatfoarm Politico makke fan ’e wike buorkundich, tolve leden fan it Amerikaanske Kongres en de Senaat, dêr’t yn alle gefal ien lid fan Trump syn eigen Republikeinske partij mank mei wie, hiene yn it earstoan fan desimber in harksitting belein mei Bandy X. Lee, psychiater ferbûn oan Yale. De parlemintariërs hiene soarch oer ‘it gefaar foar de naasje dat de geastlike ynstabilens fan de presidint mei him meibringt’.

Neffens Lee fertoant Trump ferskynsels fan geastlik net yn oarder wêzen en soe syn tastân mei gauwens psychiatrysk ûndersocht wurde moatte. It hat der neffens har alles fan dat er syn fet op de realiteit kwyt rekket, syn heil siket yn komplotteoryen en oan in ‘psychotic breakdown’ ta is.

Lee wie earder redakteur fan it boek The Dangerous Case of Donald Trump, dat yn oktober útkaam en dêr’t 27 psychiaters har miening yn jouwe oer de geastlike tastân fan de presidint. Twa fan har binne de ferneamdste fan de FS, Robert Jay Lifton en Judith L. Herman. Hja skriuwe yn it foarwurd dat Trump it ferskeel tusken werklikheid en fantasije net sjucht, poer wurdt as immen wat tsjin syn optinksels yn leit en yn gefal fan krisis de holle der net by skuorre kinne sil en kom mei in trochtochte wjerslach – hy is te ympulsyf.

Dat seit net bêst, mei dat knop.

De betrutsen psychiaters binne der op it medysk-etyske mêd fier by troch fansels, want se kenne Trump net persoanlik. Mar hja binne fan betinken, har ferantwurdlikheid te warskôgjen foar it gefaar Trump giet boppe har profesjonele koade. Kêst 4 fan it 25ste Amendemint is ek nea út nimmens tinzen wei, oer de ôfsetting fan in presidint, bygelyks om reden fan psychyske betizens.

William Kristol, editor at large fan it oerkonservative tydskrift The Weekly Standard, twittere fan ’e wike dat vice-presidint Pence frege hie, in dokumint ta te rieden dêr’t de machtsoerdracht op grûn fan it 25ste Amendemint yn fêstlein is ‘foar it gefal soks him hommels oppenearje soe’.

Nei de tsierderij oer de knoppen mei Kim Jong-un skreau psychiater Lee: ‘It sil mei Trump hieltiten slimmer gean en hy sil troch de druk fan it presidintskip grif út ’e liken wapperje.’

It is net sasear dat út it boek fan Michael Wolff in kranksinnige Trump nei foaren komt, mar in oerstomme. Hast alle boarnen binne it deroer iens: Trump is útskriptige dom. ‘Der wie sljuchtwei net in tema te finen dat er min ofte mear ûnder de slach krige hie – útsein eat oer boukonstruksjes’, skriuwt Wolff. Trump is in sakeman dy’t noch net iens in blâns lêze kin en neffens guon yn syn neiste fermidden in heale analfabeet is.

In fôledomme sljuchtsinnige presidint dy’t himsels in miskend sjeny achtet: in beroerde kombinaasje.

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Douwe fd Meulen schreef:

    Abortus en Arbaiders stimst om up Trump.
    Absluut snoad, ferstânnich steatssakemân.
    Gjin ûnferstân, idioat of nuodlik foàr naasje.
    Nèt uutscriptige dom, ’n oerstomme krank-
    sinnige of fôledomme sljochtsinnige Pres.
    ’n Analfabeet sayt nèt de, mar it! knop, en
    ’n Dyslect hat it hieltiten oer it(!) tilleviizje.
    Kêst 18 fon it 25e Lawnriught bestiét nèt.
    Psychjaters binne meast FrauLiu, Joadsk
    en Sineesk, Bob Lifton nimst nèt serieus.
    Lou Bändy fon Yäle, sjoch film Inside Job.
    Cohen. Michael Wolff A Dangerous Kees.
    Betrutsen soest (by,) behelle fon maitsje.
    Kym Yong-one syn knop docht it èk woll!
    Fury neamde ik uus Friese fôle ney de tv.
    RasPûtyn hiet ik yiérren 80 by myn maten.
    Camelot hiet ’t Hôf fon Arthur en Kennedy.
    Club fon Rome is all ouskaft troch Reagan,
    Thatcher en paus, Climate chänge my arse.
    Oerbefólking is tabû by GL, D666 en ‘e PfdA.
    Oer-conservative Willem Kristol, Frieslawn?
    Zygotic breakdown into Twin Tower klones.

  2. Jaap Slager schreef:

    Ik mien ris earne lêzen te hawwen, in knop dêr’t in masine mei betsjinne wurdt, is ‘it’ – benammen masines mei kearnkoppen. Winliken moat ik ’tilleFyzje’ skriuwe om’t ik ek ‘Fyzje’ skriuw. Wat tinkt dij?