in nije hjerst, in nij útein

Wat krimmenearje wy wat ôf, net, as wy sûn binne en der winliks neat te kleien is. Dêr kriget men earst belul ta as dingen wat oars rinne as oars.

Dat kaam ús oer doe’t wy foar fjirtjin dagen ynienen posityf testen foar Covid19. Mar ja, dy tests wiene trije jier âld en al trije moanne oer de mannichste fan hâldberens. Dat ik mei in mûlkapke foar nei ’t apteek.
Ja, hear, op de weromreis hold de auto der ek noch mei op. Dat ik moast mei de taksy wer thúskomme.
Allebeide yndied posityf, die bliken.

In wike deawurch en switterich. Mar dat lêste koe ek komme om’t it bûtendoar om ende by fjirtich graden wie oerdeis.
Ferline wike moandei dôve de koarts. Mar it wiif foel der likegoed hinne doe’t se stie te itensieden, mei de harsens op de estriken. Hja lei as in lege moalsek oer de flier. Gjin auto, dus ik moast in sikewein komme litte.
De TAC (= CAT) smiet neat op. Dat is te sizzen, gjin ynwindige skelen. Dat ik krige in listke mei op hokker sinjalen by har ik yn ’t earstoan opmerksum wêze moast. Klear. Wy nei hûs ta. Dat wie goed tachtich kilometer, dus dy taksysjauffeur makke in bêste gisel dy nacht.

Maria moat har sûnt op bêd hâlde. Want sadree’t se oereinkomme wol, wurdt it har grien en blau foar de eagen. Ik koe dat wol billikje, want ik brocht dat op dy fal; sa’n harsenskodding moat earst wat bekomme, no?
Mar, heden, wat in drokte is dat, dat húshâlden. Men rint jin de gânse dei de fuotten út it gat, man – alles wat men krekt skjin hat, moat fuort wer smoarch. It is neat oars as werhelling fan wat men al dien hat. En as ik earne in grouwéligen hekel oan haw, dan is it oan werhelling. Of haw ik dat alris sein?
Hawar, doe’t hja moandei ek noch begûn te dwyljen, waard ik al wat oars yn it liif. Mar wer mei de sikewein nei Beja. Lokkigernôch koe ik har juster (tiisdei) wer ophelje mei in moai mannich rikkemedaasjes foar oanfoljende ûndersiken, mar… mei ús eigen auto.

Dat ik bin sa drok as in baaske. En no kaam my ek noch yn ’t sin dat ik wer in stikje dat nearne oer giet, optinke moat foar It Nijs fan sneon. Dat dêr kin diskear neat fan op ’e hispel komme. Krimmenearje oer dingen dy’t neat om ’e hakken hawwe, dêr moat men even goed foar sitten gean, no?

Sa skreau ik bygelyks in pear jier ferlyn it stikje Metem-me nojo oer Portugeeske stjerakteurs dy’t reklame meitsje – famewashing soe ik sok dwaan neame wolle – foar online-gokspultsjes, wylst se wearlichse goed witte hoe ferslaavjend soks wêze kin.
Stjer akteurs, tink ik dan, dêr lient men jin dochs net ta? Wêr’t men jin al net drok om meitsje kin, no? Likewol hoopje ik dat ik takomme kear wer in stikje ree haw dat nearne oer giet – sa’t jimme dat fan my wend binne.

Dit vind je misschien ook leuk...