In man in man, in misje in misje
Wat kin men jin lyts fiele, net, neffens mannen as Navalny?
Man man, eigenwillich de dea yngean. Dizze jonge soe dêr net oer doele!
De fraach wêrom oft er – wannear wie it? 3 jier lyn? – weromgie nei Ruslân, soed er op andere hawwe, dat er syn tsjinstanner net de wille dwaan woe dat hy beskate oft Navalny yn syn heitelân libje mocht of njet … uh, net. En stjerre, dus.
Sa’t de namme fan de kategory dêr’t dut stikje yn ûnderbrocht is – Us memmetaal is ús heitelân – al oanjout, is it heitelân foar my net eat stofliks. Wêr oft dizze Ûnnoazelsma syn jas útdocht, dêr fielt er him thús. En ik soe der hielendal net oer prakkesearje de jas út te dwaan yn Sibearje, lit stean fan yn in gûlach. Dêr haw ik myn frijheid krekt in lyts bytsje te leaf foar. Jou my mar in frij lân yn Ibearje – frijens blijens!
Mar wy kinne it fansels ek omkeare: frijheid wie foar Navalny altemets net eat stofliks. Dy wie by him ynwindich. Sa besjoen soene wy stelle kinne dat de leafde yn frijheid oer him kommen is. As ik dat byld teminsten brûke mei foar syn ferstjerren, want wy komme sachs nea te witten hoe’t dat yn syn wurken gien is. It is sêft sein in bytsje ûnnatuerlik dat in man dy’t juster noch blierlaitsjend stie te giizjen en grapjeien mei de rjuchter, fan ’e moarn op syn kuierke hommels kroandea delfalt. Dat sil dy rjuchter mei my iens wêze – foaral dat ‘sêft sein’, want Montesquieu syn skieding fan ’e machten is nei goed 250 jier noch net oan Ruslân ta kommen.
Dêrom net, ik freegje my op it heden wolris ôf, wêr oft de grutste bedriging foar de frije wrâld fan útgiet – dat kliberke kleptokraten yn Ruslân of dy MAGA-lomane binde yn Amearika.
Hawar, dy ferwizing nei Navalny as ‘eardere presidint fan Ruslân’ yn myn stikje Dy’t in grêf dolt foar in oar (yn de kategory Frysk ûnderrjucht, dy’t yn de fiere takomst spilet) kin ik no wol skrasse. Al moatte wy noch efkes ôfwachtsje wat in grutter gefaar is foar de Russyske plutokrasy, in libbene Navalny of in deade.
Aleksey Navalny, de libbene deade.
Recente reacties