In luzich tútsje op it lêst

Ik stiel in tútsje
Woest my gjin jaan
Dat docht my sear
Mar ‘k sil net skriem’ en dwaan

Ik sil net skrieme
Sjuchst mij net lijen
It docht my sear
Mar mei dij wurdt it gjin frijen

Ik bin ferslein
Wol hjir perfoarst net langer bliuwe
Do wolst my net
Ik sil fan dij gjin tútsje priuwe

Gjin tútsje priuwe
Sels net as ik it minlik freegje
En ik wol my net
Ta biddelman ferleegje

Ik stiel in tútsje
Ik miend’ it leaf
Dat sis no net tsjin elkenien
Ik bin in tsjeaf

Ik bin gjin tsjeaf
Allinne lodderich en grien
‘k wol mei dy trouwe, leave skat
Oars hie ik it earlik wier net dien

Ik bin ferslein
Wol hjir perfoarst net langer bliuwe
Do wolst my net
Ik sil fan dij gjin tútsje priuwe

Gjin tútsje priuwe
Sels net as ik it minlik freegje
En ik wol my net
Ta biddelman ferleegje

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. S.T. Hiemstra schreef:

    Sjuchst my net lijeN [?, mei n]