In listke
Moin Sytze,
Ik hie dy juster al warskôge dat ik gear bin oer in Ingelske tekst dy´t ik foar in fêste klant uterlik moandei nei it Frysk oerset hawwe moat, mar ik koe it dochs net litte en dokterje ûnder de bedriuwen al wat mei dyn fraach, om “in listke mei min en gjin Frysk mei de goefryske wjergea dêrby”.
Ik haw earst de orizjinele ferzje fan it brief ris yn my omgean litten:
Yn maart 2020 hat de provinsje Fryslân oan Cedin de opdracht jûn om de twadde fase fan de ûntwikkeling fan it kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer út te fieren. Cedin wurket fierder oan de produkten dy’t yn ‘e earste fase ûntwikkele binne. De opdracht moat fóar 1 oktober 2020 realisearre wêze.
Nettsjinsteande it feit dat it libben foar in part stil leit troch it koroanafirus, ha wy yn ‘e ôfrûne wiken yn oparbeidzjen mei in fjildgroep fan leararen en skoallieders út it primêr en fuortset ûnderwiis en learareoplieders wurke oan de wersjenning fan de Grutte Opdrachten. Wy sille dêr de kommende wiken feedback oer sammelje.
Graach nûgje wy dy út om foar 1 maaie feedback te jaan op de wersjenne ferzy fan de Grutte Opdrachten.
Opmerkings by de earste alinea:
- Der leit wat in rook oer it brief, dat er linke wurden út in oare taal wei oerset is. Bin ik dêr fier mis mei? Sa haw ik-sei-de-gek bygelyks leard dat men yn it Frysk, as it heal kin, in sin net mei in ferhâldingswurd begjinne lit.
- Begryp ik it goed dat Cedin stiet foar Centrum voor educatieve dienstverlening in Noord-Nederland? As dat sa is, soe men dan net sprekke moatte fan it Cedin?
- De skriuw(st)er sjit fan ´e tredde persoan inkeldtal (it Cedin) yn ´e earste alinea hommels yn ´e earste persoan meartal yn ´e twadde. Ik soe it de lêzer fuort al dúdlik meitsje wolle dat it om ien en deselde persoan giet.
- It Hollânsk ken frijwat konstruksjes mei it bynwurd fan doel om. Wy brûke dat net sa bot, ek al falt men yn sprektaal aloan mear oer dy om te+ynfinityf-konstruksje gear – ûnder ynfloed fan it Hollânsk, tink.
- It âld-Grykske wurd phasis fynt men yn withoefolle foarmen yn libbene talen werom. De stavering te uzes – dat hawwe wy no ienkear sa ôfpraat – is faze.
- It Latynske wurd curriculum hat withoefolle betsjuttings. Ik haw (noch) gjin noasje hokker oft hjirre bedoeld wurdt, mei “kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer”. Striidwein bygefal? En moat it lidwurd dan net ûnbeskaat wêze? Ik bedoel, wurdt it in Porsche of in Käfer? 😉
- Produkten fyn ik wat in nuver wurd yn dut ramt. Mar dat sit him faaks oan mij. Ik soe dêr risseltaten fan meitsje. De skriuwwize fan dit wurd sil ik hjir wat fierder oer útgean…
Withoefolle wurden út ´e Aldheid wei (âld-Gryksk en Latyn) binne – meast fia it Frânsk – yn ´e Germaanske taalgroep bedarre. Wy skriuwe dy wurden yn it Frysk almeast fonetysk. Tink bygelyks oan in wurd as krekt. Mar no komt it: dêr binne wy op noch yn net konsekwint mei. It twadde part fan it Grykske wurd demokratía bygelyks (letterlik oerset: folksregear) mei ik wol as -krasy staverje, krekt sa´t wy it útsprekke, mar hoenear´t ik dimmekrasy skriuw… oe heden, dan is de duvel fan ´t keatling. Eigenwille? Lit ús it der yn died mar op hâlde, dat it is sa´t it falt.
De earste alinea soe mei dizze tinzen yn ´e efterholle eat wurde kinne as:
De provinsje Fryslân hat ús, it Cedin (Centrum voor educatieve dienstverlening in Noord-Nederland), yn maart oarder jûn en gean teset oer de twadde faze yn ´e ûntwikkelingsgong nei in kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer. Wy basearje ús yn dizze twadde faze op ´e risseltaten út ´e earste. En wy hearre uterlik op 1 oktober 2020 dien wurk makke te hawwen.
Opmerkings by de oare alinea:
- it feit dat efter Nettsjinsteande kin neffens my fuort. En wêrom net sljuchtwei Ek al…?
- Wersjenning? It kin om mij wol Frysk wêze, hear, mar dizze jonge hat der noch nea fan heard. En it kidelet jin de lever, is ´t net sa. Alteast, sa giet it my. Ik soe yn dut gefal de oan it Latyn (revidere – revidi – revisum) ûntliende fariant refyzje nimme. Of – noch better – ferbetterjen. En dy Grutte Opdrachten, binne dat de risseltaten út ´e earste faze? Of wurdt my dat dúdlik hoenear´t ik oan ´e taheaksels by dit brief takom?
- Wat is yn ´e goedichheid in fjildgroep? De kontekst meitsje ik út op, dat dêr lju út ´e ûnderwiisprefesje mei bedoeld wurde.
- Faaks moat men út it lêste sintsje fan dizze alinea opmeitsje, dat dat “oparbeidzjen” yn ´e foarige sin mei in kerltsje sâlt nommen wurde moat? Dat it inkeld giet om fragelisten(?) dy´t oan dy fjildgroep trochdien binne? En dat no it wachtsjen is op de antwurden dy´t weromkeppele wurde sille (of net)? 😊 Ik kin it net hielendal bedjipje, want de lêste alinea makket de suggestje wer geande dat de ferbettere ferzje al hast yn tichte fetten is.
De oare alinea soe dan eat wurde kinne as:
Ek al leit it libben troch de koroanakrisis foar in part stil, dochs hawwe wy mei it ferbetterjen fan ´e Grutte Opdrachten yn ´e ôfrûne wiken al in moaie gisel makke. Ien en oar yn oparbeidzjen mei lju út ´e prefesjes yn it learare-, fuortset en primêr ûnderwiis. Wy hoopje yn ´e takomme wiken rispje te kinnen.
Opmerkings by de lêste alinea:
- Wa is dy “dy” yn ´e lêste sin dy´t hjir efteroan komt, ju? Is dat Sytze T. Hiemstra? Bisto sa hoates en toates mei dat Cedin dat se dy dookje? Of is it brief rjuchte oan ´e Feriening Frysk Underwiis. Soe jim yn dat gefal net mear op syn plak wêze?
De lêste sin soe dan wêze kinne:
Hjirby freegje wy jim oft jim jimme tinzen ris oer de ferbettere ferzje fan de Grutte Opdrachten gean litte wolle en jimme fielen en tinken dêroer op syn lêst op 30 april weromkeppelje kinne.
Is dut watst bedoeldest,
Sytze, mei “in listke”? En is dut beneistenby de foarm dy´t dy foar eagen stie?
Of bin ik der no fier by troch? As dat sa is, kinst it planút sizze, hear! Ik bin
net fan koekedaai. En dut is op ´t lêst wurk dat jin om samar te sizzen troch
de hannen waait, no.
Hawar, ik hear it wol!
Freonlike groetnis,
Jaap
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]