In hûs is noch gjin thús
[A House is Not a Home]
In lege stoel is jit in stoel
Mar as er leech bliuwt, hat er net … safolle doel
En in stoel is noch gjin hûs
En in hûs is noch gjin thús
Ast yn dat hûs … twa sêfte earms mist
En net ien dêr fynst dy’tst ‘goenacht’ tútsje kinst
In tek is jit in tek
Al is er wrak en slimme lek
Mar in tek is noch gjin hûs
En in hûs is noch gjin thús
As de ien de oar op ôfstân hâldt
Want dan fielt elk hûs damp en kâld
Fan en ta lústerje ik ‘Maria (Maria Maria Maria)’
En dan hear ik eefkes wer dyn leave lûd
It is myn bernich kleiliet fan Jeremia
Mar elk moat nei de loaier mei syn eigen hûd
Leave skat, kom wer werom
Do hiest gelyk en ik wie dom
Ik bin sa earm as in lús
Want dit hûs is sa gjin thús
As ik werkom fan kantoar
En ik sykje om de kaai
Och, leave, wês my foar
En gean dan nea wer by my wei
Ik bin sa heal sa sûnder ús
Want sûnder dij haw ik gjin thús
As ik thúskom fan kantoar
En ik sykje om de kaai
Och, leave, wês my foar
En gean dan nea wer by my wei
No noch in Fryske Vandross 😉