In grut bern
Ik krij gauris te hearren dat guon net foar har krije kinne dat ik ea lyts west haw. Ik moat tajaan, bytiden haw ik dêr ek wol oan, hoenear’t ik oer stikken hear dy’t ik eartiids út ’e wei set haw.
Per, dy’t mei myn âldste nicht yn Sweden troud is, kaam bygelyks mei dit ferhaal…
Doe’t er lêstenwyks myn krystwinsk, in Nat King Cole krystliet, foar syn wiif ôfspile, moast hja wakker laitsje, fertelde er. Sjuch, sokke berjuchten rinne my as lij wetter yn ’e earen. Want it betsjut dat Anna Karin wer aardich yn it ferwin is. Betterskip, leave!
Hja fertelde doe’t se útlake wie, dat se har jit tebinnenbringe koe dat se mei my yn ’e kunde kaam. Dat soe har nea ferjitte. Dat wie noch yn Akkrum, fertelde se Per; dat doe moat ik-sei-de-gek heechút trije west hawwe. Want doe’t ik trije jier wie, ferfoer ik om utens — mei meinimmen fan ús âldelju fansels, en fan ús Nynke en ús Keimpe, dy’t doe krekt berne wie.
Anna Karin moat doe dus fiif west hawwe. En hja hie in trijetsjil. No, soks lake Jaap ek wol ta. Dat hy hiet har om ôf te stappen. Ja, skyt, sei Anna Karin en hja soe ôfsette. Mar doe, fertelde se, fielde se hommels in earm om har mul en waard se út it seal licht. Hja waard in moai stik bûten it berik fan har trijetsjil wer oan ’e wurking fan ’e swiertekrêft oerlitten.
Sjuch, doe wist ik skynber noch mâle goed, wat oft ik woe. Soks wurdt jin neitiid hurd ôfleard. Ik wist letter inkeld noch wat oft ik perfoarst net woe. Fierders is der net folle oan my feroare, haw ik noed.
Blykber hiest doe ek al flink wat yn ’e bouten, ornearre Pelle, doe’t er my dit ferhaal mei de waarme hân oerbrocht. Ik hie it faaks wol oan ’e lea, mar der sit my neat mear fan yn ’e holle, fan it hiele foarfal net.
Sa fertelde de heit fan ien fan myn boarterskammeraten fan doe my, doe’t ik hast tweintich jier letter yn Akkrum mei it sylboat foar de wâl lei, dat ik Eldert, syn soan, en Jan mei de kroade dy’t ús heit foar my timmere hie, op ’e siel joech, as ik it mei wurden net hise koe. En dat wie gauris it gefal, want beide mannen wiene in pear jier âlder as ik en gongen al op skoalle.
Hawar, dat wie in byld, sei ús buorman fan doe, dat him nea ferjitte soe — ik mei dy drege kroade yn ’e knûsten boppe de holle foar in skitende benaude Jan en Eldert oer. Slop wied er, doe’t er it ferhelle.
It moat in jier letter west hawwe — dat wie dus al net mear yn Akkrum — doe’t René, ek in boarterskammeraat, foar myn eagen yn it park foar ús hûs fan trije grutte jonges hune en narre waard. ‘Bullied’ hjit dat op it heden, leau ik, yn geef Frysk. Ik feegde deryn en dêr leine de mannen al oer de wrâld, mei fyts en al. Ik wie neat net benijd hoe’t se reagearje soene hoenear’t se ienkear by sûp en stút wiene; dat ik nagele moai hastich út. Doe’t ik hast by hûs wie, seach ik ús heit en mem foar it rút stean. Hja wiene wakker grutsk, dat har âldste jonge sa flink syn kammeraat syn wâl opholden hie. Mar ja, dat wist ik fansels net. Ik wie der djip fan oertsjûge dat ik it by harren raar bedoarn hie, troch trije grutte jonges dy’t my neat misdien hiene sa te tamtearjen, en it dêrom omtinken besuorje soe.
Dêrfan, fan dat foarfal, sit my noch al wat yn ’e holle. Of it is neitiid yn famyljerûnte fakenfolle ophelle. Dat kin ek wêze.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]