In blok fan in minister mei it imago fan in droechskiter

Stephanus Abraham ‘Stef’ Blok (Emmeloard, 1964) is oansteld ta nije ‘deade’ MUS (Minister fan Utlânske Saken). Alle petretten dy’t juster ferskynden, waard er nammentlik yn delset as in deadling. Yn ’e Volkskrant stie in stik mei graphics as ‘Zzz’ en ‘Gaap’. De foto fan Jeroen Murré stie Stef oars ûnferwachts hip en by de tiid op, in bytsje as in nij ôfmakke âlde punksjonger; mar dat wie digital imaging, die bliken.

‘De man over wie niemand iets wil weten’, betitelesearren Ariejan Korteweg en Frank Hendrickx de koarte karaktertekening. Dêr wie ik it net mei iens, ik wol just alles oer Stef Blok witte. Ik wit al lang dat lju dy’t mei ‘droechstút’ bestimpele wurde, dat almeast net binne, en dat men brykswaaiers dêrfoaroer fan fierrens al oankommen sjucht.

Dêrom gong ik op ’e siik nei it bewiis dat Stef Blok net heal it kekene broekje is dêr’t er foar oansjoen wurdt. Ik benoaske it fraachpetear dat Daniela Hooghiemstra foar dizze krante yn novimber mei him hie. Dêr die fuort út bliken dat Blok syn toar imago folslein ûnrjuchtlik is. Earste sin: ‘Stef Blok houdt van avontuur, om het gevaar te bedwingen.’
Is dat toar, saai of ferfeelsum? Sels jou ik gjin sprút om gefaar, soks is my fierste gefaarlik.

Dêrnei kaam de trochskynwente yn Foarskoaten op it rabat, dêr’t Stef tein wie. Stef bestimpele de trochskynwente mei ‘ferfeelsum’. Sjuch, lju dy’t saai binne, soene soks nea net sizze, sokken fine trochskynwenten wakker spannend.
De jonge Blok plichte ‘by winterdei te kampearjen’, foar de ôfwikseling. Soks sil net drekt noflik en smûk west hawwe, mar saai is it no just net.
Mar hy die ek ‘spannende dingen’. Hokfoar dingen? ‘In berchbeklimmerskursus’.

Dat wy hawwe hjir in blok fan in minister dy’t yn syn bloarrejierren al oan de Eiger Nordwand hong, en krekt him hâlde wy foar in droechbrea?
It leafdelibben fan Blok kin men ek al dreech droech neame. It lei droech fan ’e fammen op syn studintekeammerke yn Grins en doe’t er ienkear de faam fan syn begryp yn ’e kuer hie, ûnder in frijwat wiete brasserij yn ’e jachtweide fan studinteferiening Albertus Magnus, stapte Stef sa droech as in pûn moal op har ta en frege droechwei: ‘Wolsto wat drinke, fanke?’ Sjuchsa! Klear!

Doe’t er 24(!) wie, wied er al in ABN Amro-bankjonge mei in eigen bank yn Nijkeap. En doe’t er him dêrsanne giroblau begûn te ferfelen, gong er nei de Keamer.
Ik ken withoefolle sjoernalisten dy’t op har 24ste by in krante begûn binne, dêr fjirtich jier letter noch hieltyd sitte en harsels út noch yn gjin droechskiter fine.

Stef Blok makke yn ien termyn as bewâldsman fan Wonen en Rijksdienst dat ministearje folslein oerstallich, die ûnder de bedriuwen troch it ministearje fan Ynlânske Saken der efkes by doe’t Ronald Plasterk it oan ’e rikketik hie en ûnder it mês moast, en liet as in foech liuwetwinger alle amtners fan it ministearje fan Justysje troch in baarnende hoep springe.

Doe hied er de wet fan it ministerskip en begûn er te túntsjen by syn wiif har B&B.
Immen dy’t sa’n rigoereuze stap set mei kar noch genede, is net earlik in sekuer broekje, mar – krektoarsom – in ûnôfhinklike geast. Foar’t er oer it wjudzjen teset gong, bestie er it en gean earst noch gau efkes goed in moanne op ’e traap troch de outback fan Austraalje, mei alle risiko’s dy’t dêrmei anneks binne.

It is de hjitting dat Stef jûns al betiid út ’e wei giet en sliept as in blok; nin niget mei sa’n aventoerlik libben. En lykas Indiana Jones is er ek neat net tier, hy mei ek wol bavarois.

En no sil er Trump mei de kloaten foar it blok sette, Poetin yn syn datsja it mannewaar opsizze en sille M&M (Macron en Merkel) noch in baas blok oan ’e foet oan him hawwe. No sa! Us Stef, dy’t elts yn ’t ear naaide, dat er syn nocht wat ôf hie fan ’e polityk, en, hoepsa, dêr is er wer en jou in bytsje reuring oan dat deade Binnenhôf.

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    ‘n patint: “âs ‘n nij Opmakke ôld punk-sjonger”
    Keken fon bekeken? Fon Cäke of cookedaai?
    Broekje, ing. rookie, Gr. aroogé, help, feintsje.
    Ik benoàske siin toàrre imago, – Foàrskoaten,
    Kin ‘n diacritisk teken up. Foàr de duudlikens.
    Fiérste nuodlik èk. Foàr de bern en ‘e bûtenlju.
    Blok gong (!) by winterdey campearje(n). Ho?
    Gean-constructië if fier ûnder dyn nivo, Jaap!
    ‘n Bergh. What hast tsjin apostrof? Wördbook.
    Weake bôle dân? ‘t Libben. Banga of fankelist.
    Vindicat-slet ‘n doghter fon Barbara fon Beuke-
    ring, hat èk haad-redactrice fon ‘t Paroal west,
    no book: Croep, Krupp nea efter de Geraniums.
    Sjuh-sa! Clear! Nijkeap of dêr sa’rne, sa-earne.
    Ik kin ien fon Wenjen, Wenniën en Riikstsjinst.
    ‘n Liowetemmer of dompteur iin Twingelawn?
    ‘n Linige omgong mey taal. “Hi hie de wet fon
    ‘t ministerskip?” “Hi gong tuuntsjen by ‘t wiif?” 2x!
    Te set (los!) gean. “Op ‘e traap gean” fon mem.
    Nin niget(en), mar niged, nijichhied! O, Steven
    Blok hat siin namme net mey om associatiës!
    Die’t uus iin ‘e ears naaide? Dât er … dêr id er?
    What if fon Jaap & What if fon Bert of Doeke?

  2. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Twadde gean-constructië “gong er tuuntsjen” begoen er te -.
    Sjuh-sa, nèt sjesa. De wet ha? Siin, te fet havve, sêd wêze?
    Stef naaide Els iin ‘t ear? Hi hie gjin sexuiele foàrlioghting?

  3. Jaap Slager schreef:

    No ja, ik hie skriuwe kinnen ‘hy hie skjin syn nocht’, mar ‘hy hie de wet’ fûn ik yn dit ferbân (fan in sit as minister) wol aardich. Is dat sa nuver?