Ik ek (sei de gek)

No wy it holste fan de ‘me too’-see wol hân hawwe, fan habbige froulju dy’t manlju te pronk stelle dy’t harren macht misbrûkten, is no it wachtsjen tink op de ‘ik ek’-weach, fan machtige manlju dy’t froulju te pronk stelle dy’t harren habbigens misbrûkten.
Oars sein, it wachtsjen is op de earste filmpommerant dy’t yn triennen foar it each fan de kamera alhiel tebrutsen op it tillefyzjenijs syn ferhaal docht, oer dy diva sûnder akteurstalint dy’t der gjin bonken yn seach en kom der by him iepenlik en rûn foar út hoe… ehh, goed melk se wie. En dat hy doe yn ’e hjitte hei – en winliken sûnder erch, hear, mar dochs in bytsje fan ’t sjapiter, no – in proefboarring dien hie en risselwearre dat der yndied gjin bonken… boehoehoehoe, ik zal het nooit meer doen!
Watsjo?
Nee, Friezen dogge soks net fansels. Dy ha wer oare heblikheden. Sjuch mar op it FB-webstee ‘Fryslân en de Fryske taal’.

No ja, at ik earlik bin, moat ik tajaan dat ik it each ek wolris sûnder euvelmoed oer gloaiende wulvings dwale litten haw en frommeskes nei de hakken sjoen – wat mei in gruzeltsje kweatinken sachs as sekseweel kontaktsykjen oanmurken wurde kin. It risseltaat fan sa’n optysk fruchtberheidsûndersyk wie ûnferoarlik in slach oan ’e harsens/in wan op ’e siel [trochhelje wat net fan tapassing is]. Dat jo kinne út ’e rûge roai wol besiferje, tink, hoe’t it like mei myn macht respektyflik bankrekken.

Mar ik dwaal ôf. Ik wie bedarre by dat it skielk fannijs in spultsje wurdt fan ‘ik ek’ – oer macht en misbrûk. En diskear oer it machtsmisbrûk fan froulju dy’t ree binne en besykje oer beide boegen karriêre te meitsjen.
Hawar, wy sille no ienkear de pap kuolje moatte – dy ‘ik ek’-stoarjes hâlde oan as storein.

Nee, dan hâlde dy kateliken sokke ferhalen dochs better… ehh, yn ’e liken. Dy hawwe sa’n dôfpôt, sjuch, sa’n antikenien fan omtrint twatûzen jier âld, doe’t deugdlikens jit yn tel wie. En as dêr altemets alris wat oer de pôt prottelet, dan is der fuort in geastlike by, dy’t dêr spesjaal foar oanwiisd is, en kuolje de pôt, triuw it beest werom, sko it lid tebek en grommelje: ‘Och, bernepraat, no!?’
Hja ferjitte lykwols: As de pôt ienkear stjonkt, dan stjonkt er altyd.

Ik hear jimme al foeterjen: No, Jaap, net earlik in krystferhaal, wol!

Brek my de bek net iepen!
Dy krystman haw ik al hielendal op in pypfol. Lju dy’t sabeare sûnder in hierke eigenbelang op ’e holle by lytse bern mei presintsjes en snobbersguod oankomme, hat dizze jonge tafallich in skalk each op. Dat folwoeksenen inoar by de poat nimme wolle, dêr binne se op it lêst sels by. Mar in rûch yn ’t burd sittende folwoeksene keardel dy’t mei sin en doel en healwize merakels it bline betrouwen fan skuldleaze lytse bern misbrûkt, is foar my – it muoit my tige – net in skop foar de kloaten wurdich. As it him oan my lei, kin er as krystmiel ribsmoar mei pynoalje krije.
No sa!

Dit vind je misschien ook leuk...