Ik bin boer (2)

Ja, Sytze, dat is him. En dan fyn ik it liet op dy earste fideo it moaiste songen. Boppedat jouwe de bylden dêrby in folle bettere yndruk fan wêr’t it oer giet.
Ik moat ek sizze dat de Portegeeske tekst winliks folle moaier is as de wat snijsume tekst dy’t ik dêr yn it Frysk fan makke haw. De oarspronklike tekst seit: ‘A goeie, hurde wurker op it lân, no haw ik teminsten ien foar my oer dy’t net liicht (poer en echt is). Want it poere en echte fan jimme sit him yn jim wurk – yn it doel en de sin dêrfan en yn de leafde derfoar! …. En dan anderet de lânarbeider: och, ik bin mar in ienfâldige harder, ju. En dat falt beslist net altyd ta, hear (in harder bliuwt 24/7 by syn keppel skiep, moatst witte) as it reint (it reint hjirre komselden), kâld is (se witte hjir net wat kjeld is) en waait dat it rikket (sa’n soele wyn, witst wol?). Mar ik bin taai wurden, ju, troch dy striid tsjin ‘e eleminten. Ik bin wol wat wend, dat … dizze jonge leit net fan ien slach.’

No ja, ik oerdriuw it no wat – fan dat soele waar, bedoel ik. It Hollânske sechje is ‘Maart roert zijn staart!’ en Portegezen sizze ‘Março, Marcegão; manhãs de inverno, tardes de verão!’ (moarnsier is it winter en oerdeis simmer). Justermoarn warskôgen se op it nijs bygelyks dat de maksimumtemperatuer fan ‘e ôfrûne wiken flink omleech soe. Mar ik moast justermiddei doe’t wy út Beja weromrieden nei hûs ta, al frekte hurd ride om it klokje ûnder de tritich graden te hâlden. Mar it is wier, de minimumtemperatueren kinne moarnsier samar ûnder de tsien graden sakje. Ja, en dat fine wy yn ‘e Alentejo roetkâld.

😱

Mar ik sil no echt fierder mei dat Dútske boek. Dat geëamel fan mij altiten. Wêrom kin ik neat yn twa wurden fertelle, sa as oare minsken. Ik lykje bytiden ús heit wol. 

😱

NDF

Dit vind je misschien ook leuk...