Iistiid

Dinosaurussen wiene grut foar har ferstân neffens Fryske lju fan witnis. Hja soene foar de aardichheid ris yn ´e kunde komme moatte mei ús buorfrou hjir yn Portegal. Sa soene se har teoryen hol oer bol op ´en nij beskriuwe wolle.
Dêrom net, hja hoege net safier om utens. De famylje Hollanner by Nijkeap bygelyks hat op dat mêd ek in namme heech te hâlden. Harkje en mâlfarkje…

De âldste soan hie syn libben lang hearre moatten, dat syn heit, syn pake en syn âlde pake oer wetter rinne koene.
Elts fan harren wie op syn achttjinde jierdei mei de bilwein nei de herberch oarekant de mar reizge en keapje dêre har earst wetlik tastien slokje.

Rjucht op en del en dweiljende dweiltrochwiet stie de jonge op in dei foar syn beppe oer en seach har oan mei eagen as in liuw. “Beppe,” seid er mei fan grime triljend lûd, “ik bin hjoed achttjin wurden! Wêrom kin ik net, lykas ús heit, dy syn heit en dy syn heit, oer it wetter nei de herberch rinne? Ik bin fergemy hast fersûpt!”
Beppe loek in djippe sucht op, lei har breidzjen yn ´e skurte en andere: “Om´t wy no Heamoanne binne.”
Hja swijde, seach har beppesizzer in amerij oer har brul oan oft him al wat begûn te skimerjen. Mar doe´t se fêststeld hie, dat it him net wurde soe, biet se him ûnpasjintich ta:
“Jimme heit, jimme pake en âlde pake binne alle trije yn ´e Wintermoanne berne, do grutte kloat!”

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. D. f.d. Meulen schreef:

    To Vlog or not to flog.
    ‘n Ménske sin is ‘n oar siin libben.
    Moàtst dy’n neiste leaf ha âs di sells.
    Oade oan ‘e Willekeur of ûnforskilligens.
    Hookstra & cabalhaose twisten.
    Forûntsculdigje
    Deinothesaurussen iin ‘e Tresoar, dressoir.
    Marmotten, mammûthen iin ‘e iistiid, glace.
    Drugstore Portegies-k prate âs bûtenlânner.
    Famiilje De Hollânner by Neykeaper Puollen.
    Prince Jesous Xristos roun o’er ‘t iis up ‘e Mar
    fon Galiléa Tiberias. – Piter sacke der throagh.
    Reed-ride ‘n wek vac-ant, ‘n biit foll mei einen.

  2. D. f.d. Meulen schreef:

    To Vlog or not to flog.
    ‘n Ménske sin is ‘n oar siin libben.
    Moàtst dy’n neiste leaf ha âs di sells.
    Oade oan ‘e Willekeur of ûnforskilligens.
    Hookstra & cabalhaose twisten.
    Forûntsculdigje
    Deinothesaurussen iin ‘e Tresoar, dressoir.
    Marmotten, mammûthen iin ‘e iistiid, glace.
    Drugstore Portegies-k prate âs bûtenlânner.
    Famiilje De Hollânner by Neykeaper Puollen.
    Prince Jesous Xpistos roun o’er ‘t iis up ‘e Mar
    fon Galiléa Tiberias. – Piter sacke der throagh.
    Reed-ride ‘n wek vac-ant, ‘n biit foll mei einen.