Iis mei nuten
In âldman stoarrelet op ´e Grutte Merk yn Grins de iissalon fan Talamini yn en bûkelet ferrêden fan ´e pine mei in soad lijen op in taboeret foar de fitrine. Hymjend en pûstend as in ôfbeunde guds wiist er it fanke efter de toanbank trije smaken oan.
‘Kreake nuten?’ freget de tsjinster freonlik.
‘Nee,’ seit de âldman, ‘rimmetyk.’
Recente reacties