III. Joadehaat: oerurven of oanwurven?

Ik begûn dut triedsje okkerdeis om’t ik der wakker nij by op seach dat ynternasjonale bewegings foar de minskerjuchten har nei 7 oktober earst de bek holden, mar fuort mei de hiele wâl útfoelen doe’t de bom op it sikehús yn Gaza foel. Fuortynienen wiene der wrâldwiid pro-Palestinadimmestraasjes.
Dêr moast ik doe even lûdop oer neitinke.

Mar juster hearde ik keningin Rania fan Jordaanje (Port. rainha Rania – beide wurden hawwe trije wurdlidden) tsjin Christiane Amanpour (CNN) sizzen dat it justoarsom wie. Mei oare wurden, har wiene de pro-Palestinadimmestraasjes (ek yn har eigen lân) sa’t it skynt net iens opfallen.
Hja is fan Palestynske komôf — keningin Rania, bedoel ik — dat it hat kâns dat hja de saak út in justjes subjektiver eachweid wei besjucht as ik.

Ik-sei-de-gek bin fan betinken dat pro-Palestina- of pro-Israeldimmestraasjes ús net in stap fierder bringe. Krektoarsom! Nee, wy soene neffens my mei syn allen dimmestrearje moatte foar de minskerjuchten fan it grutte leger fan ûnskuldigen.

Ik wit wol dat it in populêr sechje is dat ‘elts folk it regear hat dat it fertsjinnet’, mar mei sok sizzen hie dimmekratysk Amearika jin yn 2016 nei de strôt flein. Sa binne der ek smiten Israeliers en Palestinen dy’t perfoarst net foar it regear fan Netanyahû of Hamas keazen hawwe.
It grutte leger fan ûnskuldigen sit middenmank lêstneamde partijen yn ‘e knipe.

Dêre soene de ynternasjonale dimmestraasjes har op konsintrearje moatte, op de rjuchten fan it gewoane folk. Dêre soene de bewegings foar minskerjuchten har pylken op rjuchtsje moatte, op lieders dy’t ûnmiskenber autokratysk fan aard binne en it earme folk de dea dogge.

Dit vind je misschien ook leuk...