II. Joadehaat: oerurven of oanwurven?
Ik kin wol begripe dat fuor lju, dy’t grutbrocht binne mei swart-wytbylden fan goed (Floris) en kwea (Grutte Pier), de noasje ‘wêr’t twa fjuchtsje, hawwe twa skuld‘ fierstente djip giet. It is te hoopjen dat jongere ginneraasjes – alteast dy’t net te bot yndoktrinearre binne mei swart-wytbylden fan de âlderein – wat djipper sile.
Ja, skuld. Us waard mear as fyftich jier lyn op skoalle noch leard dat it FK mei syn Balfour-ferklearring oan ‘e widze stie fan it konflikt. Ja, as men twa folken ien en itselde Lebensraum taskikt, sa kin men derop wachtsje dat it bargebiten wurdt…
Watsjo?
Meie se dat net? No, kattebiten dan.
Balfour-deklaraasje:
His Majesty’s Government view with favour the establishment in Palestine of a national home for the Jewish people, and will use their best endeavours to facilitate the achievement of this object, it being clearly understood that nothing shall be done which may prejudice the civil and religious rights of existing non-Jewish communities in Palestine, or the rights and political status enjoyed by Jews in any other country.
Dat men mei it wol iroanysk hjitte dat de premier fan it FK okkerdeis nei Israel ta reizge en de presidint en earste minister dêre His Majesty’s Government’s adheezje betsjûge mei it lijen fan it Joadske folk. Dat, as it goed sil, moat er no ek noch even nei baas Abbas ta en betsjûgje him His Majesty’s Government’s begrutsjen mei it lijen fan dy syn folk.
Ûndertiid is de sitewaasje foar it Israelyske leger net te winnen – it moat in brigade útskeakelje dy´t beskûl siket mank it eigen folk en Joadske gyslers. It tsjucht in gebiet yn dat it blok foar blok – en bytiden hûs foar hûs – ynnimme moat mei de grutte kâns dat leden fan dy brigade troch it ûndergrûnsk oanleine gongestelsel efter syn rêch wer opdûkt. Dêrom net, it is de hjitting dat yn dat gongestelsel ek de measte gyslers fêstholden wurde.
De ynternasjonale eask dat der gjin ûnskuldige boargerslachtoffers by dizze misje falle meie, liket dêrom net botte realistysk. Oarloch is oarloch.
Hamas hat de ynformaasjeoarloch sa’t liket op ‘e foarhân al wûn. Juster wiene der wer withoefolle pro-Palestinadimmestraasjes, dy’t hjir en dêr mear wei hiene fan anty-Israeldimmestraasjes. Partij lannen hiene harren steat fan paratens foar terroristyske oanslaggen ferhege troch mear plysje by Israelyske ambassades en synagogen yn te setten. (Blykber binne se net sa benaud foar terroristyske oanslaggen op bygelyks moskeeën.)
Oars sein, Hamas wit de skynber ynternasjonaal ûnderhûdsk trochkankerjende Joadehaat feilleas omheech te poatterjen. Dêrmei is net sein dat alle dimmestranten juster Joadehater wiene. Perfoarst net. Want wa is der ommers no net foar dat der yn dizze oarloch gjin ûnskuldige boargerslachtoffers falle? Sels de Israelyske legerlieding is dêr grif wol foar te finen. Mar de neidruk lei juster op de ûnskuldige boargerslachtoffers fan Palestina. De ûnskuldige Joadske boargerslachtoffers dy’t omkamen by de oanslaggen fan de Al-Qassambrigade – juster persiis twa wike lyn – of doe yn gysling nommen waarden, binne sa’t skynt al yn it ferjitboek rekke.
Recente reacties