Iepen brief oan hoofdredactie@lc.nl

(it is dêr mei âlde kranten tichtplakt)

Rju achte Sander,

As oanfolling op: “Weet u wat ‘fernimstich’ betekent? Of ‘tsjoender’?”

Wit Sander wat ´fernimstich´ njonken ´tûk´ en ´snoad´ ek betsjut? ´Waanwiis´, ´op oaren delsjend´ en ´jin hiel wat ferbyldzjend´. It eigenskipswurd wurdt yn dy sin gauris brûkt foar ynkommelingen yn Fryslân dy´t har net oanpasse wolle. En ´tsjoender´ wurdt njonken foar ´immen dy´t tsjoent´ ek wol brûkt foar `ien dy´t omstipt en neat docht´, ´immen dy´t neat te ferstriken hat´, dy´t wat sit ´te kloatdrûgjen´ of ´te neilbrieden´, ´ien dy´t oan ´e loaie line lûkt´ of ´immen dy´t op it mesthok leit´ en foar ´ien dy´t oars neat yn te bringen hat as lege briefkes´.

Wat de bedoeling fan Sander syn stikje oanbelanget: “een korte toelichting op hoe deze krant [de Ljouwerter, jsl] omgaat met de Friese taal. Zoeken naar balans is van alle tijden”

No, net earlik fan alle tiden, Sander. It Frysk bestie al in moai skoftke, doe´t it Hollânsk jit mei syn Bataafske heit de Ryn ôfsakke. En syn ôfsakjen gong mank mei ús ôftakjen – net allinnich fan ús wengebiet, mar ek fan ús skoane sprake. De Bataven, dy´t har op it heden ´Hollanners´ neame, hawwe nammentlik alle prikken yn it wurk steld en ferkring it Frysk mei hûcheljen en gûcheljen. Is dat wat Sander bedoelt mei `zoeken naar balans´ – it Hollânsk yn blâns en glâns en it Frysk mei de teannen yn ´e jiske?

Watsei?

Ja, dêr hat Sander de loarte by de skjinne ein – de Hollanner is net it iennichste lilke bist. De Noar leit it near op it Samysk, de Ingelsman op it Welsk, de Frânsman op it Bretonsk, de Spanjert op it Katalaansk, de Sinees op it Oeigoersk… ensafuorthinne, ensafuorthinne.

Mar soe it net in dealske dompert bûter yn ´e brij wêze foar dy kultuertalen as der by harren in krante wêze soe dy´t alle dagen teminsten de foarside yn ´e taal fan it gea útbringt? Of is soks te fernijend foar in nijsblêd dat himsels as ferlingstik fan ´e dompergeast fan ´e potestaten sjucht?

Eerder die week kwam er een andere brief [Sander hat it hjirfoar hân oer in briefskriuwer dy´t fan betinken wie dat de Ljouwerter te min Frysk ynhat, jsl] binnen, van een echtpaar uit Leeuwarden. Deze lezers hadden een heel andere mening: ´Wij beginnen ons nu echt te ergeren aan de hoeveelheid Fries wat [sic, jsl] er in de krant gebruikt wordt, voorheen was het voornamelijk in de Fryslân bijlage, maar ook steeds meer in het hoofdblad, zeker wanneer er in de artikelen de journalist in het ABN een vraag stelt en de geïnterviewde in het Fries antwoordt, dan wordt het zo overgenomen.´ Te veel Fries in de krant.”

Sjuch, ik kin tige goed foar my krije dat Turken – en oare ynkommelingen dy´t har yn ´e Nederlannen nei wenjen sette – der wol oan ha en krij it Hollânsk (mei punktewaasje en al) yn ´e besnijing. Dat it oanhelle ´echtpaar uit Leeuwarden´ it alsa wakker dreech fynt en lear dêrtaboppe nochris Frysk lêzen, dat kin dizze jonge him wol begripe. Ek al soe ik hjir noch al efkes nei foaren bringe wolle dat de behearsking fan it Hollânsk fan Turkske en oare ynkommelingen (en fral fan Friezen!) yn ´e regel grutter is as dat fan… Wachtsje ris! Hahaha! Nee wol!? Soe it sa wêze kinne dat Sander hjir in… eh, troud stel (´man-en-wiif´ kin men jin op it heden mei ferrifelje) dat de eigen memmetaal jit net ûnder de slach hat, as tsjûge à décharge presintearret. Hahaha! Dat soe in bak wêze! Sander dy kin der wat mei! Net dat ik sokke lânslju leechlizze wol – perfoarst net. Hja hawwe har Hollânsk lichtwol út ´e krante putske. It is te hoopjen foar Sander dat dat net de Ljouwerter west hat. Likefolle, it is fansels al omtinken begrutlik. Alhoewol´t ik it dy lju net kwea-ôf nimme sil dat se har eigen taal fertutearzgje litte – dat docht it mearpart fan ´e Hollanners. Wat ik sokke healalfabeten al kwealik nim is dat se almeast de earsten binne dy´t yn ´e wapens komme tsjin ynkommelingen dy´t de lânstaal net leare. Mar, hoenear´t se harsels yn in oar lân, leafst yn Súd-Jeropa, of yn Fryslân nei wenjen set hawwe en nei tsien jier noch net mear fan ´e lânstaal behearskje as it opstekken fan twa fingers (itjinge “Twa bier!” betsjutte moat), dan jilde der halje-trawalje oare noarmen, tink.

Jawis, smiten Friezen (no en yn it ferline) hawwe der ek wol oan en lês har eigen taal. En nee, soks kin men Sander net op ´e lea skowe, nee. Soks is (mei) de skuld fan Sanders foargongers yn ´e ôfrûne goed treddel iuw. Mar Sander is no skepper en skriuwer, en hat de kar om: óf as grize mûs de dompergeasttradysje fuort te setten óf syn krante ta kultuerdrager op te wurdearjen – ta ljochtsjend foarbyld foar oare kultueren yn ´e wrâld.

Goed, ik wol Sander wol tajaan dat in folsleine foarside yn it Frysk ek foar mannich Fries in poepetoer wêze soe. Men moat de jint net te grut nimme, no. Mar wat seit Sander fan: alle krantekoppen op ´e foarside yn it Frysk, as earste stap op ´e wei nei in nije dei yn in nij jier? In âlde Sineeske siswize giet sa: In reis fan tûzenen milen begjint mei in inkelde stap. In wierheid as in ko.

Jawis, de Ljouwerter… o, sorry, ik bedoel fansels De Leeuwarder Courant… kin hinnegean en bliuw frysksinnige lju fernimstich weisetten as seurpiten. Krekt sa´t de LC – no´t wy dy frekte piten dochs op it rabat hawwe – bile mei de Hollânske hûnen yn ´e bosk oer de Friezen dy´t in daam opsmieten tsjin Hollânske reboeljemakkers dy´t in bernefeestke ferhûntheie woene. Dy Friezen waarden doe weiset as reaksjonêren dy´t oan in ´racistische traditie´ fêsthâlde woene, hahaha. Wylst dy hiele ´racistische traditie´ doedestiids as nostalgyske neitins optocht is fan Hollanners dy´t ûnwennich wiene fan de ôfskafte slavernij, dat ´toch zo´n alleraardigste traditie´ wie. Nee, dy út Hollân oerwaaide tradysje dy´t no in foech oardel iuw duorre hat, ha wy op in pypfol, hear – wat ús oanbelanget wurdt “Zwarte Piet bij Dokkum vermoord”. Lykwols is it no ienkear sa, wy kinne Hollanners net snuven hearre dy´t har nea en te ninter bekroade hawwe om ús taal en kultuer en dy´t it dan hommels yn ´e plasse slein is en kom ús (oer de rêch fan ús bern) yn ´t ear knippe, hoe´t wy ús te hâlden en te dragen hawwe. Ja, skyt!

Mar ik doarmje ôf. Wat ik sizze woe, is: Jawis, jim kinne op ´e selde foet trochgean en omtsjoenen bliuwe mei jimme ´harmonieuze ontplooiing´ neffens ´ons redactiestatuut´. Dêrfoaroer… Sander en dy kinne ek eat radikaal nijs út it strie sette en skiednis meitsje. Sa´t ik al sei, jim binne skepper en skriuwer. Fryslân en de Fryske taal soene jim op hannen drage.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. januari 7, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]