Ien poepke en it wie stront

Okkerdeis skreau ik jim ommers noch, dat dy Ibearjers hjirre net rjucht wend binne oan fytsers. Se geane net rom om jin hinne, mar jouwe jin leafst in tútsje mei de sydspegel, mei omtrint 100 km yn ‘e oere.
Oft de deale der mei spile, wie dat de oare deis fuort yn it nijs op it tillevyzje …
Hin?
Nee, ju, net dat ik dat skreaun hie, dat net. Nee, it wie in reportaazje oer de frage wêrom’t de trochhinne Portugees sa’n hont yn ’t ferkear is. Foar de skoupraters sis ik der fuort by, it ferkear op ’e dyk; it ferkear op bêd komt de oare kear op it aljemint.

Neffens my hat it te krijen mei it ferskeel tusken de ‘fan boppen/del’ oanpak en de ‘fan ûnderen/omheech’ wurkwize.
Wat ik dêr mei sizze wol is, dat Portugezen goed twa ginneraasjes wend binne nei de hân fan in diktator, dy’t harren (fan boppen ôf) oplei hoe’t se harren te hâlden en te dragen hiene. En soks gong fier, hear – soks gong ferfrettende fier …
Foar ôfblazen om mar wat te neamen koe men al yn ’e hechten set wurde. Dat, by setten en pretten dêr’t it wakker tarren en smarren wie, moast men jin omtinken tewacht nimme, want stille ferklikkers dy’t sa’n oansetterij troch it gat(!) seagen, wiene rûnom. In sleauwe earsterm en de oare deis hie men de plysje om ’e doarren. Oars sein, ien poepke en it wie stront. Neffens my komt dêr ek it Portugeeske wurd foar stille ferklikker fandinne, bufo – dat teffens it wurd foar furt is.

Begripe jim wat ik bedoel as ik sis: soks giet in mins yn moarch en bonken sitten, de eangst oanstjit te jaan?

Soksoarte hâlden en dragen dêr’t hoedenens it biedwurd is, sjucht men ek yn de Feriene Steaten. Dêr stelle de lju harren yn it deistige maatskiplike ferkear (bûtendoarren!) ek wakker ta deugd oan … út eangst. Dêr is it net út bangens foar in diktator en syn stille plysje (al liket it op it heden wat langer wat mear dat út te gean), mar dat de oar in wapen by him hat.
Alteast, dat is myn útlizzing fan harren hoflikens. Jim hoege dat net te leauwen fansels. Jim hoege dat allinnich mar fan my oan te nimmen as jim libben jim leaf is, blikstiender!

Ik wenne ris in rodeo by yn Buffalo, Wyoming. De hiele jûn haw ik net in wurd wiksele mei de man dy’t njonken my siet. Doe’t wy nei de foarstelling oerein gongen, kearde de man him nei my ta, tipte oan ’e hoed en sei: ‘Nice talking to you!’ Hy sil wol tocht hawwe: Blinder, ik wit net, dy hat neffens my in grut kaliber yn ’e bokse.
Inkeld in rôltsje King, ju, út Snits.
Mae West koe it sa moai sizze ommers. Hoe wie dat mar wer? Is that a gun in your pocket or are you just happy to see me? Sokssawat.

Mar tebek nei ús Portugeeske freonen. En wat ik fertel oer Portugezen, jildt út ’er stee ek foar Spanjerts. By harren wie it Franco en hjirre wie it Salazar. En, foar’t de bangens swûn is, soks duorret op ’en nij goed twa ginneraasjes. Safier binne wy hjoed-de-dei omtrint. En no’t se ienkear yn ’e smizen krige hawwe dat der net ien mear is dy’t harren alle klapsketen(!) op it festje spuit – lit stean fan fuort efter ’e doarren rinkelet – kin it wol wat lije, miene se. Ommers, frijens blijens.

Wat de trochhinne Portugees/Spanjert no op ’en nij leare moat, is dat syn frijens ophâldt dêr’t er oarmans blijens tenei komt. Mar it jin bedimjen moat – teminsten as it goed sil – net fan boppen ôf oplein wurde, mar moat út jinsels wei fuortkomme. En foar’t ien him út himsels wei ta deugd oanstelt, moat er dy behearsking fan memmeskurte ôf meikrige hawwe. En dat bedoelde ik dus, doe’t ik it hie oer in ‘fan ûnderen/omheech’ wurkwize. Lykwols, foar’t dy beskaving him ferinerlike hat, sil dêr wer in ginneraasje twa/trije roai ik oerhinne gean.

En sa komme wy út soarte wer telâne yn Fryslân, dêr’t de trochhinne boarger inerlike beskaving troch ieren en sinen brûst mei’t er troch de iuwen hinne seedlik en geastlik foarme is sa’t it heart, dêr’t frijens en blijens folslein yn lykwicht binne, dêr’t alleman in hear yn it ferkear (op ’e dyk, blinder!) is en dêr’t nea ofte ninter in ûnmis wurd sein wurdt. Dat hat altyd sa west, dat sil oant yn lingte fan dagen sa bliuwe. Sjuch mar op it FB webstee ‘Fryslân en de Fryske taal’ as jo wat mear witte wolle oer yntrinsike beskaving – dy’t eagen hat kin mar lêze.

Dit vind je misschien ook leuk...

5 reacties

  1. Douwe fd Meulen schreef:

    ’t TilleviizjeTastell of de telewisië. Nee, juh, yoh, minne honte, haatlike.
    Skou-prater sit by de heord of is skruten. Beneyd ney de spondesport
    no’t wii witte fon ’n sloech rectum dât nèt fon tuutsjen of blazen wist.
    ’n Bufo is ’n podde. Opera bufo hast èk, poddewörken, pront operette.
    Bo’fiist fon Portugies, guozzen, petomanen en klikspanen of claxons.
    Buffalo Bill Bison Circus en Karl May Western, ’n Faam uut Snitch. (!)
    Guillauming Guy, Why oh Wye river. Uterstee ouwixelje mei perfoarst.
    Blythe. Blidens en blierens riimje nèt op freihied fonsells. – Släpstick?
    Fon ûnderen Up en Dell. Upstalsboom Doomsday Book behearsKing.
    Ferynderlykje, roai ik, (comma’s) ûnmis? ferkeard wörd. Nâlestoàrje?
    Die’t egen hat, (comma) kin it laese.

  2. Jaap Slager schreef:

    ‘Ut ‘er stee’ ôfwikselje mei ‘perfoarst’? Ik haw it wurd mar ienris brûkt. Dochs?

  3. Douwe fd Meulen schreef:

    Och, it stie èk ’n kear iin ’t stick hjir foàr, Frieslawn oan ‘e kop …

  4. Douwe fd Meulen schreef:

    14 rigels fon ûnderen.

  5. Jaap Slager schreef:

    Dat ik hast yn alle stikjes Douwe in kear neam, hear ik dy net oer 😉