De Hollanner mei in ko stelle en de oare mei net iens oer de hikke sjen
Abe de Vries is der fier by troch, as er ornearret dat ‘de verbinding tussen identiteit en taal wordt doorgesneden’. En ik bin moai wis op ‘e knikkert, dat ik dêr net hosk mei bin, as ik dat sis – dat allinnich yn Nederlân al in lytse 17 miljoen lju dêr allyksa oer tinke.
Ommers, hja roppe hast allegearre dat immigranten de taal leare moatte, dat de taal in ‘onlosmakelijk onderdeel is van onze identiteit’. En dat binne ferwis net inkeld de meast ûnferdraachsume lju dy’t soks roppe, Abe de Vries!
Mar no komt it …
It binne deselde lju dy’t, sadree’t se har nei wenjen sette yn Fryslân, op ‘e lânstaal delsjugge as in dokter op ‘e dea. En ja, Abe de Vries, de meast ûnferdraachsume (wer) foarop.
Dat it soe faaks in nijsgjirrige ferfolchynfentarisaasje fan it ‘I-woord’ wêze kinne en doch yn 2018 ûndersyk nei ‘de verbinding tussen identiteit en hypocrisie’. Want it soe my in leaf ding wêze as dy ferbining ris trochfike wurdt.
Kin jo in link mei wat kontekst jaan? Ik folgje it petear net hielendal. Tankewol,
Nim my net kwea ôf, Ensma. It wie in wat pleagerige reaksje fan mij op it artikel ‘Identiteitspolitiek is cultureel geweld’ yn it Friesch Dagblad fan sneon 31 maart l.l. dat te finen is op de FB-side Fryslân en de Fryske Taal. It begjint mei ‘De verbinding tussen identiteit en taal wordt doorgesneden volgens Abe de Vries, die het gebruik van het ‘I-woord’ in 2017 inventariseert.’
It andert fan Abe de Vries op myn reaksje wie: ‘Ik miende dat it wol dúdlik wie dat it my gie om de ferbining tusken it Frysk en de Fryske identiteit. Jaap Slager hat hielendal gelyk dat it Nederlânsk op ‘t heden en altyd al o sa brûkt wurdt om in Nederlânske identiteit, wat dat fierder mar wêze mei, te ponearjen. Mar wer net foar de elite fansels, de universiteiten prate Ingelsk.’
Tankewol, ik sil it lêze!
Yn oarder, Jensma. Ik hie myn earste reaksje op it stik fan Abe de Vries hjir allinnich efkes stâle om it fierder út te wurkjen. Mar … dat hoecht no net mear, leau ik.
Dêrom net, mar dit wie wat Kerst Huisman kwyt woe oer syn fielen by ‘Fryske identiteit’, yn in reaksje op myn stikje fan 27 febrewaris l.l. Ik wit it net, mar faaks hat it mei de oanstjit west foar it artikel fan Abe …
‘Dit wat iroanyske stik fan Jaap Slager soenen folle mear minsken lêze moatte. En dat is sa, omdat hy op syn wize de finger leit op krekt it seare Fryske plak. Foarst fyn ik wol, dat dy ferliking mei de Flaamske sitewaasje, sa´t Jaap wol, net echt opgiet. Belgie, en dêrmei de taalstriid yn Flaanderen, is ûntstien as gefolch fan in oantal geopolitike besluten. Doe´t dêr in opstân tsjin Nederlân útbruts, lei it gewoan yn de reden dat it Frânsk, as anti-Hollânsk symboal, dêr de steatstaal wurde soe. Dat hat it ek in skoft west, mar dat is wer feroare. En dat is in oar ferhaal as it ferhaal, oant no ta, teminsten, by de Friezen/Friezinnen. Mar der liket sa stadichoan in echte tsjinstelling te ûntstean tusken de Taalfriezen en guon Oare Friezen. Mei Taalfriezen bedoel ik dyjingen, dy´t de taal sa sintraal stelle, dat se hast gjin each mear lykje te hawwen foar oare kanten fan it Frysk wêzen. Dat komt mei, omdat se in hiel soad tiid en enerzjy yn de stúdzje fan it Frysk stutsen hawwe, alle mooglike diploma´s op dat mêd helle hawwe, alle mooglike Fryske boeken trochwraksele binne, en guon sels in djipgravend ûndersyk dien hawwe nei alle mooglike taalsosjologyske kanten fan de Fryske taal. Dat wurdt dan it hast absolute útgongspunt by in wichtich diel fan har maatskiplik hanneljen. Dêr is net sa folle op tsjin, begryp my net ferkeard, mar it is wol in grut probleem as dat de iennichste wize wurdt, wêrop´t de Fryske identiteit him uterje kin. Omdat it idee ´Fryslân´ sa sterk beheind wurdt ta de taal, bliuwt de ynset foar de taal nei bûten ta, nei dy Oare Friezen ta, ek dêr it oerhearskjende byld. Ik haw my ienris sels Frysk skriuwen leard en it dêrnei reedlik besocht te kompletearjen doe´t ik op de Drachtster kweekskoalle les yn it Frysk krige. Dêrnei haw ik der nea mear serieus wurk fan makke en ik sil dat ek no net mear dwaan. Ik sil bêst ris flaters meitsje, mar ik besykje, somtiden ek mei help fan it Akademy-wurdboek, it sa goed mooglik te dwaan. Mar ik bin gjin Taalfries. Ik sjoch it perfekt skriuwe kinnen fan it Frysk en alle omtinken op de taal rjochtsjen echt net as in sintraal elemint fan myn Fryske identiteit. De Fryske identiteit soe him bygelyks ek, lykas yn Wales en Katalûnja, uterje kinne yn in stribjen nei politike ûnôfhinklikens (nei, sa´t de Welshe Plaid Cymru it al desinna lyn formulearre, in sit foar Wales yn de Feriene Naasjes, yn it mienskiplik koar fan de folken, en om oer Katalûnja mei syn heldhaftige skiednis – tink oan 1936-1939 en Franco, en ek oan dy moedige minsken no – mar hielendal te swijen) wêrby´t de taal wol in rol spilet, mar perfoarst net de iennichste rol. Dêrom, minsken: lês dit ferhaal fan Jaap Slager. Wy kinne der allegearre better fan wurde.’