Húslik geweld

Wit ien fan jimme wat in moca com pregos is? Net ien?
Dat is in preuvel dêr’t oan alle kanten spikers útstekke …
Nee, net oan it hantein, lokkigernôch. Want mei sa’n ding moat men jins útflechtige wiif bytiden efkes in wan oer de harsens jaan, sjuch. Alteast, as men yn Portugal wennet.
Watsei?
De spiker op ’e kop, ja. Haha, bist in moaien-ien, do!

Dêrom net, mar ik hie it oars ek net witten, hear, wat in moca com pregos is. It wie om’t it Iepenbier Ministearje it yn appèl smiten hie, doe’t de bedriuwer rjuchtdei mei in kondisjoneel strafke befeestje koe. Soks hjit yn goed Frysk: mei beppe hantsje krije.

De saak kaam yn appèl foar rjuchter Neto de Moura …

Dy hie soks al mear by de ein hân en smiet it slachtoffer fuort kneppels foar de skinen. Of hy seach it ferkearde meubelstik oan foar it skandebankje, dat kin ek fansels. Hy sette it teheistere minske de kaam op ’e noasters en ornearre dat se der noch genedich ôfkommen wie; dat oerhuorrige sletten as hja yn ’e goede âlde tiid har troubrekkerij mei de dea bekeapje moasten. Hy liet it kondisjonele strafke foar de bedriuwer gewurde en bebakte yn syn fûnis in pear spikerhurde(!) Bibelteksten. Sjesa!

De sintinsje wurke út as in preuvel ûnder de hinnen, mar it betomkjen en befielen troch de tv-kommentatoaren dêr koe dizze jonge net op wachtsje – ik moast as de bliksem sjen dat ik by de izerwinkel kaam. Want, ja, foar’t men wit, is men sa’n ding fanneden, no.
In izerwinkel hjit yn Portugal wakker tapaslik in drogaria (drogisterij), dêr’t men alsa spikers op ’e kop(!) tikje kin foar medyske doelen – foar pineholle, haha!

Wat tochtste? Utferkocht fansels! It wie wer ris in spultsje fan mear hûnen as bonken. Ik koe mei lijen de helte fan in boupakket bemasterje. No sykje ik noch in preuvel …
Watsei? Ynternet?
Allikemin! Ik mei foar myn ferstân grut wêze, mar dêr hie ik al lang sjoen.
Hawar, hat ien fan jimme tafallich ek ferlet fan in healpûn spikers? S.g.a.n. … Watte? Sis mar frij fan nagelnij! Kinne jimme om mij no sa – alteast, as jimme in preuvel ha – op ’e kop tikje.

Dit vind je misschien ook leuk...

6 reacties

  1. jangerben schreef:

    Nim me net kwea ôf Jaap, mar wat foeget dit ferhaal no ta oan ‘Fryslân en Fryske taal’ ?

  2. Jaap Slager schreef:

    It kin wêze, dat ik de iennichste Fries bin dy’t bewitten hat fan in wrâld bûten it heitelân. It kin ek wêze, o apenutebrein, datsto de iennichste bist dy’t mienst datst skepper en skriuwer bist.

  3. Dauwe fon der Meulen schreef:

    JG: nim my/mi nèt a’quea ou/ôff. Friesk hat gjin ‘me’ en m’n inkeld iin m’nhear.
    Jaap: r. 2. réaksje: dy’t mienT dâtst … ’n moker mei prikels. Up ’n kneppelfreed.
    Appèl foàr ’n romrofte rioghter. Corrupt hite sokken hjir dân iin ‘e Lege Lawnen.
    Asscher begoen mei Blommehôve foàr feministen fon ‘e PfdA om abortearjen.
    Âs lêste de rioghter die’t Wiilders feroardiele om “Minder Marokkanen” iin Ned.
    Krekt âs hast neat te kiezen iin disse Dictatuer. En die’t H.Jonmaat feroardiele.
    N. fd Muorre hat ’n namme heegh to hôlden. “Gean hinne en sûndigje nèt wer.”
    ’t Bêste stick huusrie is ’n good wiif! saide Jesous. ’n Meubelstick is negativer.
    2 preuvels, prevelemintsjes. Spikersiswizen. Pindaharsens fon Jon Gerben M.
    O wie dât ’n ôldizerwinkel dêr’t wi die drugs koften. Uutdragerij tochten wi, juh.
    Hoenen mei ien sa hurd âs ’n bonke en upswollen iekel. Uutbonker or a boner.
    Uus hait sai dêrom: Dêr kinst better fon pissië as fon ’n (heäll)poen spikers …
    Nageltsjetsiis sizze, nageltsjebeam. Slut shäming and bläming, whore hostel.
    Hagetoàrnen Croan foàr Prince Ckristus iKoaning by ’t Cruus, ’n huorrerinner?

    • Jaap Slager schreef:

      Dat is in spultsje fan sa ja sa nee, heite, nei myn bestek. Teake Hoekema seit yn dizzen: as it pronomen relativum in pronomen personalis ta antesedint hat en subjekt is yn de bysin, komt it tiidwurd dêryn yn tal en foarm oerien mei it antesedint.
      No nimsto fansels ‘iennichste’ as antesedint – dêr is wat foar te sizzen – mar ik-sei-de-gek bin útgien fan de twadde persoan singularis. No do wer.

  4. jangerben schreef:

    Do bist wyld op in denigrearjende manear fan skriuwen.Der is in sizwize ‘ Oan de klaaiïng werkenne je de fûgel’ dat soe mei it skriuwen ek bêst fan tapassing wêze kinne.