Hurdrinners dearinners

Dûmny komt de jachtweide yn en nimt Hoekstra geweken.
Wolsto nei de himel ta?
Jawis en wrachtich al! anderet Hoekstra.
Moai, seit dûmny en sjit Buursma oan.
Wolsto nei de himel ta?
Jawis! anderet Buursma. Wat oars?
En do, Egbers, wolsto nei de himel ta?
Jawis en dat! jout Egbers dûmny werom.
En do, hifket dûmny de folgjende, wolsto nei de himel ta?
Ik prakkesearje der net oer!
Dat flouste! falt dûmny de bek iepen. Wolsto sizze, Fon der Meulen, datsto letter ast dea bist, net nei de himel ta wolst?
O, bedoelt dûmny sa? Ja, dan al fansels! Ik miende dat dûmny fuort mei in ploechje op ‘en paad woe …

You may also like...