Huning

Wisten jo dat…

  • huning libbene ensimen ynhat
  • dy ensimen deagean at se mei metaal yn kontakt komme, en de huning ferjûn is
  • der tusken de tsien en tachtich tûzen bijen yn in kast libje
  • huning in stof ynhat dêr’t it minsklik brein better troch funksjonearret
  • huning it iennichste fiedingsmiddel is dat allinnich by steat is it minsklik libben yn stân te hâlden
  • bijen minsken yn Afrika fan ‘e hongerdea rêden hat
  • men — bûten wetter — libje kin op alle dagen ien teeleppelfol huning
  • bijehars it krêftichste natuerlike antibioatikum is
  • foar ien gram fergif tsientûzen bijestekken fanneden binne
  • huning ûneinich hâldber is
  • huning it alderearste betelmiddel wie
  • nektar út in miljoen blommen fanneden is foar ien mingel huning
  • de alderearste jildstikken mei in ôfbylding fan in bij munte waarden
  • men huning it âlderbêste yn ‘e skiven ite kin
  • men huning mei in houten of plestik leppel ite moat (en net mei ien fan metaal)
  • de natuer dêr’t bijen libje, de sûnste risping jout
  • in bij in faasje fan 60 km yn ‘e oere meitsje kin
  • de omskotten fan de grutste hearskers fan ‘e wrâld begroeven waarden yn goudene skrinen ynwreaun mei huning om it ûntbinen tsjin te kearen
  • bijen de iennichste ynsekten binne dy’t produkten meitsje foar minsklike konsumpsje
  • jongelju nei har trouwen huningprodukten ite om reden fan fruchtberens (honeymoon)
  • de bijekeninginne yn ien dei twaris har eigen wicht oan aaien leit
  • de bijekeninginne in siedstring hat
  • in bij mear as alve tûzen kear yn in minút wjukwapperet
  • huning fan manna it gaadlikst is foar lju dy’t ornaris allergysk binne foar bijeprodukten
  • in bijelibben minder as fjirtich dagen is, dêr’t er op syn minst tûzen blommen yn oandocht en minder as ien teeleppelfol huning produsearret?

Mar foar in bij is dat in fol libben.

En hoenear’t de bij derby is, binne wy dat ek!

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Hee, wat aardich! In soad fan dizze dingen hie ‘k gjin weet fan. Wer wat leard, tige tank foar dizze punten!

  2. Jaap Slager schreef:

    Sa gong it my ek, Rommert. Ik haw net ûndersocht oft alles wier is, hear. Ik haw it gewoanwei út it Portugeesk wei oerset. Guon punten haw ik gewurde litten. Sa as… dat foar froulju huning fan manna it bêste wêze soe. Soks ropt mear fragen op, tocht my, as dat it beanderet.