Hûndert
Juster waard ús heit hûndert. Dat is te sizzen, hy wie dat wurden as er der noch west hie. Kissinger hat dy mylpeal wol berikt, mar ornearre juster dat it moai wie sa. Us omke Pyt hat der okkerwyks de brui oan jûn. Hy wie 96. At ik omke Pyt oan it tillefoan hie, seid er gauris: ‘As ik der skielk net mear bin, moatst hjirom tinke: ik haw in prachtich libben hân!’
Hy besleat it petear altiten mei: ‘Do witst dat ik o sa wiis mei dy bin, hin? Net ferjitte, hear! Ik bin grutsk op dy.’
Ik wist nea net goed wat ik dêrop sizze moast. Ik wist altyd better hoe’t ik mei krityk omgean moast. Dêr hie ik mear ûnderfining mei, benammen fan ’e kant fan ús heit.
Us omme Pyt koe moai fertelle. En ik heinde him alle wurden op ’e tosken as er fertelde oer doe’t er noch in jonge wie, benammen as er ferhelle oer ús heit, dy’t dus wat âlder wie en noch gjin gedoente mei syn suster hie.
Dus, dat moat yn ’e simmer fan ’45 west hawwe, want foartiid siet ús heit yn Dútslân en hy kaam pas mei ús mem yn ’e kunde by it grutte fjoerwurk yn Ljouwert ta gelegenheid fan de Japanske kapitulaasje…
Hin? Wêrom’t ik dy ferhalen sa moai fûn?
No, doedestiids koe ik ús heit noch net.
‘Jim heit wie wat in filmstjer, moatst witte… Wy tsjutten him by ús thús meast oan mei “dy swarte”, om jim mem te pleagjen?’
Dat ús heit ‘wat in filmstjer’ wie, haw ik wol byld by. Want ús Keimpe hat ek altyd wat it úterlik fan in filmstjer hân, lykas syn soan Awe no, dy’t hjoed nammers de fearnsiuw fol makket.
‘As jonges,’ gong omke fierder, ‘seagen wy heech by him op. Dan stie der yn ’e buorren, sigaretsje op ’e lippe, mei in kloft jonges om him hinne, te swetsen oer wat er allegearre meimakke hie – as ûnderdûker, yn it Blokhûs doe’t er oppakt wie, yn Kamp Amersfoart en neitiid yn Dútslân. Och, jonge, dy swarte wie de man yn Stiens, hear!’
Kissinger?
Dy hie ús omke Pyt op in pypfol. Hy lekke yn it algemien op Amerikanen. Dat wie doe wat de trant, tink, yn it progressive Sweden. My gong dat meastentiids wat te bot. ‘Hoefolle Amerikaanske jonges binne der net sneuvele,’ lei ik dêr dan tsjinyn, ‘foar ús frijheid?’ Omke Pyt weau sokke arguminten jimmer wei.
Polityk wie dochs eat dat men net op it aljemint bringe moast. Want it wie sa, sa’t omke it seach, en net oars!
Wat dat oanbelanget wied er syn tiid foarút, want in protte jongerein is tsjintwurdich krekt sa. Eardere ginneraasjes bleaune leafst wat mear by de kanten wei en holden it by de (doe noch grutte) middenpartijen, ûnder it biedwurd ‘Dat nea wer!’ Hja witte dat ekstremisme gauris in weachbeweging jout en bytiden samar fan it iene uterste yn it oare slacht – sa as no yn Sweden.
Wat? Wêr noch mear?
Recente reacties