HKS
Leave Pyt en Froukje,
It giet lokkigernôch de goede kant wer út, mar… net kjel wurde no… ús Keimpe hat fan ´e wike in hertoanfal hân, op fekânsje yn Frankryk.
Dat wie op ús Piter syn jierdei – ôfrûne moandei dus. Hy moast twaris reanimearre wurde (ik haw it no wer oer ús Keimpe, foar it goede begryp) en hat twa dagen yn koma lein yn in sikehûs yn Marseille. En, o ja, hy hat in stent yn syn kroanslachier krige…
Watsei?
Ja, krânsslachier mei ek. Kroan of krâns, beide wurden komme fan “corona”. “Coronária” hjit sa´n ding yn it Portegeesk, ek al hat dy ier mei it firus neat fan dwaan. Dy koroanakrisis (of kroankrisis, sa´t ik it – dwers as ik bin – hieltiten ferfryskje) wie nammers al fan dy gefolgen dat sibben fan pasjinten pas op ´e middei nei twaën it sikehús yn mochten.
Likefolle, waansdei hawwe se him út syn koma helle en hy skynt wer aardich by de wurken te wêzen. Syn memoarje is jit wat yn ´e beane, sa´t it hjit, mar der komme mear dagen nei hjoed. En hjoed mocht der al wer nei hûs ta. No ja, nei it fekânsjehúske dat se dêr hierd hawwe.
Ik haw sels gjin kontakt mei him, hear. Ik krij it measte troch fia ús Piter. Us Piter hat altyd in gruttere bân mei ús Keimpe hân. Dat is net har skuld, hear. Ik wie altyd al wat in bûtensteander. Ik wie mear fan it lêzen as fan it boartsjen, sjuch. Dêr komt by, de measte kontakten ferrinne tsjintwurdich fia WhatsApp. En jim witte wol: in tillefoan en Jaap, dat binne twa. Dy rotdingen binne op it heden folle snoader as ik. Dêrom net, ik haw no ek sa´n snoadfoan oantúgd, in twaddehânsenien, mar ik brûk it ding mear om te krântsjen as om te kommunisearjen.
Mar ik reitsje fergemy wer op ´e doele… It gong oer ús Keimpe.
Wy hawwe wol in moaie foto krige, dêr´t er rjucht op en del neist it bêd op stiet, tusken syn beide bern yn, alle trije mei in grouwe laits op it antlit en ús Keimpe mei in kastke om ´e hals om syn hertritme te opstrewearjen.
Dus dat is al in moai stik bûter yn ´e brij, netwier. Dat er wer laitsje kin, bedoel ik. Ik soe dy foto oars wol oan jim trochdwaan wolle, mar ik moat noch útfine hoe´t ik soks fan myn snoadfoan op myn kompjûter krij – men kin net ynienen fan ´e flier op ´e souder stappe, no.
Hawar, om´t alle kommunikaasje op it heden fia dat WhatsApp giet, kaam it my ynienen yn it sin dat jim nei alle tinken noch net anneks binne mei dy nuvere kluchten fan ús Keimpe.
O ja, dat fûn ik al wat nuver…
Ik begriep fan ús Piter, dat ús Keimpe al earder near op it boarst west hie en dat er dêrom in pear kear foar ûndersyk nei it sikehûs yn Grins west hat. Dêr hiene se neat fine kinnen.
Mar no komt it!
Ik lies op it ynternet, dat it tichtsetten fan de kroanslachier de haadoarsaak is fan hertynfarkten. En ek, dat soks in proses fan desennia is. Dat, as dat allegearre strykt mei de werklikheid, dan binne dy doktoren dy´t ús Keimpe ûndersocht hawwe gjin skop foar de kloaten wurdich. Is it net sa?
(o ja, hjir in ferhaaltsje dat ik juster skreaun haw; dat komt my no yn ´t sin no´t ik it oer kloaten haw… https://www.janblogger.eu/moai-kloaten/ )
Fierders is hjir alles goed. Waarm fansels. It lytse flarde leit no efkes, want om fiif oere hinne is it ornaris op syn waarmst. Dat dan falt der dochs net sa folle te beävesearjen.
En ik-sei-de-gek sil no efkes sjen oft der yntiid noch nijs út Frankryk kommen is.
Folle leafs,
Jaap en Maria
Recente reacties