Heu!
It is miskien wol aardich ris te sjen nei de ferskelen tusken Portugal en De Nederlannen.
It meast yn it each rinnende fansels is it klimaat, al hat dat ek syn útfallen. De ôfrûne hjerst bygelyks hawwe lân- en túnbou yn it noarden en de midden fan it lân al hiel wat skea berûn troch heil- en reinstoarmen, mei oerstreamings en witwat allegearre.
Sokke utersten bliuwe ús, yn dizze herne fan ’e Baixo Alentejo, deun tsjin it Spaanske Andalûsje oan, yn ’t ginneraal besparre.
Dêr komt by dat ús rivierdoarp mei de kont tsjin in baas opslachmar oan hinget. It foel my eartiids by de Tsjûkemar ek al op dat in loft as in brijwein jin betsjusterje koe en dat de bui him dan krekt foar dy grutte wetterflakte yn twaen spjalte. Dat ferskynsel sjuch ik hjir bytiden ek – dat it boppe de Algarve en Andalûsje tongerje kin dat it fjurket, en dat, as it hjir ienkear oan ta is, der hielendal neat fan op ’e hispel komt. It hânfol dagen yn it jier dat de sinne hjir net skynt, hawwe wy heechút wat fan dy griemerige storein.
Om koart te kriemen, myn eachweid is wol in bytsje beheind wat it Portugeeske klimaat oanbelanget – it mâle waar sjugge wy meast op tillefisy.
De lju? Dy binne o sa noflik en sa goed as bôle. Teminsten, hjir yn ’e Alentejo. It lân leit harren wol sljucht. Ek al kinne jim op de iene foto sjen dat soks mei in kerltsje sâlt nommen wurde moat. Fierders stiene de Friezen der op kop en earen by doe’t Us Leavenhear de lichemslingte ferparte en kamen de Portugezen oan ’e krapperein. Mar in pear stuollen kinne rêding bringe, sa’t jim op ’e oare foto (net) sjen kinne.
Wêr’t in Fries nea oan wenne sil, is dat ja net altyd ja is. Ja is ek wolris nee. En ‘amanhã’ hat deselde wearde as ‘mañana’ yn Spanje – de dei nei hjoed sil it nea net wurde. Dat, bliuw der foaral net om thús as in Portugees seit: ‘Ja, ik kom moarn.’
No’t ik it yn my omgean lit, ken ik in Amsterdammer dêr’t itselde foar jildt. ‘Dat komt,’ fertelde in goefreon lêsten, ‘om’t Nederlanners der gjin bien yn fine en nim dingen fan ynkommelingen oer as dat har better útkomt. As it om ús noarms en wearden giet, binne wy frijwat slop yn ’e ankels.’
Dat soe kinne, hear – dat wit ik net. Nederlanners hawwe altyd in hannelsfolk west. Dat hat mei yn dat se har maklik oanpasse oan wat de (potinsjele) klant wol. Soe dat ek in oarsaak wêze kinne?
Wat ek o sa Frysk is yn ’e Baixo Alentejo is dat de hân even omheech komt as ien jin yn ’e mjitte komt: Heu!
Dat diene – en ik nim oan fan dogge – wy yn it heitelân ek. As my dêr immen oan ’e hûd foarby rûn sûnder ek mar eachkontakt te meitsjen, dan koe men der donder op sizze dat it net in Fries wie.
Recente reacties