Helpers út ‘e wei

Ik koe myn autokaaien net fine, ju, anderje ik op syn ferwyt dat ik him wachtsje litten haw, as ik by myn kammeraat yn ’e auto stap, dy’t my nei Mértola ride sil om myn auto op te heljen dy’t wer klear is.
Dy sil de garaazjeman wol hawwe, net, ornearret er.
Do bist tûker as ik, moat ik myn Dútske gelegenheidssjofeur, dy’t fiif jier âlder is as ik, tajaan. It koste mij in heal kertier en betink dat!

Ik bin der net wis fan, mar ik leau dat ik op dizze siden alris oanjûn haw, dat ik altyd miend haw dat de lekken en brekken fan ’e âlde dei oer jin komme allike súntsjes as de dize by simmerjûntiid stadichjes oer it lân sluorket … In ambyld dat jin ûnder in knipperke yn ’e skurte soald wurdt, komt earst. Alteast, yn myn gefal.

Dat ik der net mear wis fan bin, is ek in teken.
Us heit joech him de wurge holle del yn Nij Toutenburch, doe’t er alhiel fan binnen út fan Parkinson en Alzheimer útholle wie.
Man, wat ha wy wat mei him belibbe!

Mar dêr giet it no net om. Wat ik sizze woe, is dat dizze jonge it net op ’e hûd hat en einigje lyksa, op sa’n minskeûntearjende manear.

Sjuch, as men jong is, besjucht men alles fan ’e ljochte kant. As it mei my safier is, is jins riddenaasje, dan is der allang in panasee foar deadsoarsaak nûmer 1, 2 en 3. Mar nûmer 3 wurdt yneind fan nûmer 4, nûmer 2 fan nûmer 3, ensafierder. En hommels komt der in nijenien út it skjinne wetter wei op nûmer 1 — mei stip.
Dat, dy positivens fan ’e jonkheid wurdt geandewei wat … eh, jonkerich.

Dêrom net, it is op himsels wol posityf, hear, dat men yn dizze rite fan (publyk) kroanfirus hjirre en (klandestyn) kroanfeest dêre fan jinsels flink negatyf is en tagelyk de kâns safolle mooglik bûtenslút troch sosjaal ferkear posityf befûn te wurden.
Sa net, as men sa staf is as ik hat men sowieso net folle ferlet en wês op ’e flitter.

No hat immen dy’t wilsbekwaam bliuwt nei nije wike noch withoefolle dagen om te kedizen wat er wol. Dat is by de tiid yn ’e wet goed fêstlein. It leit wat oars by immen dy’t yn ’e bernskens komt. En de kâns dat ik-sei-de-gek maalderich wurdt, is statistysk sjoen no ienkear wat grutter as trochsneed. En dêre sit de ein fêst, sjuch! Want wat ik op dit stuit wol, no´t ik jit net mealje — of better, wat ik perfoarst net wol — is my lichtal yn it ferjit rekke as my it ferstân testompe is.

En de wei hat wol wiisd, dat men dan help fan oaren fanneden is — oaren dy’t dêrtroch mei it fêstige bewâld yn tsjûk waar komme kinne. Sjuch, en dat moat net, no, as it heal kin.

Ik stel dêrom út, dat se operatyf in foech ‘Pil van Drion’ by my ynbringe dy’t periodyk in yrritaasje teweibringt dy’t men dan sels útskeakelje moat. En salang’t men jit by sûp en stút is, is der neat te rêden. Mar, sadree’t men safier hinne is dat men net mear wit hoe’t men de yrritaasje út it wurk sette moat, moat dy pil stadich hinnegean en …

Hawar, jimme hawwe wol byld, tink.

Hin?
Ja, de Pil fan Slager, ja. Wol in tapaslike namme, wier!

No moatte wy allinnich noch in jong talint fine dy’t soks byinoar flânzgje en febrike kin.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. februari 6, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]