Harsenferwylging
De Ingelske National Trust, dy’t it nasjonaal erf beheart, kaam mei it nijs dat fierhinne de helte fan syn bûtenferbliuwen — lykas Downtown Abbey, lit ús mar sizze — dêr’t Ingelsken sa grutsk op binne as in hûn mei sân lullen, allegearre mintenearre binne út it gemaak fan kolonialisme en slavernij.
Neat nijs ûnder de sinne, wol!
Eltsenien dy’t der mei skiednis op skoalle in bytsje by west hat, wit foar myn gefoel dat it rûchste fan de Westjeropeeske preal, dy’t him yn it earstoan utere yn stinzen en treftige grêftepânen, bestuivere waard mei rôvjen en útrûpeljen fan ‘e tredde wrâld.
Mar alle witten is noch gjin witte wollen, sa docht bliken. Want de National Trust kriget ynienen fan Leien op Delft yn ‘e media. Sa’t liket mei men de wierheid tsjintwurdich noch wol witte, mar net lûdop mear sizze.
Is it net om jin gatten yn ‘e hûd te biten!
Wy libje yn in tiid fan falsk nijs en party falske evenminsken, dy’t harsels graach as Uebermensch sjen wolle, mei falsk fjoer, falsk hier, in falsk gnyskJe en falske tosken, dy’t allinnich mei lju prate dy’t oan deselde sile lûke en inkeld noch nei harsels harkje. De kop fljucht har letterlik op oranje hoenear’t immen it weagjen doar en jou harren net fuort gelyk — “Dy blokkearje ik!”. Hja hawwe ommers alles wat se witte sels heard fan har eigen media-outlet…
Hin? Ja, sa hjit dat op it heden — ik kin it ek net helpe.
… dy’t altyd sekuer seit wat harren al tocht.
Wat is dat, ju? Maklikens? Harsenferwylging?
Amearika hat in presidint dy’t gjin wier wurd ûntkomt, en dochs heint hast de helte fan it folk him de wurden op ‘e tosken…
Watsei? De falske wurden op ‘e falske tosken?
Hahaha! Dat wit ik net, hear … fan dy tosken.
Wat seit dat oer sa’n folk? Dat de helte blynseach in oplichter folget, bedoel ik? Der hat in tiid west dat jitte gou, dat ien dy’t tongeret mei syn wurden, earst wjerljochtsje moat mei syn eksimpel. Mar dat hoecht sa’t skynt net mear.
Dêrom net, mar wat seit dat oer de oare helte fan dat folk? En wat seit dat oer Amearika’s meistanners?
Just Jehannes, oer wylju!
Ik sit langer wakker yn noed dat it mei my deselde kant út sil as ús heit…
Alzheimer, ja.
Mar ik leau sa njonkelytsen dat, as it skielk safier komt, it amper noch opfalle sil.
Letter dy deis (27 septimber) die bliken dat de miene man yn ien jier mear ynkomstenbelesting betellet as dy lul-mei-fingers yn tsien. Dat kom my no hielendal net mear oan, Dauwe, dat it net in oplichter is.