Hânwaskje
Jaap en Maria hawwe yn it begjin fan harren relaasje ôfpraat en sis inoar jimmer de poerneakene wierheid, ek al hat dy noch sa’n skel lûd.
Dat is no santjin jier lyn en hoenear’t er by ‘t boadskiprinnen yn ‘e buorren efter har oan pesjantelet, lit er him ûnferwachts ûntfalle: ‘Do bist likegoed ek aardich grou wurden, fanke! Belikest sa fan efteren wol wat in âld waskmasine!’
Maria beart oft se neat heard hat.
Jûns op bêd is Jaap ynienen wakker oansjitsk. Maria knipt it ljocht oan, sjucht mei in skeane nekke ûnder de tekkens en monkelet: ‘Hoechst net te mienen, dat ik foar sa’n lyts protsje de hiele masine opstart, heite. Kinst it fergees efkes mei de hân dwaan. Wol te rêsten!’
Recente reacties