Haadstik 7: Japik
– Hat jim heit al ferteld fan dy kear doe’t op ’t waad in keppel Saksen oer har gearfoel?
Myn stalke Keimpe en ik waarden sêft set fan Japik, goekunde fan ús heit. Wy sieten wyslik en wol mei in glês kûgeltsjebier op de bank. De bank wie bedutsen fan in fervich lekken.
Foar ús oer siet in frommes as in wolken, ek op in bank, poerneaken. It frommeske, bedoel ik; want de bank gie lyk as uzes beskûl ûnder in suterich lekken. Efter har hong ek in lekken. Njonken har stie in hege lampe mei in paraplu deroer; Japik hie frijwat likerij sa’t skynt. Dat reinskerm skynde in fûl ljocht ûnder wei oer de wielderige foarmen. Allinnich de flotgerzen wiene bedutsen fan in soarte fan ferwielen lape.
My tocht: Dat hat ús heit grif net witten, doe’t er ús hjirhinne bonsjoerde.
Japik siet njonken ús bank efter de skildersezel. Hy prate mei ús; hy hie lykwols allinne each foar syn skilderstik en de prûze faam. Wy hiene ús de eagen ek oan har ferklearre; dat it like oft wy trijerisom nei it tillevyzje sieten te sjen.
Dat behindere har neat sa’t it like. Krektoarsom, hja pluerde blier werom mei har kikers as krúsbeien. Fan ûnder lange swarte teisters smiet se leidige loaitsen op ús; op sokke stuiten wynde it my mar raar yn ‘t liif om. Dat moat Keimpe lyksa ôfgien wêze, want ik hearde him om it hurtsje stiltsjeswei suchtsjen en stinnen.
Men soe op ’t lêst suver ferjitte mei hokker boadskip oft wy dêr oanwaaid wiene.
It wie sneon oerdeis.
De moarns út skoalle wei hiene Keimpe en ik ferhakstûke, wy soene nei it middeisiten ús heit oanstean op in ferhaal. Ik hie der in swiere mûtse oer op dat it ús slagje soe, mar Keimpe woe perfoarst sels ris oan ’e boarne stean fan de ferhalen dy’t ik yn it lins kertier mei de waarme hân oan ’e oare jonges oerdroech. En ik hie my fertokje litten.
Keimpe leaude net oan Lytse Pier en stelde syn bestean allegeduerigen yn ’e kiif. Hy hie syn âldelju tante en wie dêr raar mei ôfleard. Syn mem hie sels sa drystmoedich west en sis dat it allegearre optinksels wiene. Tenei hie Keimpe in skeptyske taharker west, dy’t my gauris in snútbokken joech ûnder in ferhaal. Dêrmei makke hy him net ta folk fan ’e oare jonges; hy wie wat in balling wurden. En ik fielde wol dat er yn grûn en wêzen graach wer yn ús ploechje behelle wurde woe.
Hjoed soe de bûter jild jilde en wy wiene mei manmoedigens de smidterij ynstapt. Mar ús heit hie mei klanten west en doe’t er lang om let yn ’e gaten krige hie wêr’t wy op pandoerden, hie er ús trochferwiisd nei in kammeraat.
– Ehhh watte!?
– Oft jimme heit ferteld hat oer dy kear doe’t in keppel Saksen oer har gearfoel?
– Oer wa, frege ik ûnnoazel, yn ’e besnijing fan gâns oare saken.
– Oer de beide Pieren fansels! Wa oars!?
Dy namme helle my út ’e dwelme en ik poande Keimpe mei de earmtakke dat er harkje moast.
– Sa’t jimme witte, ferfette Japik, besocht Lytse Pier wetter en lân mei syn pake. Grutte Pier besiet in grutte skou. Wêr’t er dy beskeukt hie, fertelt it ferhaal net, mar der koe mei syld wurde; dat de beide Pieren krústen gauris op it waad om.
As it op it moaist besloech en der stie in glêde koelte, dan sljurke it wetter tsjin ’e stjûne en woe it skipke wakker prúste. No jonge, op sokke stuiten hiene se har draai; hja fermakken har ta de teannen út.
‘Hoants’ hie Grutte Pier ris mei it knyft yn in buordsje takkele; dat hong no oan ’e staasje. Neffens Lytse Pier hie it boat ‘Skou’ hjitte moatten, mar ‘Hoants’ wie Wytse, dy’t op it heden yn Frjentsjer (‘Hoantsen’ wie de bynamme fan Frentsjerter studinten) te skoalle gie, tige nei’t sin.
Fierders woe Wytse lykwols neat fan ’e skou witte. Hy hie ienris mei west en wie doe sa seewalgich wurden, dat er sward hie: Nea wer!
De beide Pieren hiene in reismannich nei it Amelân west, dêr’t twa bruorren fan Grutte Pier húsmannen. De foarste kear wie dat foar Lytse Pier in blinderommen ein út ’e reek, mar no wie him dat eintsje it oergearkommen mar. Syn eachweid digere fakenfolle nei de kimen; yn syn hert woeks stadich it plan om letter nei see.
Hy waard op it mêd fan silen lykwols net mijd. Hy waard fan syn pake sa troch de moster gisele, dat er moai jeuchlik it rûzjen fan ’e see al wend wie…
– Wêr lei dat boat as hja der net mei fuort wiene, frege Keimpe ynienen.
Ik joech him fannijs in dúst mei de earmtakke, mar Japik wie net oars wurden fan de fraach.
– Gewoan foar it anker, sei er, yn in slinge. Hja koene der mei leech wetter sa hinne rinne. Somtiden, as hja weromkamen, ferrifele de wyn harren en kaam it leech wetter har oer it mad. Mar dan lieten se it boat in setsje op in oar plak; der koe net folle foarfalle mei sa’n platboaiem skipke.
– Ha se nea in ûngemak hân?
Ik seach Japik oan oft ik sizze woe: Gjin regaad op slaan! Mar op ’e nij die er oft de fraach de gewoanste saak wie.
– Ja wis, wat oars, andere er. Mar doe bekoarre er him ynienen… Ik soe ommers fertelle oer dy kear…
– …dat har in kliber Saksen oer it mad kaam, folde ik oan en joech Keimpe noch in dúst; de bek hâlde no!
Just ja, sei Japik ôfwêzich.
Ik seach Keimpe grimmitich oan: Sjuchst no watst dochste mei dyn fregerij; de man is alhiel fan ’t sjapiter.
Mar nei in amerijke ferfette Japik syn ferhaal…
– Och, jonge, dat wie wat! De kaptein wie wakker op ’t snjit doe’t er Grutte Pier yn ’e fierker krige. En wat jit moaier wie: diskear wie Pier allinnich! Dat is te sizzen, as er dat feintsje net rekkene… Hy stie op ’e goede njoggen hjoed!
Lytse Pier, dy’t doe in jier as tolve wie, like fan fierôf in opslûpene jonge njonken syn pake, moatte jim mar tinke.
Grutte Pier seach it swurk driuwen; hy hie yn ’e gaten dat der tsjin sa’n oermacht en sûnder syn fêste ploech neat te begjinnen wie. “No moat de wever ús helpe!”
Hy sette alle seilen by.
It gie dat it slydjage. It Saksyske skip, dat folle grutter wie, hie net in swymke kâns. De Hoants rûn út en Grutte Pier syn bolderjende laits galme oer it wetter.
Mar doe wie it út; in ferfleine pylk makke in gatsje yn ’t grutseil, tichte by de mêst.
Doe’t der in wynpûster kaam, koene gjin touwen it mear hâlde: Rrrátsj! It doek gie oan flarden.
Grutte Pier swijde; hjir wie gjin ferwin mear op! Om jin gatten yn ’e hûd te biten.
Doe lei de Saks ek al boppe; interheakken fleagen rûnom wei. Grutte Pier woe syn swurd ûnderhelje, doe’t er in pylk fan in krúsbôge yn ’e lea krige.
“Lizze litte!”, balte de kaptein. “Kom ringen harren! En gjin babbelegûchjes!”
Dêr rûgele al in touljedder del.
Grutte Pier knypeage temûk nei syn pakesizzer, dy’t yn ’t gat ferklomme by ’t jelmhout sitten bleaun wie: “Do bliuwst hjir! As it treft, litte se dij gewurde. As de kâns him foardocht, sjuch dan datst der útfeechst!”
“Sil it jit wat wurde!?” poande de kaptein him.
“Net sa driuwe, man! Sjuchst ommers dat ik in pylk yn ’e bealich ha, net?”
“My dookje!?”, grânzge de kaptein; mar hy hold him fierders stil doe’t er seach dat de finzene risselwaasje makke.
De bemanning hold de siken yn doe’t de ferneamde kriichsheld mei de holle heech foet oan dek sette. Hy kroaske op de kaptein ta en stuts as teken fan oerjefte de hannen foarút.
“Lis him de boeiens oan!”
In grutte knevel stapte nei foaren mei in stik tou.
“Wat soesto, poallemantsje?” sei Pier, dy’t tiid rekke woe, en joech him in triuwke…
De man syn fal tsjin ‘e bezaansmêst waard brutsen fan syn holle. Unferweechlik bleau er lizzen.
“As jo in twadde pylk yn ’e hûd ha wolle, moatte jo dat jitris besykje”, warskôge de kaptein. “Hannen op ’e rêch en omdraaie!”
Grutte Pier fielde wol dat er in takke tebek moast. “Ik wol in man fan jo gewicht net ynkommodearje”, flaaike er.
Guon prústen it út; de kaptein wie gâns in omgong.
“Jo blaze mar út in heech gat, Grutte Pier, foar ien dy’t yn omslach sit!”
“Wês no net sa ôfhâldich! Ik wit wol datst langer om my stikkest, tûtelboutsje!”
De manlju koene har wol fergrieme. De kaptein lykwols seach in fjirtjin dagen yn ’e nije wike op…
Doe’t Pier de boeiens oanlein wiene, gie der in jûchhei op dat it sta sei en mûtsen fleagen withoe heech; de manlju hoallefoallen en huften inoar op it skouder.
Recente reacties