Haadstik 6: Bollejeie

– Ik miende dat dy Lytse Pier allegear blierens wie. Dat hie der wol oan, juster.
De loft hie hjoed koppe en berûn no. Boppe it waad wie de reinbôge te sjen tsjin in roetswarte loft. “No sitte de tsjoensters oare kant seedyk te strookjen”, sei ús beppe eartiids, hie heit op ’t aljemint brocht.
Ik woe lykwols net oer it waar prate; ik gobbere op in nij ferhaal oer Lytse Pier. En ik woe heit ek dúdlik meitsje dat er my net alles op ’e lea smarre koe.
Heit suchte oft er balstiennen yn ’t liif hie. Ik hold my de lea stikken; efkes siet ik yn noed, dat er belies jaan soe en opbychtsje dat dy Lytse Pier poere fantasije wie en dat er it hiele ferhaal út ’e tomme sûgd hie. Mar dan koe ik ús heit noch net; hy liet him net samar út it stee wrotte.
– Doe’t er grut wie, wied er altyd fleurich – of yn syn gefal is it de baas en sis: doe’t er folwoeksen wie. Yn it waaksen gong er lykwols troch alle groeifazen dêr’t eltsenien trochhinne moat. Doe’t Wytse him oer it mad kaam, siet er krekt yn ’e faze fan oergeunstigens en habsucht. Watte? Wytse bearde letter, dat der rju binne dy’t har libben lang yn dy faze stykjen bliuwe…
Heit gniisde.

– Doe’t er in beukerke wie bygelyks, wied er o sa opljeppen. Syn heit hie him in kroade makke, om mei te boartsjen. Dy wie net fan keunststof, sa as hjoed oan de dei; plastic wie der doe noch net. Nee, it wie in swier kring, fan izer.
Syn maten wiene meast in pear jier âlder as Pier. Pier wie dan wol in kop grutter, dochs hja wiene al wakker mûlryp. Pier, dy’t kwealk prate koe, liet him lykwols net op ’e kop skite. As er opsternaat waard, krige er syn kroade op en joech syn kammeraten dêrmei op ’e bealch. En as dy harren – foar de feiligens – fan fierrens holden, slingere er it ûntsachlike wapen boppe de holle yn ’t rûn en liet dan los. Der foelen smiten slachtoffers yn dy snuorje. Syn âldelju wiene bytiden mei him lâns. En hja hiene der wol oan en lear him dy faksen ôf.
Der siet in Fryske kop op, sjuch.

Okee, ik moast tajaan, dêr hie heit him linich út wynd. Mar ik hie mear pylken te fersjitten.
– Hoe moat ik it begripe, dat it soantsje fan dûmny op snein net yn tsjerke wie?
– Ornaris wied er dat ek, andere heit sa bedaard as in pûn moal, mar syn âldelju, oars sa wach as fûgels op aaien, hiene ienkear wyks oare saken oan ’e holle as oppassen – en dat wie op snein. En de opslûpene jonges, dy’t har op snein dea ferfeelden, loerden altiten op ôfdoarme lamkes, dy’t se narje koene. In gaadliker slachtoffer as Wytse wie der gewoanwei net.

Ik besaude my; heit hie it wer oprêden.
No – safolle jierren letter – muoit it my noch dat ik him doe net foar de fuotten smiten haw dat der yn dy tiid noch hielendal gjin dûmnys wiene. Mar it hat eigenskip dat er dan andere hie dat it yndied in pastoar wie, mar dat er yn syn hâlden en dragen al oan in dûmny tinken die; dat de rifformaasje perfoarst net mei de stellingen fan Luther útein set wie, lykas party minsken miene… ensafuorthinne.

– En syn pake, seach er dy noch wolris?
– Wa? Lytse Pier? Och heden, ja man; Lytse Pier wie dêr hoater en toater! Syn beppe wie noch mear op ’t snjit mei him as Grutte Pier sels. Lytse Pier kaam dêr jern.
Yn ’e maaitiid giene hy en syn pake bygelyks te aaisykjen, as dy lêste teminsten net op it oarlochspaad wie.
Aaisykjen wie doe noch in fredich tiidferdriuw. Mar op in kear rûn it wat oars as oars. Dat gie sjesa…

Mei it lemieren fan ’e dei wie it noch dizich oer it fjild. Hja rûnen trijerisom – Wytse wie dy kear ek mei – troch de greiden en Grutte Pier wie wakker op ’e tekst: “Dy’t wat wol, moat der yntiids by wêze, sei de boer, en stie de moarns om healwei fiven oan ’e hals ta yn ’e feart.”
Hy koe slim swijsum wêze, mar dy deis hie Grutte Pier in praatske rite. It wie de hjitting, fertelde er, der wiene yn Hollân ynstânsjes dy’t har bekroaden mei de behearsking fan it wetter. “Moatst begripe”, seid er smeulsk, “party boeren jouwe har jild oan in dykgraaf en dy moat der dan foar kedize dat har de fuotten net wiet wurde.”
Lytse Pier argewearre dat er dat hielendal net sa’n raar idee fûn, sa’n mandélige oanpak. Mar syn pake hie it op in pypfol: “Sa binne jo ommers oerlevere, man!”
“Tidigje nea op dy’t it regear hat”, sloech Wytse de mûle deryn, “en tsjinje nea ien dy’t sels tsjinje moat!”
De grutte man seach del op it wetige pjut. Wytse syn sechje soed er sels nea brûkt hawwe. ‘De boer moat sels de leie ha’ hie dêr skoan foldien, mar hy sei neat. Grutte Pier ferparte it minskdom yn Friezen en net-Friezen, sjuch; in fierdere ferdieling fûn er oerstallich. It erflike getsier tusken Skieren en Fetkeapers sljuchte er oer, foar ’t gemak.

Hja hiene de pols mei, mar Lytse Pier syn pake stapte losbandich oer de fearten, as wiene it gropkes. Hy naam him Wytse hieltyd op ’e rêch, want dy woe net fierljeppe. Hy hie it ienris besocht en wie langút yn it kowedrinken belâne. Doe hied er syn nocht dêrôf hân.
Sadwaande wie Lytse Pier de ienige dy’t op tradisjonele wize de hindernissen naam. Tuskentroch brûkte syn pake de pols as kuierstôk. Sa kamen se by in gewent dêr’t in trinterbolle weide. De wanskik stie oan it spit.
“Sokken sjuch ik leaver oan in oar spit, as jim begripe wat ik bedoel”, sei Grutte Pier dy’t him net ealge hie dat de jonges ôfdoarme wiene.
Lytse Pier hie nammentlik in broedsje op ’e kuer krige. Doe’t er de aaien ûnder de pet hie, joech Wytse in gjalp. Pier mikere de kant út dy’t Wytse oanwiisde. Doe seach er it ek; it keatling dêr’t de bolle mei fêst stie, wie dwerstroch. En it bist wie nitelich; it wrinzge troch de noastergatten en de eagen fjurken.
“Pake!!! Tink derom!!!”, balte Lytse Pier.
Syn pake seach kjel oer it skouder. En dat die de bolle ek. It bist draaide him om en sette de oanfal yn.
Doe wie it Grutte Pier dy’t lûd balte. Mar de bolle liet him net nochris fan ’e wiis bringe.

De jonges sieten raar yn omslach…
It wie in baas bolle. Pier wie ek net lyts, foar in jonge fan tsien jier; mar hy like mei syn amper twahûndert pûn gjin partij foar de heale ton meager fleis en grouwe bonken dy’t op him ta fleagen. Dêr feroaren de goed santich pûn fan Wytse net sa folle oan – in foech neigesetsje foar in bolle.
Doe’t de oanfal ynset wie, hie Lytse Pier syn maat mei ien hantaast nei efteren reage. “Stil stean bliuwe, do!”, hied er him hjitten wylst er de eagen op de bolle fêstige hold.
Hy siet it meast yn oer dy hoarnen. As er net fan in beweging uzes ôflaat wurdt, roaide er, wûnderlik kalm mei it each op de sitewaasje, haw ik kâns dat se moai by my lâns prippe.
Sa’t de bolle him tsjin ‘t ûnderliif batste, liet er him foaroer falle. Opslach sloech er it bist de earms om ’e hals en luts him de knibbels op. Sadree’t syn hannen inoar fûn hiene, knypte er ta, sa fûl as er koe, ek mei de knibbels.

De bolle wist net hoe’t er it hie. Ynstee dat it slachtoffer yn goedens woe en him braaf hoarnje liet, siet er him ynienen oer de harses plakt.
Mei wie it him tsjuster foar de eagen wurden en de earen en noastergatten sieten him ynienen ek ticht. Hy koe him tjirgje wat er woe, dy skevel joech gjin belies. Mar hy koe dochs net sa mei him om kedsjemenne litte? Wat sille wy no hawwe!?
En, no’t er dochs oan it krimmenearen wie… hy waard ek wat koart op ’e siken. En wat in ûnhjirmlike kerving yn ’e sturt ynienen! Wat koe dat wêze?
Hy stroffele; hy stroffele nochris. Hy rekke út ’e blâns en foel fansiden. As dy smoarge jonge ris lichten jaan woe, dan koed er wat sjen. Mar nee! It wie lykas hied er in bankskroef om ’e snút en om ’e hals, dy’t hieltiten fûleindiger taknypte. It dûzele him.
En doe… doe ferlear er alle besleur.

“Do hast him smoard!”, stammere Grutte Pier ferbjustere.
“Nee, wol”, makke Lytse Pier him stadich los út ’e beneare posysje. Hy wreau him oer de kevel; dy siet noch te plak sa’t like. Doe wiske er him de aaidjerre út ’e eagen. “Hoe is it mei Wytse?”
“Ja, wier! Do hast him smoard!”
Grutte Pier wie út ’e foegen. Jawis, hy hie altiten al witten dat syn pakesizzer flink fan lea wie – dêr hoegde men net foar trochleard te hawwen – mar dat er mei de bleate hannen in nytlige bolle tegnjirdzje soe…

Niis hied er der wis fan west dat de jonges foar de dea opskreaun wiene. De bolle wie mei Lytse Pier op ’e hoarnen oer Wytse hinne davere. Hoe’t it koe wist Grutte Pier net, mar Wytse wie mei-iens wer út ’e dea opstien, hie de bolle by de sturt krige en him skoar set. Dat hie net botte holpen; de bolle hie sa mooglik noch gruttere bokkesprongen makke.
Mar dêr wie Grutte Pier sels ek al; hy hie mei de pols in wraam op ’e poaten dien – en doe nochris. It dier wie stroffele en wie fansiden fallen. Mei’t er him alhiel op it dier jaan wollen hie foar’t it wer oerein spatte soe, wie de bolle lykwols yn stûpen lizzen bleaun.

Hy skrabe him de harses. “Blikstienders, jonge…!”
Doe’t er fan ’e ferbjustering bekommen wie, sei er ferromme: “Dat wie faai-faai, jonges. Ik bin grutsk op jimme! Wis en deales!”
“It is my oars noch net út ’e lea”, besocht Lytse Pier it jûchhei wat del te bêdzjen. Mar syn pake woe him net bedimje litte: “Ik sis mar sa: better nei dokter as nei de timmerman! Hahaha!”
Grutte Pier krige de bolle, dy’t noch heal yn ’e sûs wie, by ’t tebrutsen keatling en tôge him wer teplak. Hy lei beide keateinen mei in dûbelstek fêst en ornearre: “Dêr moat jim heit mar mei rêde. Dy kin dat. Hy hat doe ek rêden mei it halskeatling foar Hindrik.” [Grutte Pier doelt hjir op it keatling dêr’t opstannige Friezen yn it jier 1500 hartoch Heinrich, soan fan Albrecht fan Saksen, mei ophingje woene, jsl]
Grutte Pier kearde him ta Wytse. “En do, do hast in man útmakke! Do hast alle war dien en help dyn maat. Jou my de fiif!” Alhiel út ’e skroeven fûstke er mei it lytse jonkje. Wytse ferbiet him, mar sloech gjin kik.
“Bêst beteard!” kaam Lytse Pier syn pake yn ’e bedarring. Mar ynienen wied er near fan it laitsjen. “Jim hiene jimsels ris sjen moatten!! Hahaha!! Do op ’e kop…hihihi! en do oan ‘e sturt…hohoho! Wat in o-heden! Om jin de bûsen út te skuorren… hahaha!!!”
De jonges seagen de grap net sa.

Dochs moasten se noch om dokter, want Wytse wie de earm út it potsje sketten.
“Hy hat dochs wat in knoei krige, tink, fan dy bolle”, ornearre Grutte Pier.
Wytse hat neitiid lykwols by tsjûk en tin sward, der hie neat mei him te rêden west… oant Grutte Pier hinne gien wie en fûstkje mei him.

You may also like...

3 Responses

  1. Dauwe fon der Meulen says:

    Bully hunt. Kopjende loften & strookjende tsjoensters.
    Sûgje, sûge, sûge havve soege. Doe’t er upgroeid wie.
    Puntsje-3 los fon lêste wörd. Earst ‘n spaasje, JITRIS!
    Hollânske foàrm, doch(s), MAR of dòch’s wienen hje?
    Mei ien lân’s wêze. Foxe-faxen. EnsaWHAThinne, yuh.
    ‘n Gaadliken. LP kaam dêr jernE, to yearn-ing. Sjuh-sa!
    Dieze en kedize, condicere, quedikje? ‘t Erflike tsieren.
    Stierenvechten, bollefjochtsje, Tauromachia Knossos.
    Skieringers – LP de iénnichSTe, ‘iénnige’ ig gjin Friesk!
    Die ‘ienige’ hiel-end-all nèt. Die iénnichST berne Soan.
    ‘n GeWent mei inter, twinter, trinter, leävver oan ‘t spit!
    Mikerje en iin omslagh sitte. 3 uutroptekens èk los !!!
    Op slach, los fon ‘n-oàrren. Jit r’s. ‘t Bist, beast, hjirm-
    En ûnhjirmlik, ûn(er)b-arm(hert)igh. – Ain’t unharmful!
    Kerving, en erflik, ha ûnfrieske -rv-, -rf-: -rr- en -lv- = -ll-.
    Ûn-eärmtlik! Ûn-jamk. Op ‘e kop … hihihi! Sturt … ho?
    Hege Kameleón-iinhôld. Hiilke & Siitze fon Terkaple.

  2. Dauwe fon der Meulen says:

    Die skevels fon TerHerne. Hoàrnen, noàsters, koàrt en smoàrgh.
    Brecking oanjoen. Nèt iin goedens, Ynpleats siet er him iinienen.
    Moàtst begripe, soàntsje, ôffdoàrmje. Equus, equette, ‘kêde – èn
    menne fon mannus, hiinder, mannege, mey twa nn-en dân mar?
    Kevel om mei te keuveljen, tsjaffel-je, tsjeak, E. cheek to cheek.
    Wiitse wie mei-ien’s is oerset Hollânsk ‘meteen’. Frauljuspraat.
    Pake iin ‘e bedarring come? JS, mar jsl, JSl, is èk Jaap Slager?
    Ta câlmte en rêst, bedimje. Bedarje is te lawne come by uzes.

  3. Dauwe fon der Meulen says:

    Up mi wurdt hiel-end-all nèt réageärre.
    Ferbetteringen wurde nèt oanbroaght.
    Ik wörkje hjir fergee’s, iin tsjinst fon ‘e
    Uutjouwerij, die’t dit bondelet ta book.
    Sayt it neat, what Ik skriow? Wjirmlik?
    Cameleón ig complimint