Haadstik 2: Yn it ferjittelboek
– Mar, frege ik betommele, mar hoesa dan Lytse Pier? Ik woe mar sizze, as er noch grutter wie as Grutte Pier sels …
Heit glimke fyntsjes.
– Dat sil ik dy mei houtskoal en kryt útlizze, jonge. Hoe skriuwst do dy?
– No, Pyt fansels! Piter Dykstra.
– En ús heit, jim pake?
– Krekt-en-allyk, andere ik.
– Just! En, as bygelyks beppe oantsjutte wol dat se dij bedoelt … en net pake, hokke namme brûkt se dan?
– Lytse Pyt! En pake is Grutte Pyt!
– Just, Jehannes, lake heit. Begrypste?
– Wie Grutte Pier de pake fan Lytse Pier, frege ik ûnnoazel.
Heit joech my in boartlike homp op it skouder.
– Rekkest it yn ’t lid, heite!
Ik liet it yn my omgean.
– Mar as pake foar’t ik berne wie, gewoan Pyt hiet, dan … dan …
– Krekt, makke heit myn riddenearring ôf, Grutte Pier hiet sljuchtweihinne Pier – Pier fan Kimswert om krekt te wêzen. Pas letter is dat Grutte Pier wurden, foar it ûnderskie mei syn pakesizzer. De Saksen ergeren har dat net; dy mienden dat er sa neamd waard om’t er sa’n baas keardel wie. Hja ferhollânsken syn namme ta ‘Lange Pier’.
– Ja, dat wit ik. Dat hat master ús ferteld. Dat er fan harren sa neamd waard, bedoel ik. Mar …
It duorre in amerij foar’t ik ta wurden komme koe.
– … hoe kin it dan dat ik noch nea wat oer him heard haw?
De fraach wie faaks wat erchtinkend foar ús heit oer, mar it woe mar min yn my del, dat der samar ien út ’e loft falle koe dy’t myn grutte held lytsman makke.
– Dat sit sisa, begûn heit wylst er mei syn knyft in swevelprikje punte. Yn it foarste plak ha de skiedskriuwers Grutte Pier ta ‘nasjonalist’ ferklearre, ta ien dy’t der grutsk op wie dat er Frysk bloed yn ’e ieren hie. Oft dat mei de wierheid strykt, is slim nei te kommen. It hat eigenskip dat er in trochhinne boer wie, dy’t yn syn wêzen litten wurde woe. It needlot hat dat wat oars beskikt. Mar it stiet wol fêst dat syn pakesizzer alle foarm fan foltsfergoading apekoal fûn. ‘Wêr oft men hikke is,’ ornearre er as jongfeint, ‘is poer tafal.’ Dat hy fûn it mar wat dom en wês grutsk op eat dêr’t men sels de hân net yn hat. Syn stalke Wytse gong sels safier en ornearje: “In folts is in kliber minsken dy’t inoarren it ljocht yn ’e eagen net gunne en dochs swarre by in mienskiplik komôf.” Lytse Pier fûn dat wat in dryst sizzen, mar, nee, in nasjonalist wied er beslist net.
Heit probearre it prikje as toskpluzer.
– En dêrom haw ik noch nea oer him heard, frege ik ûnleauwich?
– No ja, om in nasjonale held te wurden, moat it folts him al wat yn jin werkenne kinne, no. En dat wie it him krekt: Lytse Pier wie – wat men hjoed oan de dei neame soe – in frijtinker, in non-konformist; hy hie der skyt oan, oan wat oaren fûnen.
Heit glimke op ‘en nij.
– En is soks no noch gjin minnichheid, yn dy tiid wie it hast selsmoard. Moatst ferstean, dat bygelyks in frommes dat net troud wie, doe faai stie en gean troch foar heks as se der wat útrûn. Want dan waard se fan ‘e oare froulju gau as in bedriging sjoen. En as se der dan ek noch in eigen miening op nei hold, wiene de manlju net folle skikliker.
– En is dat no oars, frege ik.
Heit nokkere.
– Dêr fregest my wat, seid er yn ’e mimeraasjes wei. Ien dy’t it bit net yn ’e bek nimme wol, wurdt yn ’e grutte minskewrâld oarrewei de poarteam oandien en lytsman makke. Nee, der is net botte folle feroare, wol my oan.
Heit bruts it prikje tusken tomme en fingers midstwa en helle syn piip foar ’t ljocht.
– En dêr komt by, Lytse Pier hie gjin respekt foar de hearen fan dy tiid. Of nee, no fersin ik my; hy hie respekt foar alleman, mar net mear foar de ien as foar de oar. Hy hie de tontsjelju bygelyks like heech as de pommeranten. De tontsjelju hiene dêr wol frede mei, roai ik sa; mar hy makke him mei sok hâlden en dragen net ta folts fan de hearen fan kwizekwânsje. Wat dat oanbelanget is der ek net folle feroare.
– Wat binne tontsjelju, woe ik witte no’t heit sa moai op ’e gleed wie.
– Doe’t it spielhúske noch net útfûn wie, waard de rommel opheind yn in tontsje. As it tontsje fol wie, moast it lege wurde. Dat die de tontsjeman. Dy helle it folle tontsje op en sette der in lege foar yn ’t plak. Mei it folle tontsje op it skouder rûn de man dan werom nei syn tontsjewein. Kinst begripe, dat sa’n fol tontsje wolris wat batse woe. Hahaha!
Heit moast laitsje om it fize gesicht dat ik sette. Hy krige syn tabakspûde út ’e bûse en begûn mei ferdrach te piipstopjen.
– Dat de measte lju lutsen wat oan ’e noas; de tontsjelju wiene net yn heech oansjen. Lytse Pier stie dêr wat oars foar oer; foar him wie dat berop like wichtich as dat fan boargemaster – by gefal wichtiger. Want ‘As de boargemaster moarn siik is, fernimt net ien dat, as it treft’, plichte er te sizzen, ‘mar as de tontsjeman moarn weibliuwt, sitte de lju oant safier yn ’e …”
– Stront, woe ik heit helpe.
– Yn ‘e brij, woe ik sizze, mar fuort mar wer, sei heit en gnyske, wylst er temûk oer it skouder seach oft mem altemets net yn ’e doar stie.
– Mar no’t ik it yn my omgean lit, leau ik dat der yn dy tiid noch gjin tontsjelju wiene; dy kamen pas in pear hûndert jier letter. Likewol, hy hie it sizze kinnen, ast begrypst wat ik bedoel.
Ik knikte ferheftich fan ja. Ik mocht him al wol lije, dy Lytse Pier.
Heit pypke oan en smookte, djip yn ’e prakkesaasjes wei.
– Dêr wie noch wat …
Ik wachte. Heit tyspele wat mei it swevelprikje om. Doe bruts er it mei de tomme midstwa – in wenst fan him – en smiet it yn ’e jiske-amer.
– Ja, sa wie it, wie er lang om let út ’e rie. Lytse Pier beseach de wrâld troch in blierreade brul. En dêr kinne guon minsken ek mar min oer, sjuch. By gefal is it oergeunstigens fan harren, lykas fiele se har op in brek wiisd. Lytse Pier koe dêr net mei sitte; hy naam de lju – himsels dêrta – net sa earnstich. Dy’t al te earnstich oanlein is, lûkt in swiere sile, plichte syn pake Pier te sizzen.
Heit swijde in skoftke. Doe’t er wer spruts, wie it mear yn himsels as tsjin my, sa’t it like.
– Tsja, en it binne no ienkear de earnstige hearen dy’t it skiednisboek skriuwe, hin … en teffens it ferjittelboek.
Hommels naam heit de piip út ’e mûle en tute my op ’e holle.
– Sisa, no witst it. En no as de wjerljocht op bêd.
Si-sa neist, njonken sjuh-sa, hat Willem Visser
’n fearnsieu li’en oer skreon iin Tydskr.Fr.Taalk.
Te drege wörd-foàrmen: fólx-fergoadzjen ape-
koal foen. Fólkeferôffgoading fon/troch Fólk?
Götterdämmerung. Ring der Nibelungen bibel
Gen. 6. Nefilim. Goadesoànnen, Ajax, A’daam.
Nivellains. Nijvellinge-binde 1987. Bayreuth u.
Nazis. R.Wagner u. Worms oant Bûda-Pest of
Bûtenpost. Siegfried, Sigurd, Sjoerd en Hagen.
Oarrehaite pet, oareway ’n poàr-team oandien.
Hi makke him nèt ta fólk fon ‘e hearen: 1 mân.
Oant sa-fier iin ‘e …” (stront) de 3 puntsjes los.
Der(!) wie noch what … (idem) luciëferspricke
(wetterjuffer prickje) wier all bröcen, ommers.
Blij- ta blierread maitsje id dichterlyke frijhied.
Rôse brill. Eärnstigh, brecking oanjoen, hin …
Uus hait smookte nèt, hat nèt ’n tuut joen, for-
tellde gjin forgullië-moene-fulliëton-fontasije.
Gulliver’s Travels to Gällivare, Laplawn Sw.
Ik wit it, Dauwe, ik moat mear oanslute by hoe’t de jongerein praat no. Dêr sit de ein fêst: ik wit net hoe’t de jeugd op it heden praat. Hja brûke no wurden as ‘frientsje’, neffens in jongesboekeskriuwer okkerdeis. Mar ik sil myn bêst dwaan – with a little help from my friend …
Neffens dij hied er oanpypke mei de tebrutsene toskpluzer? It soe kinne.
Nee, Japik, nèt by de yongerèin. Nèt ’t praat fon yongeliu fon now.
Nee, Geart Tigcheler id de oersetter fon berneboek ‘Swarte Swân.
Nee, nèt oanpiipke, mar lietst hait him Twar’s brecke by fersinnen.
Nea what skreuen oer baarnende bosken iin AlenTejo, Portugaal?
Nea what heärd oer mear muoite mey apostrof oan begjin fon sin.
Nea fon Siitze heärd oer foàrbield by yongerein brecking oanjoen!
Nee, dân wie it ’n 2e prickje, dêr’t er mey oanstöce,
En dât er bröce, whant it wie ’n wenst fon yém hait.
Wat hasto dochs mei baarnende bosken, ju? Ofrûne simmer binne allinnich yn Portugal 115(!) minsken (folwoeksenen en lytse bern) libbensliif ferbaarnd. Ik wurd aaklik as ik der oan tink. En dy’t it libben der ôfskuord hawwe, soene bytiden wolle dat se dat net dien hiene. Wat wolst dêr noch mear oer witte?
Condoleânces, Jaap. My’n iinlyk dielnimmen.
Heärst mi dòch’s nèt sizzen: Portegiesen ge-
nôch, by ’t soad en seksje. Hje binne stoarn
troch baarnende bosken up 60 placken ta-
geliik. Forlikia èk Californje en Austraalje.
Wii wurde der ommers aaklyk fon, yöh.
My’n ex iin Stjerrebergen en dy’n krite.
What hat ûndersiek hjirre upsmiten?