Haadstik 1: Lytse Pier

Ik wit noch hoe âld oft ik wie doe’t ik foar it earst oer him hearde. Dus dat moat yn ’e sechstiger jierren west hawwe.
Master fertelde langer ferhalen oer Grutte Pier. Wy harken mei sân pear earen. De oare jonges út ’e klasse seagen altemets mei skeane eagen nei my. Ik hie wol in idee wêrom oft dat wie. It hie eigenskip dat soks kaam om’t ús heit goed twa meter meat en hast trijehûndert pûn woech.
Iksels wie ek skoan oan ’e mjitte. Ik wie al de grutste fan ’e skoalle, doe’t ik yn ’e fjirde klasse siet. Dat is, de grutste jonge – frjemdernôch wiene der guon fammen yn ’e sechsde dy’t grutter wiene, mar dy strûsde ik in skoftke letter wer foarby …
Mar, dêr giet it no net om.

Op in simmerdei siet ús heit nei it jimmetiten bûtendoar te hjeljûnjen. Ik plofte njonken him del. It wie al in setsje toarstich waar en in siichje of twirke wie trewes.
Ynienen seach ús heit my fansiden oan.
– En jonge, wat hast hjoed leard?
Ik siet in skoftke mei in grouwe tear yn ’e holle op dy fraach om te stinnen, want foar myn gefoel learden wy nea net folle – neat dat makke yn alle gefal. Dy hiele skoalleboel wie neffens my útfûn om fan ús ôf te wêzen. De grutte minsken koene dan moai wat omdidelje sûnder mot om ’e teannen, wylst wy ús stikken ferfeelden.

Ik woe it krekt oerjaan, doe’t my de ferhalen fan master yn ’t sin kamen, de ferhalen oer Grutte Pier. En ik ferhelle in pear eksploaten dêr’t dy histoaryske figuer de haadrol yn spile. Ik fielde hoe’t ik in kleur krige, doe’t ik heit fertelde oer dy kear dat in pear oerdwealske Saksyske spionnen him frege, oft er ek wist wêr oft Grutte Pier wenne. Mei ien hân luts er achteleas syn ploech út ’e kluten en wiisde dêrmei nei in pleats yn ’e fierte: ‘Dêr wennet er …’ En der doe driigjend efteroan: ‘… en hjir stiet er!’ En doe’t de mannen ek net bûter, brea en griene tsiis) sizze koene, weve er yn ien feech mei har ôf – op ’e harsens it kowedrinken yn.
Sa gong dat doedestiids, suver en saaklik. En it slachtoffer joech him dêrby del, hie master sein. Neat gjin oanjefte of stifting Korrelaasje. Neat net fan: Dat zoeken we op! It lân lei der noch oersichtlik hinne, rjucht en sljucht …

Ik seach ús heit ris ûndersykjend oan. Soe it him allyksa kâld troch de lea gean, as dat it ferhaal fan master ús gien wie?
It hie der oan, heit glimke mar wat.
Foar it fuortsterkjend effekt fertelde ik doe, dat wy op skoalreiske it swurd fan Grutte Pier sjoen hiene, dat te Ljouwert yn it Frysk Museum útstald is; hoe ûnbidich grut dat swurd is en …
Doe wie heit om, sa’t it like.
– Blinder, jonge, dy Grutte Pier hie wol aardich knyp yn ’e hannen!
Ik wie alhiel ferstuivere.
Aardich knyp yn ’e hannen, stammere ik, Grutte Pier wie de alderbaldergrutste Fries dy’t der al syn dagen west hat! En de meast mânske! Wit heit dat dan net!?
– Grutte Pier de aldergrutste? Ei nee, jonge, andere heit droechwei. Hy wie grut, dat stim ik mei. Mar de aldergrutste? Och heden, nee!
Ik gappe nei de siken.
– Heit hâldt my foar it soaltsje, tink?
– Nee, jonkje, wier net! Der wie noch ien folle grutter en mânsker as Grutte Pier. Wat sis ik? Hy hat Grutte Pier ris hast de harsens ynslein, doe’t er noch mar in poppe wie, mei Grutte Pier syn eigen swurd. No do wer!
Ik wie ferset.
– W… wa…wa wie dat dan?
– Och, leave jonge, witsto dat net? Wat leare se jim eins op dy skoalle? Lytse Pier fansels!

Dit vind je misschien ook leuk...

5 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Ik hav mar ien bonkje foen: ’t shibboleth liEDT sa.
    Ik hav dât sterke stick èk fon master (Schreiber)
    heärd iin ‘e fiérde clâsse. Mar Pier meande all de
    hóllen, hullen der ou, au, mey de ploege. ’n Sellde
    boàrne – think – Uut Frieslawn’s Fólkslibben 1895
    fon Waling Diikstra. Hast ’t ferhelliënde fon hait?
    Uus hait wie “suver en saaklik, sliocht en rioght,”
    âs boer iin Tiedtsjerksteradiel, fertellde hoe’t de
    fûgelnamme lette: (strân)ljip, skries, tjirk en ljurk.
    Liitse Wierd of Pier liket op Herakles die’t ûnder-
    wiser èk de harsens iin slain hat. En ‘e Hydraak.

  2. Jaap Slager schreef:

    Ja, Dauwe, hoe’t dat krekt om en ta gien is mei GP en syn ploege, dat wit ik ek net – ik haw de belle wol lieden heard, mar … wêr’t de bongel hinget, ik soe it dy net sizze kinne. Asto de histoaryske wearde fan myn ferhaaltsjes yn ‘e kiif sette wolst, krigest it noch slim drok. 😉

  3. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Oei, ei, de bellE (siele, ploege, flesse).
    Oars hav Ik seare earen, hollânnisme.
    Hystearisk mei y, histoarysk mey ’n i!
    Hollânnisme is èk: ’t schibbolet liedt.
    Naar verluidt hast. Friesk: it klinkt sa.
    Snie-clockje liedt, ’n liederke. Liderke
    if faut iin wördbook. Lijerij of te lider.
    My’n ferzje wie ’n stick sterker, Jaap!
    Uus hait hie de sellde skoàllemaster
    hawn âs mi. Ney mi mey pinsjoen …

  4. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Earste kear all sjoen en dòch’s fergetten:
    ’n Pear Saxiske spionnen him fregeN, !!!
    ’n Pear freget om trouwen. ’n Stick of 3?

  1. maart 30, 2018

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]