Haachsk hea terskje

De guit nimme…
Beide âldelju hâlde yn ´e regel likefolle fan (al) harren bern. Dat hoecht net te betsjutten, dat soks fan dy bern ek sa field wurdt. In bern kin inerlik fiele dat in broer of sus de pree hat. It kin fansels ek wêze dat ien fan ´e âldelju net (rjucht) by steat is syn of har leafde te uterjen.
Idealiter seit sa´n bern yn it lêste gefal by himsels “Dan mar net, ju! Ik sil my der net om fergrine, want it libben is al sa koart!”, nimt de guit en folget syn eigen libbenspaad.

…of oan in dea baarch skuorre
Mar spitigernôch hawwe guon bern dêr wol oan. De leafde fan syn heit of syn mem is sa´n bern net genôch. Sterker, dy leafde fan ien fan beide âldelju achtenearret it mûlk net iens – it hat syn sin set op de leafde dy´t him ûntholden wurdt. It sjucht de heit of mem dy´t net om lyk wol allegeduerigen nei de eagen en besiket him of har mei al syn krêft en kinnen op de lije side oan te kommen.
En om´t it sadwaande leart yn funksje fan folslein ûnkleare(!) easken en betingsten te libjen, bliuwt it jamk yn dat stribjen heakjen, as de ûnferskelige heit of mem al lang út ´e tiid is.
Sa binne der witte folle libbens fermuozze.

O o, De Haach
Sokke tinzen wâlje ûnwollens by my op hoenear´t de striders foar it Frysk wer ris in smeekskrift stjoere oan it folslein ûnferskelige “vadertje Staat”, en soks nei alle tinken noch dwaan sille as dy steat al lang de bek fol modder hat (want opgongen yn Grut-Flaanderen 😊 of sawathinne). Of hoenear´t ik in foto fan in dimmestraasje sjuch, dêr´t rûch yn it burd sittende manlju, dy´t de learplicht grif al efter de knopen hawwe, in buordsje op omheech hâlde mei de driigjende wurden: “Frysk op skoalle”…
Watsjo?
Ja, de grize giet jin oer de grouwe. Dat heeft deryn, blinder. Hja krije yn De Haach gjin wink mear yn ´e eagen.

Lege briefkes
Ja, hear ik de striders foar it Frysk (dêr´t ik – foar it goede begryp – it grutst mooglike respekt foar haw) al opstowen, Jaap kin it moai opsizze, mar… sis mar ris, hoe´t it al moat!
Ho, alle rieders binne noch gjin dieders.

Jeugdleafde
Mar, as it my goed heucht, haw ik yn dut ramt alris skreaun “Das Schicksal kommt von innen”. Dêr bedoelde ik doe mei dat as wy it net klear krije, de leafde foar de taal in plak yn it hert fan de jeugd te jaan, dy hiele striid in útdragene saak is. Ik wit net wa´t okkerlêst mei it idee kaam – der is by my wat hingjen bleaun fan dat it fan ús nieuwe lector Fries en Meertaligheid aan de NHL Stenden Hogeschool in Leeuwarden ôf kaam, mar dêr wol ik mis mei wêze – mar it kaam der op del, dat men it famke út Bosnje oan ´e klasse fertelle lit hoe´t men goeie seit yn it Bosnysk, en it jonkje út Mantgum útlizze lit wêrom´t men jins âldelju net doket yn Fryslân. Dat set har – as it treft – oan it tinken: “Hee, eins wol nijsgjirrich!”

Dompergeast
Ja, dêr hawwe jim gelyk oan – soks fereasket in iepen opstelling fan learkrêften. Nee, net in hâlding as in opsnijde stút, sa fan “Dit mag niet!” en “Dat wil ik niet hebben, hoor!” Ik wol dêrom de gelegenheid tewacht nimme en gean hjir yn ´e pleit foar Berufsverbote 😊
Njonken Fryske learkrêften binne Drintske en Twintske fan herte wolkom, en ek dy út Limburch, Lúksemboarch en Flaanderen. Mar Hollânske learkrêften… perfoarst net!

Koppers
Ja, en wêrom soene Friezen sels ek gauris oerskeakelje op it Hollânsk as der aktuele ûnderwerpen op it aljemint komme? Om´t se fia de media mei dat jargon dea smiten wurde fansels. Dêrom stelde ik lêst, yn myn iepen brief oan… toe ju, hoe hjit dy man fan ´e Ljouwerter dochs ek mar wer?… dêrom sloech ik de redaksje foar en doch teminsten de koppen yn ´e krante yn it Frysk.
Mar, te deale, as sels sabeare “kultuerdragers” ús kultuer op ´e rongen slepe litte… ja, dan wurdt it in stoere striid, dy striid foar it Frysk.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. maart 8, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]