Gûle mei de hûnen yn ‘e… yn it boask

“As ien mei jins wiif op ’e fiter giet, sa is der gjin swieter wraak as him har hâlde litte.”
– Lee Majors

“As se ienkear troud binne, wurde man en wiif elts in side fan deselde munt; hja kinne inoar net mear sjen, mar bliuwe dochs byinoar.”
– Al Gore

“Boaskje foaral! Ast in goed wiif trefst, kinst it lok berinne. Trefst in minnenien, wurdst filosoof.”
– Socrates

“Froulju ynspirearje ús ta grutte dieden… en hâlde ús derfan tebek har ta stân te bringen.”
– Mike Tyson

“De grutte fraach… dêr’t ik mar net in antwurd op fine kin… is: Wat wol in frommis no winlik?”
– George Clooney

“Ik hie wurden mei myn wiif… en hja hie haadstikken mei my.”
– Bill Clinton

“Guon fernimme wolris nei it geheim fan ús lang houlik. Twaris wyks nimme wy de tiid foar út te iten gean. In skoander miel, by kearsljocht en sêfte muzyk, en neitiid dûnsjen. Hja giet tiisdeis, ik freeds.”
– George W. Bush

“De twa geheimen fan in lokkich houlik:
1. As men ûngelyk hat, jou it dan ta
2. As men gelyk hat, hâld jin de bek.”
– Shaquille O’Neal

“De meast wisse manear om de jierdei fan jins wiif te ûnthâlden, is: dy ienris ferjitte.”
– Kobe Bryant

“Tweintich jier lang wiene myn wiif en ik sa lokkich as in bern. Doe moeten wy inoar.”
– Alec Baldwin

“In goed wiif ferjout it har man jimmer at se ûngelyk hat.”
– Barack Obama

“It boask is de iennichste kriich dêr’t men mei de fijân sliept.”
– Tommy Lee


Dit vind je misschien ook leuk...