Grins oer de grins hune, de wearze foarby
2018: neiweaun fan regear en NAM-bestjoer, nimme Grinslanners de koartste wei fan hjir nei Tokyo – biedwurd: Laat Groningen zakken!
Yn wingewest Grins die him moandei in ierdskodding foar fan 3,4 op de skaal fan Richter, de swierste sûnt 2012, de 1.000ste sûnt 1986, it jier dat bliken die dat de feitlike winning fan gas, dy’t yn 1963 fan ein gie, lyksa fan feitlike gefolgen wie – al woe de NAM dêr doedestiids gjin praat fan hearre.
Febrewaris fan it ôfrûne jier luts Freek de Jonge troch de provinsje yn it ramt fan de aksje ‘Laat Groningen niet zakken’. Tsientûzenen ûnderskreune in petysje, in fakkeloptocht teach troch ‘Stad’ hinne en ynwenners fan it skoddingsgebiet skodden yn talkshows oer de hiele lea – en net fan it laitsjen. Om’t der yn maart ferkiezings wiene, stie de winning fan gas op de politike aginda en seine politisy ta, de problemen soene oplost.
Juny easken SP, PvdA en GroenLinks it werombringen fan de produksje oant 12 miljard kúb ta. Neffens Staatstoezicht op de Mijnen, de oerheidstsjinst dy’t de winning fan mineralen neirydt, sakket earst by 12 miljard kúb de kâns op swiere ierdskoddings. Mar 12 miljard kúb koe earlik net, sei Rutte, 20 miljard kúb is it wyt fan syn nije regear. 20 miljard is teffens – poer tafallich – it folume dêr’t de winning mei neffens de NAM noch krekt út kin. Foaral no’t de Shell/Exxon-kombinaasje ek noch rekkenje moat mei kosten fan troch winning feroarsake skea.
It is catch 22 yn Grins – it gefaar foar skea moat rûn wurde mei’t de skea fergoede wurde kin.
Dat fergoedzjen fljucht oars sa hurd net. It foar 1 july oanseine skeaprotokol is noch altyd net ree, fjouwertûzen claims binne dat wol. It Instituut Mijnbouwschade, dat it besjen en fergoedzjen fan skea fan de partijige NAM oernimme moat, is jit net oan ’e slach. Der is in burokratysk skepsel yn wêzen roppen dat syn gelikens net hat yn de skiednis fan ‘e mynbou, mar dat Grinslanners mei skuorren yn ’e muorren – of noch slimmer – ferbûket en ôfmêdet. Wat sachs ek de bedoeling is.
De NAM die moandei fuort nei de ierdskodding yn in parseferklearring te witten, it ‘in de eerste plaats bijzonder te betreuren voor iedereen die op de een of andere manier hiermee is geconfronteerd’. Underwilens docht it bedriuw oars neat as fergoedings foar lju dy’t skea bewachte hawwe, trênearje en frustrearje. Der sit jit 700 miljard kúb yn ’e grûn, mar mei de oanboazjende tsjinwar tsjin winning en it gâns belekjende belang fan gas, liket it wyt fan de oaljebaronnen foaral en benammen: handich it gat derút wine sûnder miljardeclaims.
De ierdskodding fan augustus 2012 brocht it probleem oan it ljocht. It is treurich dat der sûnt palavere is sûnder ein – it iene nei it oare gasdebat yn ’e Twadde Keamer – mar in oplossing hieltiten fierder wei komme moat. De gaskraan is foar de helte ticht, mar in andert op de fraach hoe’t it fierder moat mei de feitlike gefolgen fan goed fyftich jier pompen is: hymphamp op in mostermûne.
It CDA wol in ‘spoeddebat’ en de PvdA stelde ‘Kamervragen’. Minister Wiebes sei moandei dat de winning ‘maximaal’ fermindere wurde sil. Kollums sille skreaun wurde, fakkeloptochten op prikken set en poerrazende bewenners sille oanskowe yn talkshows.
Dat riteweel sil him werhelje oant it gas skjin op is, of de alderlêste Grinzer oer de grins.
Allahmachtich, oaljebaron iin gâs.
App’Daam Ynje, Dellsiil Sail, Stêd!
Bluetown, Blauwe Stêd, ferhuund.
Catch 22 – Lit Grenens nèt sackië.
D666, GrienLinks, PfdA en NCPN.
Earmste regio up riikste gâsbelle.
Friesk Front up Noàrdsee – Waad.
Gâs, blinder, FNP, Boombeweging.
Grenenzers oer de bûtengréns EÚ.
Herhelliê. Minder, blinder! Wiebe’s.
PfdArbaidsleazen Fólk Dellbêdzje.
Slochteren, Loppersem en Seeriip.
Steatstafersjoch op ‘e Minen DSM
Skea bewachtsje? Miljarde-claims
Ûnderskreon mei sin ûnderskreun.
Volume winning – skeafergoeding.
Wild Thing, up of oan ‘e Weaze, Lj.
Ynstituut Miinbouskea, ‘partijich’?
Zoöloogh seehoenen soan ’t Hart.
Skuorren iin muorren