Gradaasjes fan ôfstân
“Hoe spreken Friese kinderen hun ouders aan!”
Dat is ek minsklik, tink, en mien dat men mar wat apart is – in oaze yn in toar en feal fermidden. Dat baltsje waard okkerwyks opsmiten yn in artikel yn it NRC “Hoe spreken Friese kinderen hun ouders aan!”
Ja, yn ´e tredde persoan dus – “Hat heit al iten?” Dat brûkme fan de tredde persoan is wat minder direkt as de twadde persoan (fierste pertaal), oppenearre de skriuwer fan it artikel, mar wat miensumer as it ôfstanlike “jo”. De fraach waard fuort opsmiten oft soks unyk is of net.
“Er is heel weinig van bekend”, ornearre Gerbrich de Jong yn it artikel. En hja kin it witte, want hja is “lerarenopleider Nederlands en Fries aan de NHL Stenden Hogeschool in Leeuwarden”. Men soe op sokke stuiten ferwachtsje dat har Portegeeske kollega Joana da Silveira Duarte, “nieuwe lector Fries en Meertaligheid aan de NHL Stenden Hogeschool in Leeuwarden” har fuort yn it wurd falle soe, mei: “Dat dogge wy te uzes ek, hear – O pai já comeu?”
Mar nee, dat lit Joana oan dizze âldman oer.
Nijsgjirrich genôch
Dat doe´t ik kwattele fan “Yn it Portegeesk binne safolle gradaasjes fan ôfstân, dêr soe ik wol in stikje oer skriuwe kinne!”, rôp Sytze fuort fan: “Dwaan!”
“Ho,” klaude ik hastich tebek, “ik leau net dat immen op dizze side soks ynteressant fine soe!” In nuver sizzen fansels, want – sa´t jim ta jimme skea al útfûn hawwe – kin it my net de barrels skele wat in oar ynteressearret of net. Ik skriuw oer wat mysels op it stuit dwaande hâldt. En de Portegeeske gradaasjes fan ôfstân fyn ik, no´t ik it nochris yn my omgean lit, nijsgjirrich genôch.
Fan yndirekte rede nei fokatyf
Taal is in libben organisme. Dat is mei it Portegeesk net oars. Soe it by de jeld nea opkommen wêze en sprek de âldelju (en pake en beppe, en omkes en muoikes, ensafuorthinne) oars oan as yn de tredde persoan (“A mãe já comeu?” – Hat mem al iten?), tsjintwurdich is it al safierhinne dat men de jeugd sizzen hearre kin: “Pai, já comeste?” – Heit, hast al iten?
Bleate kont
Yn it deistich ferkear wurd ik-sei-de-gek ornaris oansprutsen mei “O (senhor) Tiago já ouviu?” – Hat (mynhear) Jaap it al heard?
Sterker, myn eigenste wyfke spruts my tenearsten oan mei “mynhear”. My tocht “Dat giet wol oer, as se my ienkear yn ´e bleate kont sjoen hat!” – te uzes yn Fryslân dochs wat in… eh, wetterskieding, no. Mar nee, dat hat wol in jier duorre, foar´t it safier wie. Net dat se my doe pas yn ´e bleate kont seach, sa net – dat wie samar klear 😉 – mar dat se my stadichoan begûn te dookjen. Wy hiene Madeara al tegearre besyld, alsa ek de Azoaren, foar´t it safier wie. En doe fersinde se har noch wolris: “O senhor quer um cafezinho?” – Wol mynhear in bakje kofje ha?
Kunde en goefreon
As men inoar goed ken, bliuwt de tredde persoan, mar ferdwynt it ûnderwerp gauris, lykas yn it Latyn: “Tiago, já ouviu?” – Jaap, ha jo it al heard? En men moat alderbalderlabindichsten ien en mien mei inoar wêze, foar´t men op de twadde persoan oerskeakelet: “Tiago, já ouviste?” – Jaap, hast it al heard?
Dat is, by de jongelju! Want myn wiif sprekt har bêste freondinne jit yn ´e yndirekte rede oan mei “a senhora, dona Irene,…”: No moat a senhora, dona Irene, ophâlde! Is der by a senhora, dona Irene, bygefal ien fan ´e fiif op ´e kuier?” En Irene docht dat oarsom ek: “a senhora, dona Maria José…”
Dat hie dizze simpele ju yn it earstoan net yn ´e smizen fansels. Dat ik begûn fuort te dookjen – freondinne fan myn wiif, is´t net sa! Dat a senhora dona Irene seach my oan oft ik har by de boarsten krige hie.
Vossemecê
Yn Brazylje jildt alle sitewaasjes foar: “você” – alleman sprekt men dêrmei oan, fan jins bern ta jins baas. It is in ôfkoarting fan it Portegeeske “vossa mercê”, lykas “u” yn it Hollânsk in ôfkoarting is fan “Uw Edelheid”. It ferskeel is dat “você” konsekwint in tredde persoansfoarm meikriget, wylst “u” yn it Hollânsk no ris mei in tredde en dan wer mei in twadde persoansfoarm giet – men wit winliken nea wat men deroan hat.
Yn it Portegeesk wurdt “você” net sa bot mear brûkt. Of it moat spotsk bedoeld wêze: “Sim, e você sabe!” – Mynhear wit it wer better, tink!
Mar no komt it…
Is men yn Spanje, dat ik fan ús terras ôf bepisje kin…
Watsjo?
Ja, hear, nettsjinsteande myn prostaatproblemen!
As men dêre freget “Buenos dias. ¿Qué tal?” – Goeie. Hoe is ´t?, dan kriget men fuort om ´e earen: “Bien. ¿Y tu?” – Goed. En do?
Dat is sa´n grut ferskeel mei de Portegeeske oansprekfoarmen, dat sels dizze ferportegeeskesearre jobbe yn ´t earstoan wolris ferheard opseach: Moat dat no sa, ju – sa ûngewosken?
Mar goed, sokke ferskelen binne der ek mei Dútslân, mar dan krektoarsom – dêre duzt men lang sa gau net as yn it Nederlân.
Mar dêr wit Joana nei alle tinken folle mear oer te fertellen…
1 Response
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]