Gâns behang
Twa-ûnder-ien-kapwennings binne yn ‘e regel inoars spegelbyld, dus kwa ôfmjittings gelikens.
Dat Floris Jan frege oan syn nije buorman Jan Floris hoefolle rôlen oft er koft hie doe’t er de wenkeamer behong.
– Tsien rôlen, andere Jan Floris.
In pear dagen letter naam Floris Jan syn buorman fannijs geweken.
– Wat donder, ik hold fiif rôlen oer!
Andere Jan Floris sa drûch as in pûn moal:
– Kloppet, hie ik ek.
Recente reacties