Fyntaligens

Trije glêzewaskers binne drok oan it rúthimmeljen op de boppeste etaazjes fan sa´n ûnbidigen minskepakhús yn Rotterdaam.

Hommels brekt ien fan ´e keatlings dêr´t it bakje oan hinget dêr´t se yn steane te arbeidzjen. Twa witte har noch krekt fêst te klamjen, mar de tredde man falt te pletter.

Nei´t de boel berêden is — in dokter hat fêststeld dat harren kammeraat yn die mortibus is en it lyk wurdt yn in sikewein ôffierd — bliuwe de oare twa ferslein benefter.

As se in bytsje bekommen binne, freget de ien trilderich: “Wa moat dut de widdo oansizze?”
De oar kin oan ´e manear dêr´t de fraach op steld wurdt, wol fernimme dat syn maat tsjin dat putsje oan soarget as de duvel tsjin ´e dei.
“Wachtsje mar,” jout er syn kollega útrêding, “dat sil ik wol op my nimme — soks is krekt wat foar my. Sa´n fertrietliken boadskip moat in bytsje mei ferdrach, takt en fyntaligens oerbrocht wurde, sjuch.”

In oerke letter is er alwer werom, mei in flesse drank ûnder de earm.
“Hoe bisto dêrsa oan slingere, ju?” wiist syn maat.
“Dy flesse? O, dy haw ik fan ´e widdo krige!”
“No moatst ophâlde! Do ferteldest dat har man te pletter fallen is, en doe krigest dêr in flesfol drank op ta?”
“No, sa is it net earlik gien. Ik kaam by har oan ´e doar, ik skille oan, hja die iepen en ik sei: ´Goeie! Jo moatte Ko syn widdo wêze!´ Hja andere: ´Jo binne yn ´e beane, hear — ik bin noch gjin widdo.´ En doe sei ik: ´Wedzje om in flesse jenever fan al?´”

Ja, dy Hollanners binne singelierse fyntalich.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. augustus 30, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]