Fuotbalspul
As ik deryn kom, slaan waarmte en leven my yn ‘e mjitte…
Ik prip de plu yn ‘e bak neist de doar en sykje plak oan ‘e taap.
Op ‘e nij hoallefoalje de jonges yn ‘e hoeke dat it sta seit. Freegjend sjuch ik Jelle oan, wylst er my in boarreltsje tapet. Mar hy beart of fernimt er neat; hy krijt de skûteldoek wer op en giet mei in gesicht as in ûle teset oer it diggelguod.
– In fuotbalspul, ferklearret Keimpe, begjin der mar net oer!
It lêste slacht op it feit dat Jelle oant no ta net folle lok hân hat op it mêd fan klantebining…
Hy túgde ris in ‘fruitautomaat’ oan. De ienige dy’t dêr algeduerich by sieten, hiene syn eigen soannen west. Hy hie gâns lijen hân en slyt it ûnding wer; en noch mear lijen en genês syn neiteam fan de oanwenst.
Dêrnei liet er in biljert komme. Mar rillegau die bliken, dy wie fierste grut foar de beheinde – sis mar nearzige – jachtweide; der wie alris in rútsje brutsen en ek de minsken oan ‘e taap moasten om it hurdsje romte meitsje foar in karamboal.
Dat Jelle hie de kwestje ris moai djip yn him om gean litten en by einbeslút hie it fuotbalspul de pree krige…
Dat der jongfolk op ôfkomme soe, dat hie it doel west. Dat it in soad wille jout, dat wie ék de bedoeling. Dat it lykwols mei sa’n heislik leven mank gean soe, dat de praters oan ‘e taap der bytiden oan ha en ferstean inoar noch… dát wie in misse rekken. De safolste!
– Moatsto net meidwaan, raas ik tsjin de jonge njonken my.
Wessel is ornaris de opperteur fan dat groepke.
– De hannen steane my ferkeard!
– Dat is in kwestje fan jin hoffenjen, ju, lis ik dêr tsjinyn.
– Dat hoecht net. Ik bin grif topscorer as ik meidoch.
– Ja-ha, sá…!
Wêrom bear ik winliken sa? Ik begryp der net in grevel fan!
– Dat moatst my even útlizze, slacht Keimpe de mûle deryn. Asto topscorer wêze soest, hoe kinst dan mei skik en fatsoen úthâlde dat de hannen dy ferkeard steane?
– Dat sit sisa…, sil Wessel útein, mar hy moat even wachtsje om’t der in jûchhei opklinkt dat net mear te berazen is.
– …ús heit hat ús eartiids sa’n tafel makke. Hoe’t er it hân hat, kin ik noch net by, want hy hie kwealk ark ta syn foldwaan. Hy seage in pear biezemstôken oan twaentweintich moatsjes en dy hat er mei in ierapelskilersmeske sadanich behoffene, dat der likefolle popkes oer bleaune. Dy hat ús mem opferve; âlve yn in read, âlve yn in blau tenu. In alderheislikst genifel, mar hja rêden it op…
Op ‘e nij moat er it ferhaal even ûnderbrekke. Ik wink Jelle, dat er ús noch ien jaan moat.
– Wessel in bierke, tink?
Wessel knikt fan ja.
De popkes waarden ter hichte fan it mulruft oan einen koperlieding reaun, fertelt er, en dy kamen troch de opsteande rânen fan in tripleks spylfjild.
– Fjouwer krijbeten, en… klear! In swiid stikje húsflyt, watsei?
It spul koe fan fjouwer persoanen spile wurde.
– Mar ús Pibe en ik rekken der sa op begien, dat wy koene it tegearre wol ôf. Wy koene álles mei dat houtene baltsje.
En altyd hiene der wer jonges west dy’t har de frije middeis mei hûndert om ‘e neat lytsman meitsje lieten. Soks hiene se sels net thús, dêr siet it him oan.
– Wysels hiene der bytiden gjin nocht mear oan, mar ús maten seurden dan krekt salang oant wy belies joegen.
Wessel nimt in hap fan syn bierke.
Ik freegje my ôf, oft doe faaks al de grûn lein is foar Wessel syn lettere liedersrol; ommers, habbe of net habbe, dát is de kwestje. Of ‘Dy’t wat hat, wurdiget wat’, sa’t ús pake plichte te sizzen.
– Dat doe’t Jelle him lêsten dat spul oantúgd hie, krijt Wessel wer de gong, waard my dat mei te witten dien. Douwe Koaistra woe mei mij! Douwe wist dat er foar spek en brea meidwaan soe, om’t ik fan ‘e miet ôf de heften yn hannen ha en… hâlde soe.
De mannen dêr’t se tsjin soene, hiene heard fan syn rippetaasje en stiene der al in bytsje nuet by; de ferhalen wiisden mâl…
Wy heine him de wurden op ‘e tosken; dat Wessel krijt suver nocht oan syn eigen ferhaal…
– Dêr kaam ik, de kampioen! Der foel in stiltme, alle eagen wiene op my rjuchte. Wy setten ús gewichtich oan ‘e tafel en, mei’t ik de hânsels beetkrige, gie it opslach troch my hinne: dut is ferkeard spul! It baltsje rôle ús kant oer en Fflámmm, doelpunt!
Elkum wie stil.
Doe sei Douwe: “Harstikke moai, Wessel, hear! Mar soest him de folgjende kear yn ‘e oare goal prippe kinne?”
Yn ‘e hoeke barste se it út fan it laitsjen – oft se taharke hiene.
– De wierheid krong stadich ta my troch, gniist Wessel, dêr’t ús tafel doedestiids fan rjuchts nei lofts spile hie, spylje fabrykstafels fan lófts nei rjúchts!
Douwe wie op it lêst mar by de oaren sitten gongen, te skutjassen; want dy oaren, de tsjinstanners, hiene rillegau yn it snotsje krige, dat safolle driuw ta selsferneatiging se noflik by sitten gean koene. Dat hy stie lykme allinne oan ‘e tafel, de switkobbels op ‘e bealich.
– Hoe’t ik ek writen die, it slagge my net en produsearje mear as in rôlerke de goeie kant oer; it fan rjuchts nei lofts spyljen siet my yn ieren en sinen. Doe haw ik it oerjûn, it stie tritich om ‘e neat. Elkum koe ik it fan winne, mar nét fan mysels!
Wessel wipt it lêste stealtsje bier yn it kielsgat en winkt Jelle.
– Moatst net fuort oan ‘e swierste ein fan ‘e balke tille, ju!
Wessel sjucht Keimpe net-begripend oan.
Keimpe knypeaget geheimsinnich.
– Asto it net fan dysels winne koest, wa hat it neffens dij dan wûn?
Wessel stiet in amerij mei in mûlfol tosken.
– Ferrek, ja! Dêr haw ik nea op sind!
Recente reacties