Fryskfersmiting

Waling-om

It skynt dat ik oan Waling Dykstra besibbe bin. Dat is gjin fertsjinst, sa net – it kaam my om samar te sizzen oanwaaien. Mar it is dêrom net minder nijsgjirrich, fyn ik. Alteast, dat fyn ik no. Doe´t ús mem it my as jonge fertelde, hie ik it op in pypfol. Mar dat is by de tiid sa´t skynt in bytsje feroare. In kammeraat út Scarborough ferwurde it okkerlêsten sa: It seems to me that it is only when one becomes aware of one´s own mortality that a desire to know about those who went before develops.
Moai, net!

Ginnealogy

No´t it mei my safier hinne is, dat ik wolris witte wol hoe´t ús stambeam krekt tebeksprantelet nei Waling-om, kin ik it har net mear freegje. Oan ús mem, bedoel ik. Us omke Pyt yn Sweden, krekt njoggentich wurden, wit wat dat oanbelanget ek net hoe´t de sturt ginnealogysk oan de baarch sit. Jawis, men kin ûndersyk dwaan, yn berteregisters en sawathinne. Mar, Froubuorren is my krekt te fier fytsen.

Bilkant

Oer fytsen sprutsen… ik wit noch al, dat ús pake Keimpe Piters Dykstra opstrewearre dat ik mar wakker yn ´e bûter dreau mei dy trochtraper dy´t ús heit foar my febrike hie, foar myn jierdei. En dan ferhelle er oer hoe´t er sels alle sneinen geandefoet fan ´e bilkant nei it Stienzer âldlân op-en-delderje moast doe´t er destiids Gatske Japiks Kingma befrijde.
Dêrom net, mar neffens my kaam er doe net allinnich fan ´e bilkant, mar siet er dêr by fertaast ek wolris oan. Want as ik goed rekkenje wie ús mem der justjes earder as njoggen moanne nei it boask. It kin ek wêze, dat it him yn ´e faasje wat ûntkommen is – mei it op-en-delderjen. Dat it sin him hommels fan ´e kroade glied, bedoel ik.

Warsjen fan it Frysk

Ik kin fansels net tippe oan syn taalbehearsking – wa kin dat al? – mar de leafde foar taal ha wy grif gemien, Waling-om en ik. Hollanners kinne der wat langer wat mear wurdearring foar opbringe as ik mei in wurd op ´e lappen kom dat har fergetten wie. Wêrom brûke wy winliken it Ingelske wurd, sizze se dan, wy hiene der ommers sels al in wurd foar.
Friezen is it spitigernôch krektoarsom mei. Ik fyn it prachtich as ik in geef Frysk wurd tsjinkom foar eat dêr´t de trochsneed Fries langer leaver in Hollânsk wurd foar brûkt. Watte? Ik bin sa grutsk as in hûn mei sân lullen hoenear´t my soks oerkomt. In minske sin, in minske libben, sille wy mar sizze.

Blokkearfriezen

En ik fyn it hielendal prachtich dat der op ´e FB-side Fryslân en de Fryske taal ek noch in flaterfisker omstreupt dy´t gjin ynslûpsel troch de mesken gean lit. Hy is bytiden sa rou as dou… eh, tou en op it politike mêd akkedearje wy sa´t liket as twa skuorde klokken, mar ik bin fan betinken: men hoecht it net oer alle boegen iens te wêzen om wat fan inoar leare te kinnen. Sa net guon oare lju op dy side – dy wurde sa´t skynt spinnidich.

Bokwerd forever

Sterker noch, wittefolle Friezen wurde ek al brûkel en brotsk fan myn pinnefruchten. Sjuch, dat wie hielendal de bedoeling net.
Hja fine dat Frysk fan my mar âldfrinzich en frijwat dreech. En men kin op it heden mei net ien mear diskussearje, want foar´t men wit is men blokkearre. Hja beheine har fierders ta kontakt mei OSM tink – lju út ´e eigen rinfuorge. Bokwerd forever!

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. december 31, 2019

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]