Fryske striid
No is ’t genôch, wy smite ’t twangjok ôf!
Wy ha ús nocht fan al dy Haachske kluchten!
Fan al it húnjen, wy sille derop ôf!
Wy sille stean of fjuchtsje foar ús rjuchten!
No efkes net, it iten stiet op ’t fjoer …
Dat ik wit net, oft ik dat no wol rêd …
Better fan net, hear, it wiif is samar poer …
En ’t is al let, wy soene krekt op bêd …
Kom mei no, man, want ringen sil it heve!
Wy moatte tsjernje, it molken is no rûn!
Wy ha de hichte, wat sill’ wy no beleve!
Ta de striid no, wy moatte mei yn ’t bûn!
Hjoed kin ik net, myn wein is yn revyzje …
En ik haw ek in bytsje pinebek …
Cambuur–It Fean komt op it tillefyzje …
Mei oardel man stean’ wy dêrta foar gek …
Wy tsjugg’ te fjilde mei alle mannemacht!
Wy wolle ûnder nimmens jok mear suchtsje!
Wy bûgje net foar ien dy’t ús wanacht’t!
Wy moatte foar ús eigen frijheid fjuchtsje!
Moatt’ wy net earst formeel om tawurd freegje?
Soks nimt al gau in moai skoft ta in dei …
Wy moatt’ ús net ta euveldied ferleegje …
Gean’ jimm’ foarfêst, ik kom wol efternei …
Gean’ jimm’ foarfêst, ik kom wol efternei …
Gean’ jimm’ foarfêst, ik kom wol efternei …
Gean’ jimm’ foarfêst, ik kom wol efternei …
FREIHIED!
Belibbië? Op_’e TilleViizje.
Wii bûgE nèt foàr ien, die’t uus n’t acht(et).
’n moai skoft Oant ’n day.
Gean jim Mar fêst,
Luctor & Emergo, Jimmergea
Te Mûcke Tale-Pliisjes
Belibje, ja. Hast gelyk, Dauwe. Wer te gleonhastich west by it delskriuwen. Ik leau oars wol dat ús heit dat sa sei: “No ha wy de hichte! Wat sill’ wy no beleve.” Mar ja, ús heit kaam út Jirnsum en gong yn Grou op skoalle. No, dan witst it wol, tink 😉
O ja, en reVyzje en tilleFyzje is ek net botte konsekwint. Hast alwer gelyk. Ik sil tenei better oppasse. 🙂