Frysk en fûgelfrij

Sit it him oan my, of heart men yndied in soad iggewearjen oer it gefaar dat ús skoane sprake op ’e sprong stiet – en dat al in jier of fiifhûndert(!) – en draai in mâl gat yn. En oer de frage oft dêr noch in kearensein oan is. Wier of wier?
Men heart yn dat ramt withoefolle lûden fan lju dy’t wakker nei de oerheid wize; dat dêre de ferlossing wei komme moat. Ik wit net, soks ropt by my in byld op fan in frommeske dat fan in skobbejak ferkrêfte wurdt, en har feint dy’t dêr deagemoedereard by stiet te wachtsjen oant de plysje komt.

Lit ús ris sjen wat it probleem is. Ommers, as men in probleem oplosse wol, moat men yn it foarste plak it probleem klear foar it ferstân hawwe.

Doe’t okkerdeis immen in artikel op it webstee Fryslân en de Fryske taal sette mei de titel ‘Nederlân docht te min foar it Papiamintsk’, kamen fuort reaksjes yn it Kettermintsk yn ’e trant fan ‘Typysk Nederlân wer, hear!’ en ‘Dat dogge se foar ús Frysk ek aloan!’
En wy draaie ús nochris haachlik(!) om yn ’e slachtofferrôle – it Calimero-effekt hjit dat, sit my wat fan yn ’e holle: ‘En it is net earlik, want hy is grut en ik bin lyts!’ of sawat. Doe’t ik ûnder dat artikel skreau ‘Nederlân docht te min foar it Nederlânsk’, koe men oan ’e hân fan ’e reaksjes fan tinken wol ha dat myn smeulske pjuk oan it luchtliddige besteld wie.
Mar lit my jitris in wraam dwaan en hâld wat ik bedoelde tsjin it ljocht.

It probleem mei Den Haach is neffens my, dat der neffens de oerheid dêre op gjin fuotten of fiemen nei in probleem is.

Nee, lit my oars begjinne. It is de hjitting dat Het Groot Dictee der Nederlandse Taal (hast) alle jierren wûn wurdt fan in Flaming. Wêrom is dat, tinkt jim?
Dat is neffens my om’t Flamingen it gefoel hawwe dat har sprake fan de Frânsktalige Belzen yn ’e hoeke treaun wurdt. En aksje jout reaksje, dat is in natuerwet. Dat Flamingen dogge alle war en hâld har taal fan frjemde smetten frij. It biedwurd is: As de ynhouten mar goed binne, sinkt it skip net.

Guon Friezen fiele dyselde druk, dy’t de Flamingen ûnderfine fan it Frânsk, fan it Nederlânsk útgean.
Gysbert Japicx joech it skip, ús skûtsje, syn ynhouten. Doe is er fan ’e ein set mei eazjen. Dy striid tsjin it wetter hâldt oant hjoed-de-dei ta oan; allinnich, de ynhouten binne mei it ferrin fan ’e tiid alwer heal fertutearze, wy hawwe ynienen stôk yn ‘e wyn op, wyn dy’t ek noch oanboazet, de griemerige storein is oergien yn stjalprein, it tij is kantele, it buiswetter slacht ús mei putsfollen tagelyk yn it antlit en wylst wy tige warber binne mei ús easfetsje, stiet dy tillevyzje-trol fan in Endemol efter ús rêch om mei in heksebile yn ’e skipshûd om te hakjen.
Wy freegje God om help. Mar, om’t wy aloan en wer de besettoan krije, rjuchtsje wy ús smeekbeaen ta Den Haach.

En dêr, yn Den Haach, sjugge se it probleem net: Lit dat wrakke boat nei beppe kelder gean, ju! Kom oan board op ús skip, plak by ’t soad!
Ommers, it Hollânsk fielt gjin druk. Dat komt troch de Flaamske buffersône yn it suden en de Fryske yn it noarden. De buffer yn it easten is troch allergy feroarsake; mei bunker, sowieso en überhaupt is de druk fan it easten út net dat makket. En de tsûnamy fan ’e kant fan ús befrijers fielt de trochhinne Nederlanner net as druk, mar as lij wetter yn ’e earen – it komt him noflik oan. En sûnder druk is der gjin tsjindruk; gjin aksje, gjin reaksje. De Hollanner beskôget taal bleat as kommunikaasjemiddel – in stik ark. En in goed te ferfangen stik ark dêrta. Hy hat gjin bewitten fan de emosjonele komponint fan jins memmetaal, dêr’t guon Friezen en Flamingen al regaad op meitsje.

Is der ien ûnder jim dy’t noch wit dat der in stikmannich jier lyn sa’n reklame op it tillevyzje west hat, in reklame oer sop of snert – in man dy’t mei it mobyltsje oan ’t ear de bedriuwskantine yn kuieret? Ik wit net rjucht mear wat er allegear bejeuzele, mar it wie yn alle gefal mear Ingelsk as Hollânsk. Syn lêste wurden wiene ‘Sulle we na de break effe levele? Okay, see you!’ of sawathinne en dan, as er oan bar is, timsidich tsjin de kantinejuffrou: ‘Zeg, doe mij ook zo’n kop erwtensoep?’
Sjuch, de man of frou dy’t dy reklame skreau, dy hie it begrepen, dy seach it ferskeel – it ferskeel tusken hert en harsens. Mar ja, dy hat nei alle tinken net in sit yn yn it regear-Rutte twa, trije of withoefolle.

Wat ik mar sizze wol, is: wy kinne al eazjende wol omheech sjen bliuwe om stipe, ûnder it biedwurd ‘Alle seine komt fan boppen’, mar wy farre raar te hjerring fansels as dêr de man mei de seine stiet. Hahaha!
Mar serieus, hoe soe men help en respekt foar behâld fan jins lytse sprake, Papiamintsk of Frysk, ferwachtsje kinne fan immen dy’t syn eigen memmetaal (jit?) lytsachtet en sloere lit?

Lost al myn eameljen it probleem op dat wy by de ein hawwe?
Nee, út ’er stee net. Mar ik haw besocht de lobby-lju foar Fryslân te hâlden te jaan dat wy gjin help ferwachtsje moatte fan – ik wol net sizze de fijân, mar – immen dy’t folslein ûnferskillich foar har eigen en dêrom ek foar oaremans lytse taal oer stiet. Soks is allikefolle as mei de merje nei de raam reizgje.

Dit vind je misschien ook leuk...

7 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Kettermintsje: Lege Lânnen dogge to min foàr Hollânsk.
    En hje (!) dogge tefolle foàr de oerbefólkingen iin Africa …
    Wii kinne kieze uut ‘e Hage, Hollawn en Himmel, imulus.
    Uus skoetsje up ‘e Burgemer Mar ûnder sail nei Eästermar.
    Foens foàr eärmoedigen, fertriet fon Dautia Kroesosendie.
    Axe, hexebile of Mânliu’s roekersguod. Wha kin iinhouten?
    Wha kin jit eazje? Wiin, stoàrm en rain fon tv-troll Ein&Mol.
    Beppe boppe! De dea fon Yperen. Flaanderens Fiélden èk.
    Neder-Saxen oer de Isel, Yssel. De tv-ienhied, yiérren sex-
    tigh ont taghtigh. Befreier de oerhearsker, Marshall-plân.
    Regaard moàst mei -rd. ’n Sit iin (1x) ’t regear. Eameljen.
    Reclame-skriower combinearre(t) modern en nostalgy?
    Hollânner ferfrjemdet fon him en foàrall har sells, taal!
    Hje wolle nèt oars. Ik bedoel: hje wolle inkeld mar oars.
    A’dammer im mankearre Neyyorker of dito Americaan.
    Neat oan te doàn. Fries id displäced Hollânner, Oranje.
    ’n Hollânner helpt mi eärder âs ’n Fries, heär, Jaap, juh.

  2. Jaap Slager schreef:

    Dat leau ik grif.

  3. jangerben schreef:

    myn kompliminten, hast kreas opsein (skreaun)

  4. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Laeste sin tredde alinéa fon ûnderen hied Ik neamd: yn yn 2x?
    Dau’tje

  5. Jaap Slager schreef:

    In sit ynhawwe – wat is dêr mis mei?

  6. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Come, Jaap de Fiker, nimst ’n sit iin, iin ‘e Rie’.
    What dât iinhôldt, witte wi noch net.
    Hast ’n sit iin ‘e Keamer of ’t Regear.
    Sitst oan oan/by ’t bankèt Hermâns. Duudlik.
    Liberaal wie Rjochtse VVD, is no GL.
    Fûgelfrij wie faai, fadodelyk, no Frei.
    JGM syn compliminten binn’ foàr di.
    Dautzje en Ick.
    Jäck the Ripper