Prena-taaltsje

– Jonges, wat bin ik bliid werris in bekfol prate to kinnen. Wy moatte de tiid al waarnimme, hear, want it oere is samar om.

– As it jim likefolle is, lit my dan wat gewurde hjoed – ik bin wat min op ´e bealch. Us mem hat juster wakker yn it waar sjoen, sjuch – soks komt jin oan ´e lever.

– Dat flouste! Unferantwurde! Us heit soe wol roppe!

– Ik sil jim fertelle, ik kom oars de doar net mear út as nei… nei… toe, ju!

– De Bûn fan Plattelânsfroulju?

– Nee, ju. Ik bedoel, dêr´t wy no binne – gimmestyk… gimmestyk foar froulju dy´t swier binne.

– Mear in bûn fan rûne lânsfroulju, sis mar – rûnefrouljusgimmestyk.

– Zwangerschapsgymnastiek, seit ús mem.

– Ja, sokke praat heart men op it heden wol mear – de measte lju kinne mei ferrin fan tiid net in oare taal mear leare.

– Gong xi fa cai!

– C´est pas vrai!

– O que na mocidade não se aprende na velhice não se entende!

– Ja, hâld no mar op! Ik wit wol dat alle wrâldtalen ús yn dit stadium noch likefolle binne as in slach oan ´e kop. Ik soe al bliid wêze at wy ús memmetaal skielk noch prate kinne – soks is al lang net in útdragen saak mear.

– Wat nukt dat, ju. Ik haw fan hearren en sizzen dat it dochs op ´e non rint mei de wrâld – it giet Dúnkerken út.

– Fersmoarging, bedoelste? Ja, dat haw ik ek heard – fersmoarging te lân, op see en yn ´e loft. Ik haw der wat oer heard by de grienteman. Ierdoalje en stienkoal binne de kweadoggers, wurdt der grute – fossile brânje.

– Plestik!

– Watsei?

Plestik – in derivaat fan ierdoalje. It is ien plestik, allegearre plestik op it heden – in pleach foar fisk en fûgelt. De earrebarren stean to koarjen op it dwingelân, sjugge in stik plestik gauris oan foar in fette rûp.

– Moatte hja ús net to plak bringe skielk, dy earrebarren?

– Ik wit net, der binne wat langer wat mear siikmeldings, is de hjitting.

– Ja, it fleanplan rekket raar yn disoarder.

– Dat seit ús brijman ek alle dagen: It komt op ´e kop ferkeard, fanke!

– Hee, dan hawwe wy deselde brijman, tink. Dy fan ús seit dat ommers ek. Hy wol ek alle dagen efkes fiele by ús mem. En in kâlde kloeren dat er hat!

– Ja, hear, dat moat deselde brijman wêze!

– It is oars fyntsjes kâld op it heden – dat is al sa.

– By de bakker hearde ik okkerdeis dat der in ferskeel fan benei hûndert graden wie tusken Noard-Amearika en Austraalje.

– Moatst ophâlde! Dan bliuw ik hjir mar smûk sitten, by ús mem – net to waarm, net to kâld.

– Klimaatferoaring, wurdt der sein. Sokke utersten yn it waar wurde it nije normaal.

– En dan ha wy it jit net hân oer oarloch, korrupsje, oergeunst en habsucht – koart sein, ús evenminske skielk.

– As ik jim sa beharkje, dan haw ik der net sa folle smjucht mear op om derút.

– Dêr hast al wat by de ein, heite – der binne wat langer wat mear lju dy´t mei opsetsin gjin bern mear op ´e wrâld sette, mar wy… ús wurdt neat frege.

– No, ik bin safierhinne, as ien fan jim my in fruchtôfdriuwingsklinyk wize kin, dan skop ik ús mem dêr wol hinne!

– Bisto fan ´e brijman?

– Dat wit ik net, fanke – safier giet myn ûnthâld net tobek.

– Nee, ju. Ik bedoel, hiesto it niiskrekt oer ´de brijman mei syn kâlde kloeren´.

– Ja, dat wie ik, ja. Ik soe oars wol harakiry begean, mar ik haw myn knyft net by my.

– Hee, wat wie dat? Ik miende wy hiene ôfpraat, wy soene ús mobyltsjes útdwaan.

– Nee, ju, dat wie de gûnzer dy´t it gimmestykoere útliedt.

– Blinder, is it al safier? No, oant hearrens dan mar wer!

– Ik wit net oft ik takomme wike fan ´e partij wêze sil – ús mem rint op alle dagen, sjuch.

– Oe heden, dat begruttet my allenduvels om dy. Ik soe sizze, it alderbêste dan mar! En… eh, sterktme tawinske! Wy appe.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. februari 6, 2019

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]