Frjemdling yn Jeruzalim
In Fries ken men wer út tûzenen. Net daliks oan syn uterlik, nee. Syn sjongerige trant fan praten ek net oan.
Nee, men ken him (of har fansels) wer oan syn irony. Us djipste gefoelens en de wierheid meie wy graach ealtsjes oerstrike mei wat droege humor. De wierheid hat ús dikmels in skeldernôch lûd en ús emoasjes yn har folle gloarje ta útdrukking bringe, fine wy gau te kliemsk of te kleierich. Dêrfandinne dat beide jamk foarsjoen wurde fan in licht spotsk, talich knypeachje (‘ja, spot der mar mei, sei de boer en hy smiet de bûter tsjin ’e poarte’). Dat hat fan dy gefolgen west dat it Frysk withoefolle siswizen en útdrukkings ken dêr’t suver net ien fuort oanstjit oan nimme kin, mar dy’t foar in goed fersteander sa klear as de dei binne. It skerpe ear foar sokke dingen is part fan ús erf.
Taal is in uteringsfoarm fan de foltsaard. Dat as de aard oars is, is de taal ek oars. In Fries om utens rint dêr fuort tsjinoan – hy (of hja fansels) wurdt bûten Fryslân net goed begrepen. Hy mient dat er syn irony streekrjucht oersette kin en dat falt bliksems ôf. It sil him faaks slagje en set it oer, mar de kâns is grut dat de oarstalige der gjin earen oan naaie kin (‘dy frjemdling sil dochs net mei sa’n stompe bile houwe, wol’). Of de Fries kriget it ferwyt dat er smeulsk of sels skeetsk is – wat der fier by troch is, want wy binne sa goed as bôle, no; gjin kwea hierke op ’e holle.
De ynternasjonaal oriïntearre FB-Fries wit út ûnderfining sa dwaandewei, dat er syn kommentaar it bêste beheine kin ta in opstutsen tomke. Dan wurdt er teminsten net alle klapsketen fan ien blokkearre of ‘ûntfreone’ (FB-taal).
Betsjut soks dat oare talen minder fyn beslipe binne?
Krektoarsom!
De Portugees bygelyks hat mear as tritich fariaasjes fan ‘jo’ ta syn foldwaan, mei alle tabehearrende gradaasjes fan respekt. Friezen binne fierstente koart om ‘e hoeke yn it each fan de Portugees – om net te sizzen rûchhouwers. Dat komt net allinnich om’t it Frysk as taal it rûge it neist is, it is foar ús teffens fan belang dat ús peteargenoat goed foar it ferstân kriget wat ús betinken is. Mar tink der goed om, dat dogge wy net foar ús petearmaat, hear, mar yn it foarste plak foar ússels. Biedwurd en skaaimerk binne no ienkear ien – rjucht en sljucht.
In trochhinne Portugees, lykas ús buorman bygelyks, sjucht der lykwols gjin bonken yn en wachtsje efkes oant syn peteargenoat him ôfjûn hat foar’t er him oppenearret. Sterker noch, é costume em Portugal, comer bem e dizer mal (it is sa de tradysje yn Portugal, goed ite en kwea sprekke).
Om in foarbyld te jaan … ús buorman is net yn syn earste leagen smoard. Hy hat der ek gjin beswier tsjin dat sok dwaan berabbe wurdt, mar … net as er der (noch) by is.
Sjuch, en dan hat er oan dizze Fries in minnenien. Ik beslach it wat mei de gek fansels, mar ik sis al mei safolle wurden dat er liicht as in abbekaat. En dan haw ik it bedoarn, dan hat men fuort earmoederij. Dan sjucht er my oan mei steande earen, oft er sizze wol: Hiest mei dat sizzen no net efkes wachtsje kind oant ik fuort bin?
Wêr’t ik op del wol, is dat it sa wêze mei dat de trochsneed Fries de skerpe kantsjes der mei wat irony fan ôf plichtet te heljen, de trochhinne Portugees bekappet de wierheid dat de sydstikken der nei fleane. Sadwaande bliuwt der mar in bluodderich lyts klibke fan oer. En dat men dêr better net wat fan sizze kin, salang’t it ûnderwerp sels noch bywêzich is, dat hat op syn bar wer te meitsjen mei de Portugeeske gewoante om wurden folle swierder te nimmen as wy dat plichtsje te dwaan. Wy lûke bygelyks oan ’e skouders, as immens miening ús sa wolkom is as in útslaande brân, sa fan: “Och, ik wit wa’t it seit, no” of “As elts op himsels past, wurdt nimmen wei”. Mar, dat binne de Ibearyske boer syn guozzen net; elts wurd wurdt foar âlde earnst opnommen – ek al is it bleikemuoi dy’t it seit, of in dweil fan in fint.
Foar’t jim my de bokking tatriuwe, dat ik alderraarst ginneralisearje, sis ik der fuort mar efkes by dat ik middelje, hear. Tink der goed om! Der sit fansels yn Fryslân wolris in njirre ûnder it gers. En allyksa sjucht men inkeldris in Fries yn Jeruzalim.
’n Fries werkinst? Kinst wer(om)!
iin Ôld Galiléen, Gleien, Liouwert.
Uus fielen. Wiérhied, fiérsten te,
Poàrte, hav Ik brecking oanjoen.
Friesk kin siswizen âs erf, hear
Hiem. Huusriem. Heredium.nl
Foàrm. ’t! Aard. 30 jo-farjaasjes
Eefkes neame, en 30 snie-typen
by de Eskimo of Vinûit èk mar.
Petearmaat. Classemaat en sa.
Ik beslaCH. Swiérder te nimmen
Âs Ât wi dât plightsje to doàn …
Bleike-muoi fon ‘e Snoekjesgreft.
Mear oer die Fries iin Jeruzalim.
Mear oer ’n baarnend Portugal.
Ferklearje my ris it ferskeel, Douwe, tusken ‘ik slaan’ en ‘ik slach’. Wêrom hat by dy lêstneamde de pree?
’t Ferskil. Ik slach if Friesk. Ik slaan fon ’n Yndiaan.
Âs Ât wi dât plightsje to doàn, bêste petear-maat.
Foàrkar to forcleärriën