Frijens blijens


Ynlieding

Neffens my binne minsken oeral gelyk. Min ofte mear dan. Ik haw alteast altyd wat gnyskje moatten om ´e tinkwize fan guon Amerikanen dy´t de eardere Sovjet-Uny as “Ryk fan it Kwea” beskôgen. Lykas wennen dêr gjin minsken, mei deistige noeden en soargen om bern en bestean.
Ik woe mar sizze: as men it ferskeel net mear sjucht tusken in folk en syn regear, dan kin men sa fier is it hinne eltsenien wol fersmite, te begjinnen mei jinsels.

Dat nimt net wei dat wakker minsklike eigenaardichheden yn ´e iene kultuer mear klam krije kinne en mear eachweide wurde as yn ´e oare. Nim earsucht yn it Westen.


Liberalisme

Krektoarsom wurdt yn grutte parten fan ´e wrâld it jin net yn tank ôfnommen as men der in oare miening (bgl. in oar leauwe of in oare politike oertsjûging) op nei hâldt as de mearheid. Sa hat der in snuorje west dat kloften folk fan it Ibearysk Skiereilân en út Frankryk en de Súdlike Nederlannen wei foar har feiligens útnaaiden nei de Noardlike Nederlannen. Dat wie yn in tiid dat ymmigranten jit wolkom wiene en men begryp ha koe foar in meiminske dy´t yn frijdom libje woe. Wat sis ik? Foar in meiminske dy´t überhaupt libje woe! Want de ynkwisysje makke koarte metten mei oarstinkenden.

O ja! Noch efkes foar de kommaneuker dy´t monkelet dat it liberalisme doedestiids noch net útfûn wie: it is perfoarst net sa dat ferdraachsumens en tochtme nei yndividuele frijens pas besteane hoenear´t der in wurd foar is.


Ferinerlike ynkwisysje

Bytiden liket dy súdlike ûnferdraachsumens endemysk wurden – part fan ´e folkskultuer. Ik haw nei sa folle jierren yn de Alentejo wol foar it snotsje krige dat partij Portegezen jin fuort op ´e rêch oansjugge sadree´t men bliken jout fan in eigen miening. In eigen miening dy´t net akkedearret mei harren, bedoel ik. Dat jildt teffens Spanjerts. My ferjit nea dat ik hjir yn it kafee ris omraken op ´e tok wie mei in man út Sevilla. It partoere wakker tusken ús beiden. Oant dy Spanjert hinnegie en spui raar guod fan dy Ingelsken mei harren Gibraltar – it joech gjin foech, sa´n enklave yn oarmans lân.
“Lykas Ceuta en Melilla, bedoelst”, joech ik him by de noas lâns werom.

Ik hie it bedoarn! Ik waard fuortendaliks skoudere – net in wurd mear!


Sosjale útsluting 

Men wurdt net mear sûnder ferdrach op ´e brânsteapel soald – dat brûkme is wat út ´e tiid rekke (spitigernôch, neffens guon) – mar ekskommunikaasje is dochs wol it minste dat men ferwachtsje kin. Of, sa´t it op it heden wat sekulierder hjit, sosjale útsluting.
No kin ik-sei-de-gek dêr net sa mei sitte. Ik haw nea net selskipswiet west en myn eigen miening is dochs mei gjin touwen te hâlden, sa´t jim ta jim skea wol fernommen hawwe. Boppedat wurd ik dôf. Dat petearjen kostet my op it heden fierstente folle enerzjy.

Mar it ferjit my wittefaak dat myn eigen miening ek fan gefolgen is foar myn wyfke. De earme skat wurdt fan ´e buorlju mei dy wakker kuozze eigen miening fan my op ien bult fage, sjuch.


Antyliberale trend

No is dat antyliberalisme wat in mondiale trend wurden, sa´t it liket. Lykas de Jeropeeske kateliken eartiids nei Palestina ta tôgen en stjoer freedsume oarstinkenden om in luchje, sa komme der no bytiden guon fan de lear fan Mohammed losrekke(!) moslims nei it Westen ta en help skuldleaze boargers de bocht om.

Globalisearring, tink, globalisearring fan in âlde katelike trend: “As jo net krektallyk as ik tinke, ha jo ûngelyk. En dêr stiet de deastraf op! Wolle jo no mar efkes stil stean bliuwe? De holle in bytsje foardel, graach! Ja, sa…” Tsjakkaaaa!!


“Vluchten kan niet meer”

Vladimir “Raspûtin” Poetin hat it ferdraachsume liberalisme okkerwyks de dea oansein. En it is de hjitting dat der yn ´e Noardlike Nederlannen al wittefolle lju weirinne mei de tinkbylden fan him en (syn marionet) Donald “Mauer im Kopf” Trump. De Noardlike Nederlannen yndied, ea it Jeropeeske sintrum fan ferdraachsumens en dêrom in feilich hinnekommen foar frijtinkers as Spinoza.

Vluchten kan niet meer, song Frâns Halsema al.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. Douwe fon der Meulen schreef:

    Riik fon Aquae, Aquaria, Pendragon, Hydra hen, Coppe
    Foriinderlike liberal, ferynderlykje
    Sociaal uutsluutsel jaan
    ’n Eine miening wacker kuozje
    De holle what foar-Dell, Portegies
    RasPûtiin wier ik earst mei, la Putain respectueuse
    Slavedriowers up Mediterranee uus Marine en Mafia
    farre die oer de bûtengréns fon EÚnje. OttoWörkForce
    com mar Dell om Fleghtlinge-wörk te jaan oan Migrânten.
    NiNsee.nl doe en hjoed VOC WiC mintaliteit.
    Femke Halsema Famke Helsema GL GrienLofts-Links is
    BruunRjochts PfdArbaidsleazens Dictatuer Doctrine 666.
    Foàr de Gâstarbaid is Slavernij nij modern Asscher Cohen
    Jeropeeske Roomsken teagen eärder nei Palestina en ‘e
    Omkrieten om ’t ôlde oarspronklyk Kristlyk gebiet te Her-
    overjen up ‘e Mohammedanen, die’t it uutmoàrde hiene.
    Kruustochten en ridders uut ’t Westen stiene iin rioght.
    Feminister Feminisme giét oer liken fon liitse bern, iin ’t
    memmeliif ta Untermensch forcleärre.
    Leävver Read âs Slaven, voGodstsjinst is opium foàr fólk.