Frijdom
Ik haw it gefoel dat ‘demokrasy’ foar withoefolle lju net mear as in wurd is.
‘De demokrasy stiet faai!’ Ja, it sil wol! Moatst my dêrfoar wekker meitsje?
Mar is it fan ‘Jim frijdom stiet faai!’ dan is de duvel ynienen yn ’e toer. Wat, donder!
Oars sein, demokrasy is foar guon net synonym mei frijdom. It iene is in wurd fan Grykske komôf en it oare komt jin streekrjucht oan ’e lever.
Ik leau wol dat hiele folksstammen witte dat withoefolle soannen en dochters harren hachje opset (en withoefaak ferlern) hawwe by de ferdigening fan ‘de frije wrâld’. Mar hoefolle fan harren soene foar it snotsje hawwe dat dut begryp winliken itselde is as it rjucht op selsbeskikking fan de folken dy’t it omfiemet, oftewol demokrasy?
Ik skreau lêsten al op Facebook dat ‘handing on the torch’ (fan Biden oan Harris) net sjoen wurde moat as it oerjaan fan de sprekwurdlike toartse (yn de strikte sin fan it oerdragen fan de ferantwurdlikens), mar as it oerjaan fan ‘the torch of Freedom’.
Hin?
Nee, ik krij mei sok sizzen de hannen net opinoar.
Dêr’t oaren wakker sukses hawwe mei in foto fan in eigen skeet, rispje ik noch net iens in tomke mei in skeetske opmerking oer Trump. Dat kin neffens my twa dingen betsjutte: of ik haw gjin freonen, of ik haw de ferkearde freonen. It earste kin men neat foar; soks is no ienkear sa. It twadde is in remeedzje foar: ûntfreone dat rosmos!
Mar ik bring mysels wer op ’e doele. Wêr soe ik it oer hawwe? O ja, frijdom…
Dy is ek mar betreklik fansels. De earste (en fuort de lêste) man dy’t fan poere frijdom geniete, wie Adam. Dy koe dwaan en litte wat er woe! Jitte neat gjin ‘survival of the fittest’ of oare atavistyske driuwen. Wat in frij libben! Wat woed er noch mear?
Hin? In lekker wiif?
Nee, ju, net oan begjinne! Yn it foarste plak, is dat fuort in fierste grutte hap út dyn frijdom en… wat kostet dat net, jonge? Want in wiif, dat kostet dy grif in ribbe út it liif!
En dan bern! Wat in ferantwurdlikens ynienen! Wer in hap út dyn frijdom! Witst wat dat allegearre betsjut? Dat it út is mei dyn heareneintsje libben. Dat wurdt adamjen, bêste man!
Watsei? Bernetaslach? Tochtsto datsto dêr wol mei lânskomme koest? Och, leave jonge, dêr kinst net iens de hypteek fan betelje. Hâld dochs op!
Mar goed, wa harket der nei my? Net in kop! Ik rispje net iens in tomke.
Mar wat ik sizze woe…
Wy lizze ús eigen frijdom withoefolle beheining op. Mar… dat dogge wy ússels oan! As wy ek noch talitte dat oaren dêr in stientsje oan bydrage, dan wurdt alles byinoar wol in lêst mei in boppelêst!
Tsjuch!
Recente reacties