Freegje it my net
Freegje my net om my te ferbrekken
Kom my net oan ús memmetaal
Sa freegje ik jim net om moai te ferrekken
Frysk is myn rjucht… en net yllegaal
[koar:] Sa freegje wy net om moai te ferrekken
Us taal is ús rjucht… en tige legaal
Lêst woe in kasjêre gjin Frysk mei my prate
Wylst dat smoarch fanke it hiel goed ferstie
Dêr kaam de baas, dy’t Frysk praten hate:
It wie mar de baas dat ik ‘normaal’ die
[koar:] Doe sei dy baas, dy’t Frysk praten hate
It wie mar de baas dat er ‘normaal’ die
Ik waard poer en gapp’ nei de siken
Hie gjin wiksel, koe net by myn ferstân
De rige woeks oan, die rillegau bliken
En dy woe ha… ik die mar ‘gewoan’
[koar:] Wy grommelen doe: “Wy hawwe gjin wiken!”
En trunen him oan: “Ju, doch no ‘gewoan’!”
‘Normaal’ en ‘gewoan’? Wat sill’ wy no krije?
Wa sil my hjir… myn frijheid beheine?
Frysk prate, blinder! Ik tel no oant trije
Dan bin ik fuort… en silst wol oars weine!
[koar:] Frysk prate, blinder! Wy telle oant trije
Oars binn’ wy fuort… kinst roppe en weine!
De duvel yn ’t koarn en doe yn ’e toer
Winkelman seach syn agoasje ta útkerken
Loek bakseil en joech it mar oer
“Nu, meisje, laten wij maar meewerken!”
[koar:] Ja fanke, hear, jou it mar oer!
Hannel is hannel… of oars nei Dúnkerken
[koar:] Dat freegje ús net dat wy ús ferbrekke
Kom ús net oan ús memmetaal
Sa sizze wy net: “Jim kinne ferrekke!”
Want Frysk is ús rjucht… en net yllegaal
[ikke:] Sa sil ik net sizze: Jim kinne ferrekke!
Us spraak is in rjucht… en wakker legaal
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]